De Popkensburg wie in kastiel yn it Nederlânske doarp Sint Laurens, yn 'e provinsje Seelân. Fan it kastiel binne gjin resten bewarre bleaun.
Skiednis Nei alle gedachten waard it kastiel yn 'e 13e iuw boud. In melding út 1268 oer in Jan van Popkensburg liket der op te wizen dat der op dat stuit al in fersterke hûs stie.
Famylje Van Borssele Yn 'e 14e iuw wie de Popkensburg yn besit fan 'e famylje Fan Borssele. Claes fan Borssele liet it kastiel yn 1353 fernije. Yn 1401 droegen Claes en syn frou Maria fan Arnemuiden it kastiel oer oan 'e Hollânske greve Albrecht, om it fuortendaliks wer yn lien werom te krijen mei it ûnthjit dat it kastiel in 'iepen hûs' foar de greve wurde soe. De famylje Fan Borssele wie net allinnich eigner fan it kastiel, mar ek fan 'e hearlikheid Popkensburg.
Yn 1426 waard Adriaan fan Borssele de eigner fan it slot. Njonken de Popkensburg besiet hy ek it kastiel yn West-Souburg. Adriaan wenne yn syn lêste jierren yn West-Souburg en stelde in slotbewarder oan foar de Popkensburg.
Yn 1518 ferstoar Anna fan Borssele. Har soan Adolf fan Boergonje erfde de Popkensburg. Hy liet it op syn bar wer nei oan syn soan Maksimiliaan. Nei't Maksimiliaan yn 1558 earm en allinnich ferstoar, waarden it kastiel en de hearlikheid iepenbier ferkocht.
Tachtichjierrige Kriich thumb|left|Kastiel Popkensburg (1743). De nije eigners yn 1558 wiene Arend fan Valckesteijn en Philibert fan Serooskerke. Hja wiene Spaansksinnich en nei't de Tachtichjierrige Kriich útbrutsen wie, krige it kastiel by it belis fan Middelburch (1572-1574) in Spaansk garnizoen. Dat soarge derfoar dat de geuzen it kastiel net ynnimme koene.
Doe't Arend yn 1578 ferstoar, waard Philibert de iennige eigner fan 'e Popkensburg. It kastiel fererfde op syn soan en pakesizzer. Dy lêste ferkocht it kastiel yn 1631 oan Walter Fourmenois; de hearlikheid wie al yn 1612 troch de stêd Middelburch oankocht.
Famylje Boudaen Courten De famylje Fourmenois brûkte sûnt 1653 de Popkensburg as simmerferbliuw. Nei it ferstjerren fan Walters suster Catharina Fourmenois yn 1665 kaam it slot yn hannen fan har man Pieter Boudaen Courten. Yn 1679 kocht Johan Boudaen Courten de hearlikheid werom, sadat sawol it slot as de hearlikheid wer yn it besit fan ien en deselde eigner wie. De famylje bleau kastieleigner oant Anna Sara Boudaen Courten yn 1781 ferstoar en de Popkensburg neiliet oan har man Jacob fan Citters.
Famylje Van Citters Nei it ferstjerren fan Jacob van Citters yn 1792 kaam de Popkensburg by syn soan Jacob Verheye van Citters (1753-1823) telâne. Dy amateur-histoarikus en samler lei in grutte kolleksje printen, tekeningen en topografyske kaarten fan Seelân oan. Dizze kolleksje krige de namme 'Zelandia Illustrata'. Jacob ferstoar yn 1823 en syn soan Laurens erfde de Popkensburg. Yn 1839 ferhierde Laurens de Witte fan Citters it kastiel noch in skoftke oan Willem Cornelis Mary de Jonge fan Ellemeet.
Nei it ferstjerren fan Laurens yn 1862 naam syn soan Jacob de Witte fan Citters it beslút om it kastiel ôf te brekken, nei alle gedachten fanwegen jildkrapte. Nettsjinsteande ferskate protesten waard it kastiel yn 1863 foar de ôfbraak ferkocht en waarden de tunen omfoarme ta greide- en boulân. De kolleksje Zelandia Illustrata waard ferkocht oan it Siuwsk Genoatskip (Zeeuws Genootschap).
De ôfbraak fan 'e Popkensburg hie by in soad minsken kwea bloed set. Der kamen geroften op gong dat elkenien dy't in rol spile hie by de sloop fan it slot, ferflokt wie. Sa ferstoar Jacob de Witte fan Citters yn iensumens, wylst oaren stoaren troch sykte of troch himsels tekoart te dwaan.
Nei de ôfbraak fan it kastiel is der in pleats boud mei de namme Popkensburg.
Beskriuwing It kastiel datearre nei alle gedachten út de 13e iuw en is yn 1353 troch Claes van Borssele fernijd. Yn 1553 binne der ferbouwings útfierd troch Maksimiliaan fan Boergonje. De famylje Citters liet de Popkensburg ein 18e iuw en nochris yn 'e jierren 1841-1842 ferbouwe. thumb|left|It kastiel yn 1696. De Popkensburg bestie út in haadboarch en in foarboarch, dy't beide omfieme wiene troch in slotgrêft. Op 'e rjochthoekige foarboarch stie de foarpoarte dy't tagong joech ta it kompleks. Dizze poarte wie te berikken oer in stiennen brêge mei in houten flapbrêge. Njonken de poarte stiene der ek bedriuwsgebouwen op 'e foarboarch, lykas stâlen en in koetshûs.
Yn 'e foarboarch wie de tagong ta de haadboarch oer in 20 meter lange houten brêge. De yngong hie oan wjerskanten twa rûne tuorren. Yn it rjochthoekige kastiel wie in foar it grutste part folboud binnenplak, mei oan 'e rjochterkant in iepen galerij yn renêssânsestyl.
Om de Popkensburg hinne leine tunen, hôven en bosken. Yn 'e 18e iuw waard yn it park in saneamde grand canal oanlein.
Fan it kastiel is allinnich noch in rest fan 'e slotgrêft bewarre bleaun.
Kategory:Earder bouwurk yn Middelburch Kategory:Bouwurk út de 13e iuw Kategory:Bouwurk sloopt yn 1863 Kategory:Kastiel yn Seelân