De Alpenkrie (Pyrrhocorax pyrrhocorax) is in sjongfûgel út de famylje fan 'e kriefûgels (Corvidae).
Skaaimerken De 37 oant 41 sm lange fûgel hat swartblauwe fearren, reade poaten en in bûge, reade snaffel. De spanwiidte is 68 oant 80 sm en de wjukken binne frij stomp en djip fingere. Se hawwe in frij koarte, rjocht ôfsniene sturt.
Juvenilen ha in koartere brúngiele snaffel en in doffere swart fearrekleed. De poaten binne faak skier read.
De Alpenkrie ûnderskiedt him fan 'e besibbe Alpenka troch de langere reade snaffel (by juvenilen koarter en bêzje-oranje) en yn 'e flecht troch seis (yn stee fan fiif) djip fingere slachpinnen. Syn sturt is breder en koarter. De punt fan 'e wjuk komt oant de sturt, wylst dy by de Alpenka dúdlik útstekt.
Ferskillen Alpenkrie / Alpenka
Fersprieding en systematyk De Alpenkrie komt it hiele jier foar yn Noard-Afrika, West-, Sintraal- en East-Aazje en Europa, benammen yn Spanje, Portegal, Súd-Frankryk, Súd-Itaalje, Grikelân, Normandje, Ierlân en it súdwesten fan Grut-Brittanje. Dizze fûgel libbet yn berchtmes en oan rotskusten of by stienôfgravingen.
Der wurde acht ûndersoarten ûnderskieden:
Pyrrhocorax pyrrhocorax pyrrhocorax: de Britske Eilannen. Pyrrhocorax pyrrhocorax erythroramphos: fan it Ibearysk Skiereilân oant Switserlân en Sintraal-Itaalje. Pyrrhocorax pyrrhocorax barbarus: noardwestlik Afrika en de Kanaryske Eilannen. Pyrrhocorax pyrrhocorax docilis: fan súdeastlik Europa oant Afganistan en Pakistan. Pyrrhocorax pyrrhocorax centralis: Sintraal-Aazje. Pyrrhocorax pyrrhocorax himalayanus: de Himalaya, noardlik Yndia en westlik Sina. Pyrrhocorax pyrrhocorax brachypus: noardeastlik en eastlik Sina. Pyrrhocorax pyrrhocorax baileyi: noardlik en sintraal Etioopje.
De Alpenkrie (Pyrrhocorax pyrrhocorax) waard foar it earst beskreaun troch Carl Linnaeus yn syn tsiende edysje fan "Systema Naturae" yn 1758 as Upupa pyrrhocorax. De soarte waard yn 1771 troch Marmaduke Tunstall yn syn "Ornithologia Britannica" nei it hjoeddeiske skaai, Pyrrhocorax, ferpleatst. De skaainamme is ôflaat fan it Grykske pyrrhos ("mei in kleur as fjoer") en korax ("raven"). It ienige oare lid fan dit skaai is de Alpenka (Pyrrhocorax graculus); der binne hybriden tusken de Alpenkrie en de Alpenka bekend.
Tradisjoneel waard tocht dat de krieën (Corvus) en de kaen (Coloeus) de neiste sibben fan 'e berchkrieën wiene, mar resintere genetyske stúdzjes hawwe suggerearre dat de berchkrieën basaal binne oan in groep Aziatyske ekstersoarten (Crypsirina, Dendrocitta, Platysmurus, Temnurus), of, neffens it meast resinte ûndersyk, sels basaal binne oan 'e hiele famylje fan 'e kriefûgels (Corvidae).
Hâlden en dragen thumb|left|Alpenkrie yn 'e flecht. De Alpenkrie is in net skouwe fûgel en maklik benei te kommen. Bûten briedtiid is de fûgel sosjaal ehn faak yn groepen te sjen. Se nêstelje by brek oan geskikte briedplakken ek yn koloanjes, somtiden tegearre mei de Alpenka. De briedgebieten fan 'e Alpenkrie binne de steile wanden yn berchtmes of steile rotskusten. It nêst wurdt op in rotsrâne of yn in nissen fan ruïnes of gebouwen boud. It lechsel bestiet út 3 oant 5 aaien.
De soarte siket it iten op 'e grûn. It dieet bestiet út wringeleaze dieren en beien. Lykas de oare soarte yn it skaai is de Alpenkrie in akrobatyske fleander. Mei grut gemak makket de alpenkrie rolbewegingen en dûzeljende dûkflechten; hy kin ek hookstrooks in folslein oare kant op fleane.
Status De grutte fan 'e populaasje waard yn 2021 rûsd op 0,85 oant 1,97 miljoen folwoeksen fûgels. Op 'e Reade List fan 'e IUCN hat dizze soarte de status net bedrige.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Berchkrie Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn de Kanaryske Eilannen