De heawylp (Limosa lapponica) is in fûgel út de famylje fan 'e snipfûgels (Scolopacidae) fan it skift fan 'e wilstereftigen (Charadriiformes).

Skaaimerken De heawylp liket op 'e skries (Limosa limosa) en hat lykas de skries in tige lange snaffel. It ferskil mei de skries is dat de snaffel oan 'e ein swak nei boppe bûget, donker en wat koarter is. De heawylp hat ek koartere poaten en gjin wite wjukbannen. Folwoeksen fûgels ha donkere poaten en de sturt is bandearre. Simmerdeis binne de nekke, it boarst en de búk effen brúnread; wylst de skries op 'e búk en flanken dêr in bûnter patroan hat. Lykas by de wylp rint it wyt fan 'e stút fierder kylfoarmich troch oer de rêch. Nijsgjirrich is dat mantsjes lytser binne as wyfkes, in wat koartere snaffel hawwe en simmerdeis oant yn 'e punt fan harren sturt readbrún binne. Wyfkes binne yn kleur bleker as mantsjes. De heawylp is 33–41 sintimeter lang en hat in wjukspanne fan 62 oant 72 sm.

Ferskil briedkleed heawylp mei skries.

Winterdeis is de heawylp boppe griisbrún mei in donker strekepatroan. De ûnderkant is mear wyteftich, sûnder bêzje en oranje tinten mei wat skiere streken op 'e siden.

Jonge fûgels lykje op harren âlden yn 'e winter, mar se binne wat donkerder fan boppe mei gielbrune rânen oan 'e skouderfearren en de earmtakkepinnen.

Fersprieding en systematyk De heawylp briedt yn it hege noarden fan it noarden fan Skandinaavje oer Sibearje oant Alaska. It it in trekfûgel dy't winterdeis nei waarmere gebieten migrearret lykas de Waadsee en fierder nei it suden nei Afrika.

Nederlân thumb|250px|Fûgel yn winterkleed. Heawylpen komme it hiele jier yn Nederlân foar, mei in pyk as se trekke yn augustus en septimber en as se yn maaie weromkomme. Dan rinne de oantallen op oant wol 180.000 fûgels. Winterdeis binne de oantallen leger en ôfhinklik fan it waar. It bolwurk fan 'e heawylp yn Nederlân is it Waadgebiet. Se oerwinterje ek yn 'e Siuwske delta, mar yn minder grutte oantallen. Ynlânsk komt de soarte folle minder foar.

Der binne twa ferskillende ûndersoarten dy't yn Nederlân te sjen binne. De Sibearyske ûndersoarte taymyrensis trekt oer Nederlân fierder nei it suden, wylst de Skandinavyske ûndersoarte lapponica de winter hjir bliuwt.

Der wurde fiif ûndersoarten ûnderskieden mei de folgjende fersprieding: Limosa lapponica lapponica – briedt fan noardlik Skandinaavje eastlik oant noardwestlik Ruslân; oerwinteret oan 'e Noardsee, it westlike Ibearysk Skiereilân, noardwestlik Afrika oant de westlike kust fan Súd-Afrika. Limosa lapponica yamalensis (Bom et al., 2021) – briedt op it noardlik West-Sibearysk Leechlân, ynklusyf it Jamal-skiereilân en de legere Obdelling; it oerwinteringsgebiet is min bekend mar tocht wurdt oan it gebiet tusken Oman en Yndia en nei alle gedachten de eastlike kust fan Afrika, mooglik súdlik oant Súd-Afrika ta. Limosa lapponica taymyrensis (Engelmoer & Roselar, 1998) – briedt yn noard-sintraal Sibearje, rûchwei fan 'e legere Jenisej-delling eastlik oant de legere Anabardelling; tocht wurdt dat de fûgel benammen oerwinteret oan 'e kusten fan westlik Afrika. Limosa lapponica menzbieri (Portenko, 1936) – briedt yn noardlik Sibearje; oerwinteret fan Súdeast-Aazje oant de kust fan Austraalje ynklusyf Tasmaanje. Limosa lapponica baueri (Naumann, 1836) – briedt yn noardeastlik Sibearje en westlik Alaska; oerwinteret yn Australaazje.

Migraasje thumb|left|Migrearjende fûgels. De heawylp is ien fan 'e fûgelsoarten dy't de langste non-stop flecht makket mei fûgels dy't flechten fan wol 11.000 kilometer makke hawwe. De fûgels fan Alaska fleane bygelyks oant Nij-Seelân ta, in reis dy't oant tsien dagen duorje kin. Yn oktober 2022 waard in nij rekord metten mei in non-stop flecht fan Alaska nei Tasmaanje, in ôfstân fan 13.560 km, de flecht duorre alve dagen.

Ekology Iten De heawylp yt benammen ynvertebraten lykas ynsekten, weakdieren, kreefteftigen en wjirms. Hy kin út en troch ek lytse fiskjes en plantemateriaal ite. It haaddieet bestiet út seeboarstelwjirms, benammen út 'e famylje Nereididae, lykas Alitta virens en Alitta succinea, tegearre mei soarten sânwjirms lykas Arenicola marina en Scoloplos armiger.

Mei oare waadfûgels siket er yn mingde kloften op waard- en sânstrannen en yn wiete gebieten nei iten, meast oerdei mar ek by ljochtmoannewaar. Dêrby brûkt er syn lange snaffel troch yn 'e grûn te stekken wylst er de kop fan kan nei kant beweecht. Mei help fan bepaalde senuwreseptoren yn syn snaffel kin er lytse feroaringen yn druk yn 'e modder waarnimme en sa syn proai fine. Wyfkes hawwe de oanstriid om yn wat djipper wetter te foerazjearjen om't se langere snaffels hawwe.

Habitat en hâlden en dragen thumb|left|Briedende fûgel. De heawylp briedt op 'e tûndra yn sompen en fean. Yn it briedseizoen is er territoriaal en ferdigenet er aktyf it gebiet om it nêst hinne. Beide âlden, mar foaral it mantsje, brûke loftakrobatyk en warskôgingsroppen om rôfdieren lykas skraitsfûgels by it nêst wei te lokken. Soms wurkje ferskate folwoeksen fûgels gear om rôfdieren te ferdriuwen.

Op 'e trek en yn wintergebieten foarmet er sosjale kloften fan beide skaaien. Ek hat er dan oanstriid om him mei oare soarten waadfûgels lykas stienpikkers, mientsen, lytse grillen en strânljippen te groepearjen en se kinne dan kloften fan tûzenen fûgels foarmje dy't har dan ferspriede as se oankomme by de winterferbliuwen. Jonge fûgels dy't noch net briede kinne ek yn 'e briedtiid kloften foarmje en hâlde har op ôfstân fan briedende folwoeksen fûgels.

Brieden Heawylp begjinne mei brieden as se twa jier binne en de briedtiid begjint meast mids maaie en duorret oant ein july. As de fûgel yn it briedgebiet oankomt wurde der pearen foarme, wêrby't mantjes in ritueel útfiere dat út in rige seremoaniële flechten bestiet om de oandacht fan wyfkes te lûken.

It nêst leit op in water heger en drûch plak tusken lege begroeiïng yn in wiet gebiet by lytse rivierkes, dobben, ûndjippe lagunes of ûnderstrûpt lân. Wylst it wyfke tafersjoch hâld boud it mantsje it nêst, dat in lyts, 3 oant 4 sm djip gat yn 'e grûn is en beklaaid wurdt mei moas en lichenes. thumb|left|Aai. De aaien wurde yn 'e regel healwei juny lein. It nêst bestiet meastentiids út fjouwer aaien en yn guon gefallen twa of trije. De ovale aaien binne ljocht glânsgjend oliifgrien of brúngrien mei fariabele donkerbrune oant ljochtgrize plakjes fral by de bredere poal fan it aai. Beide âlden nimme diel oan it brieden, alhoewol't it mantsje it grutste part fan 'e tiid op 'e aaien sit. De aaien komme nei 20-21 dagen út. De piken wurde mei dûns berne en de earste pear dagen troch beide âlden fuorre en beskerme. In pear dagen nei it útkommen meitsje de wyfkes harren op om te migrearjen nei de wintergebieten, wylst de mantsjes noch 30 dagen foar de piken soargje oant dy ek fleane kinne.

De heawylp kin likernôch tritich jier âld wurde. Yn augustus 2004 waard yn Cambridgeshire in heawylp fongen dy't yn 'e selde moanne yn it jier 1974 yn Suffolkl ringe wie. Dat is mei in âldens fan 33 jier en 11 moanne de âldste bekende heawylp fan 'e wrâld.

Status Heawylpen ha in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje, mar de eastlike populaasjes nimme bot yn oantallen ôf. Nei alle gedachten hat dat te krijen mei habitatferlies op wichtige rêstplakken oan 'e Giele See en yn it oerwinteringsgebiet. Ek de jacht en fersteuring kinne in rol spylje. Yn 'e takomst kin klimaatferoaring in rol spylje. Dêrfandinne klassifisearret de IUCN de soarte sûnt 2015 as gefoelich (Near Threatened). De wrâldpopulaasje waard yn 2024 rûsd op 770.000 oant 880.000 folwoeksen fûgels.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Skries Kategory:Greidefûgel Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kaapverdje Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Krysteilân Kategory:Lânseigen fauna yn de Komoaren Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Fidzjy Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Gûam Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Madagaskar Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn de Maldiven Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Malta Kategory:Lânseigen fauna yn de Marshalleilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mauritsius Kategory:Lânseigen fauna yn Majot Kategory:Lânseigen fauna yn Mikroneezje (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Naurû Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Kaledoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Seelân Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardlike Marianen Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palau Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä