De bairdgril of Bairds gril (Calidris bairdii) is in fûgel yn it skaai grillen (Calidris) út de famylje fan 'e snipfûgels (Scolopacidae). De fûgel is ferneamd nei de 19e-iuwske Amerikaanske biolooch Spencer Fullerton Baird.
Skaaimerken Folwoeksen fûgels binne 14 oant 17 sm lang en ha swarte poarten en in smelle, tinne, donkere snaffel. De boppedielen binne donkerbrún mei ûnregelmjittige swarte plakken, wylst de ûnderkant meast wyt is. De sturt is donker en de stút is swart mei wite rânen. Op 'e kop en it boarst binne donkere streken te sjen op in ljochtbrune oant gielbrune eftergrûn. Der is in wyt kielplak en faak in wyt plak boppe de donkere team. Dat wite plak rint meastentiids oer yn in skiere, ljochte wynbraustreek. Yn it winterkleed binne de boppedielen ljochter griisbrún. Jonge fûgels ha in opfallende ljochtbêzje grûnkleur op 'e kop en it boarst, wylst de boppedielen griisbrún binne mei kontrastearjende wite fearpunten.
Yn it fjild is de soarte lestich te ûnderskieden fan oare lytse Calidris-soarten. Ien fan 'e ûnderskiedende skaaimerken is de lange wjukprojeksje (de ôfstân wermei't de wjukken foarby de sturtpunt stekke as de fûgel op 'e grûn stiet). Fan 'e lytsere Calidris-grillen hat er dat skaaimerk mienskipllik mei de Bonapartegril (C. fuscicollis); de lêste ûnderskiedt him fan 'e bairdgril troch in dúdlikere wite wynbraustreek, in grizer fearrekleed en in folslein wite stút.
Fersprieding De bairdgril briedt op 'e noardlike tûndra fan it uterste easten fan Sibearje oant West-Grienlân. It is in trekfûgel dy't yn Súd-Amearika oerwinteret. Yn Europa is de soarte in seldsume dwaalgast.
Ekology De bairdgril wurdt faak op drûge plakken mei lege fegetaasje sjoen en op strannen en seewierbanken. It nêst is in kûltsje dat fuort op 'e grûn útskrabbe is. De aaien, meastentiids fjouwer yn tal, binne ljocht griisbrún mei donkere, readbrune en ûnregelmjittige plakjes. Beide âlden briede tegearre de aaien út yn 19–22 dagen. Se sykje nei iten op dridzige strannen, dêr't se iten oppikke dat se mei it each lokalisearje. Se libje benammen fan ynsekten en lytse kreefteftigen.
Ofbylden
Status en bedrigings De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. Op basis fan dy kritearia kategorisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern). De wrâldpopulaasje wurdt rûsd op tusken de 1,2 en 1,5 miljoen folwoeksen fûgels (2024).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Gril Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bermuda Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Grienlân Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Jamaika Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska