De Hudsonskries (Limosa haemastica) is in wilstereftige fûgel yn 'e famylje fan 'e snipfûgels (Scolopacidae). De namme ferwiist nei de Hudsonbaai, dêr't it eksimplaar weikaam dêr't de wittenskiplike beskriuwing op basearre waard.

Skaaimerken Yn alle kleden hat er lange, donkere poaten, in dúdlike wite eachstreek en in lange, swak nei boppe bûge snaffel dy't oan de ein donker is. Yn 'e flecht binne de wite wjukbannen, de swarte oksels en de donkere ûnderwjukdekfearren te sjen. De fûgel hat in wite stút, in swarte sturt en in puntige wjuk. De skaaien binne gelyk, al hawwe de wyfkes – krekt lykas by oare skriezen – in langere snaffel as de mantsjes en binne se wat grutter. thumb|left|Winterkleed. De folwoeksen fûgel is tusken de 37 en 42 sintimeter lang en weaget likernôch 300 gram. Yn it briedkleed, dat er yn april begjint te krijen, hat er in donkerbrún, weagjend patroan op 'e boppekant, in readbrún boarst en ûnderkant, grize boppewjukdekfearren, in ljochtgrize nekke en wang, in brúne eachstreek en in brúne krún. De snaffel is rôze-oranje. Yn it winterkleed (tusken oktober en maart) is it measte fan it fearrekleed griis en is de snaffel rôze.

De jonge fûgel is griis en bêzjekleurich en ljochter as de folwoeksen fûgels yn it winterkleed. Hy hat ek in dúdlike wite eachstreek.

De Hudsonskries is in soarte fan tuskenfoarm fan 'e skries en de heawylp. It grutste ferskil is de swarte oksels fan 'e Hudsonskries. Wat grutte en foarm oanbelanget liket er op 'e heawylp, mar hy hat in dúdliker nei boppe bûge snaffel en langere poaten. Yn it fearrekleed liket er mear op 'e skries troch de wite wjukbân, de wite stút en de swarte sturt.

Fersprieding, biotoop en brieden De Hudsonskries briedt tichteby de beamgrins yn it noardwesten fan Kanada en Alaska en op de strannen by de Hudsonbaai. Se bouwe it nêst fuort op 'e grûn, goed ferburgen yn sompige gebieten. It wyfke leit trochstrings fjouwer aaien. Nei it útkommen soargje beide âlden foar de jongen, dy't nei likernôch in moanne harren eigen iten sykje kinne en fleane.

De Hudsonskries is in trekfûgel dy't oerwinteret yn Súd-Amearika (Brazylje, Paraguay, Oerûguay, Argentynje, Perû en Sily). Foar de trek sammelje se har yn grutte kloften by de Jamesbaai yn Kanada. By geunstich waar fleane in soad fûgels de hiele ôfstân non-stop.

Foarkommen bûten Amearika Yn Jeropa is de Hudsonskries in pear kear waarnommen yn Grut-Brittanje (foar it earst yn 1981) en ien kear yn Denemark (1986) en twa kear yn Sweden sjoen. De Hudsonskries is ek waarnommen yn bygelyks Súd-Austraalje, Súd-Afrika, op Hawaï, de Galápagoseilannen en Nij-Seelân.

Iten Dizze fûgels sykje harren iten troch de boaiem fan ûndjip wetter ôf te sykjen. Se ite benammen ynsekten en lytse kreefteftigen.

Status en bedrigingen De Hudsonskries is in relatyf seldsume soarte mei in beheind ferspriedingsgebiet. Resinte stúdzjes litte sjen dat de populaasje bot ôfnimt, sa bot dat de IUCN de soarte sûnt 2024 as bedrige beskôget yn 'e kategory kwetsber (VU). De oarsaak fan 'e delgong is net alhiel dúdlik, mar nei alle gedachten spylje habitatferlies op rêst- en oerwinteringsplakken en de gefolgen fan klimaatferoaring in rol. De wrâldpopulaasje wurdt tusken de 41.000 en 70.000 folwoeksen yndividuen rûsd.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Skries Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Greidefûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn Anguilla Kategory:Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Arûba Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bermuda Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Bonêre Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Eustasius Kategory:Lânseigen fauna yn Saba Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Kurasau Kategory:Lânseigen fauna yn Dominika Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Grenada Kategory:Lânseigen fauna yn Gûadelûp Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Martinyk Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Montserrat Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Lusia Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Marten Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Hudsonbaai