De wylgegoars (Emberiza aureola) is in sjongfûgel út de famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae). It is in seldsume briedfûgel yn noardeastlik Jeropa en fierder djip yn Aazje. It is in trekfûgel dy’t oerwinteret yn Súdeast-Aazje en in dwaalgast yn West-Jeropa.

Skaaimerken thumb|left|Emberiza aureola Naumann De fûgel is 14 oant 15,5 sm lang, dus like grut as in reidmosk mar mei in langere snaffel. In folwoeksen mantsje hat in swart gesicht en in kastanjebrune krún, rêch en boppestút. De ûnderkant is heldergiel mei in brune bân oer it boarst. It mantsje hat in opfallend wyt plak op 'e dekfearren fan 'e wjukken en de twa bûtenste sturtfearren binne wyt.

Wyfkes ha ek in opfallend uterlik mar binne wat bleker. In readbrune boarstbân oer de fealgiele búk ûntbrekt. De ljochtere kop hat in opfallend koppatroan mei in ljochte wynbraustreek. Oer de wjuk rinne twa ljochte streken.

Juvenilen ha in soad fan it wyfke, mar ha in finer streke boarst en siden. De ûnderkant is ek wat bruner.

Fersprieding en leefgebiet De wylgegoars briedt yn Noardeast-Jeropa en Noard-Aazje, fral yn Sibearje oant de Stille Oseaan. It is in trekfûgel dy't oer lange ôfstannen migrearret nei Súdeast-Aazje, Yndia en it suden fan Sina. De meast westlike briedpopulaasje lei foarhinne yn Finlân, dêr't de fûgel sporadysk waarnommen waard yn tichtbegroeide strewellen by wetter. In bekend briedplak wie de Liminka-baai súdlik fan Oulu, dêr't de fûgel yn koloanjes foarkaam. Sûnt 2019 wurdt de fûgel as Finske briedfûgel as útstoarn beskôge.

De soarte telt twa ûndersoarten:

Emberiza aureola aureola: fan eastlik Jeropa oant eastlik Sibearje en súdlik oant Kazachstan en sintraal Mongoalje. Emberiza aureola ornata: fan súdlik-sintraal Sibearje en noardeastlik Mongoalje oant súdeastlik Sibearje, Japan en noardeastlik Sina.

De fûgel briedt yn iepen bosken mei strewellen, op sompich terrein en greiden mei beammen en strûken, benammen wylgen en bjirken, tichteby wetter. Winterdeis komt dizze goars yn grutte groepen foar dy't foerazjearje op kultuerlân lykas rysfjilden en reitfjilden.

Hâlden en dragen It iten bestiet út plantaardich materiaal, lykas sied, mar ek út ynsekten en larven.

Status Noch net lang lyn kaam de wylgegoars in soad foar, mar de soarte is yn it hiele ferspriedingsgebiet rap yn oantallen ôfnaam. Tusken 1980 en 2013, yn goed 30 jier, is de populaasje neffens rûzingen mei 84,3–94,7% tebek rûn. De Jeropeeske populaasje waard yn 2004 op 20.000 oant 100.000 briedpearkes rûsd. Yn 2015 waard oannommen dat der noch mar 120 oant 600 folwoeksen fûgels fan oer wiene. It ferspriedingsgebiet fan 'e fûgel is mei tûzenen kilometers nei it easten ta krompen. Sûnt 2019 wurdt de Finske populaasje as útstoarn beskôge. De IUCN klassifsiearret de soarte sûnt 2013 as bedrige en sûnt 2017 as krityk bedrige.

De wichtichste reden foar de ôfname is de grutte jacht op 'e fûgel yn 'e oerwinteringsgebieten. De fûgels dy't yn 'e reitfjilden rêste, wurde mei netten fongen en dêrnei sean en ferkocht as mosken of rysfûgels. Neffens rûzingen waarden sûnt 1992 hûnderttûzenenen fûgels fongen foar it Sanshui-ytfestival yn Súd-Sina. Dy hannel waard yn 1997 ferbean, mar der is noch jimmeroan in swarte merk. Ek yn oare Aziatyske lannen lykas Kambodja en Nepal wurdt de fûgel as in delikatesse beskôge en ferkocht oan restaurants. Yn Sina wurde tûzenen mantsjes as maskottes holden, om't se dêr tinke dat de fûgel lok bringt. De ferneatiging fan habitat yn briedgebieten en oerwinteringsgebieten makket de sitewaasje noch slimmer. In oare bedriging foarmet it brûken fan pestisiden yn 'e lânbou.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Goars Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam