De Ra‘iāteafruchtdo of Ra‘iāteajufferdo (wittenskiplike namme: Ptilinopus chrysogaster) is in fûgel út it skift fan 'e do-eftigen (Columbiformes), de famylje fan 'e dofûgels (Columbidae) en it skaai fan 'e fruchtdowen of jufferdowen (Ptilinopus). Dit bist is endemysk op 'e Underwynske groep fan 'e Genoatskipseilannen yn Frânsk-Polyneezje. De Ra‘iāteafruchtdo wurdt (anno 2026) noch net sa lang as in selsstannige soarte erkend. It is in herbivoare bewenner fan it tropysk reinwâld, dy't frijwol folslein arboreaal libbet. De IUCN klassifisearret dizze fûgel as bedrige.

Taksonomy De Ra‘iāteafruchtdo waard yn 1854 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Ingelske soölooch George Robert Gray. Nettsjinsteande dat wie de fûgel blykber al tritich jier earder ûntdutsen troch de Frânske soölooch René Primevère Lesson, doe't dy meireizge oan board fan it ekspedysjeskip La Coquille.

De fûgel waard lang beskôge as in ûndersoarte fan 'e Tahitiaanske fruchtdo (Ptilinopus purpuratus), dy't foarkomt op 'e Boppewynske Eilannen fan Frânsk-Polyneezje. De oarspronklike wittenskiplike namme wie sadwaande Ptilinopus purpuratus chrysogaster. Yn 2021 waard de Ra‘iāteafruchtdo lykwols troch de Ynternasjonale Uny fan Ornitologen (IOU) as in selsstannige soarte erkend.

Fersprieding De Ra‘iāteafruchtdo libbet op isolearre eilannen yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan. De fûgel is endemysk op 'e Underwynske Eilannen, dy't rûchwei de westlike helte foarmje fan 'e Genoatskipseilannen fan Frânsk-Polyneezje. Spesifyk komt de Ra‘iāteafruchtdo foar op 'e eilannen Huahine, Ra‘iātea (dêr't er nei ferneamd is), Taha‘a en Bora Bora. Yn it ferline kaam dizze fûgel ek foar op it eilân Maupiti, mar dêr liket er no útstoarn te wêzen.

Uterlike skaaimerken De Ra‘iāteafruchtdo hat trochinoar in totale lichemslingte fan 20–23 sm, mei in gewicht fan 90–120 g. It is in lytse fruchtdo mei in koarte sturt. It fearrekleed is op 'e rêch, wjukken en sturt grien, en op 'e bealch en it gat giel. It meastepart fan 'e kop en teffens de nekke, de hals, it boarst en de siden ûnder de wjukken binne ljochtgriis oant sulverkleurich. De Ra‘iāteafruchtdo hat in ljochtpearze oant rôze krún. De úteinen fan 'e sturtfearren binne wyt.

Biotoop Ra‘iāteafruchtdowen bewenje subtropyske en tropyske reinwâlden yn it leechlân fan 'e eilannen dy't ta har ferspriedingsgebiet hearre. Se komme foar oant op in hichte fan 450 m boppe seenivo

Hâlden en dragen Oars as guon besibbe soarten, lykas de Makateafruchtdo (Ptilinopus chalcurus), libbet de Ra‘iāteafruchtdo in suver folslein arboreaal bestean en ferlit er mar komselden de beammen. It dieet bestiet foar it meastepart út fruchten lykas gûaves en figen. Der wurdt ien inkeld aai lein yn in rynkrank nêst dat makke is fan twiichjes en tûkjes. De doffert helpt by it brieden. De briedtiid duorret omtrint 2–21/2 wike. De piken binne nêstbliuwers, dy't keal en helpleas út it aai komme en de earste 2–3 wiken foar harren oerlibjen folslein ôfhinklik binne fan fersoarging troch de âlden.

Status De Ra‘iāteafruchtdo hat de IUCN-status fan "bedrige", mei't er te lijen hat ûnder oanhâldende habitatferneatiging troch de útwreiding fan minsklike aktiviteiten yn syn ferspriedingsgebiet. In oare bedriging foar it oerlibjen fan dizze soarte wurdt foarme troch de yntroduksje fan eksoatyske planten dy't lânseigen planten ferkringe dêr't er foar syn iten fan ôfhinklik is. Ek predaasje troch ynvasive eksoaten spilet yn dit ramt in negative rol. Foarbylden fan sokke eksoatyske rôvers binne de Pasifyske brune hoanskrobber (Circus approximans), de Polynezyske rôt (Rattus exulans), de swarte rôt (Rattus rattus) en ferwyldere katten. De hiele wrâldpopulaasje fan 'e Ra‘iāteafruchtdo bestiet neffens in skatting troch BirdLife International út 2018 út 1.000–2.500 folwoeksen yndividuën.

Undersoarten De Ra‘iāteafruchtdo wurdt beskôge as in monotypyske soarte, wat sizze wol dat der gjin ûndersoarten erkend wurde.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Fruchtdo Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Polyneezje Kategory:Bedrige fûgel