August Willem van Voorden (Rotterdam, 25 novimber 1881 – dêre, 2 oktober 1921) wie in Nederlânsk skilder. Hy makke in soad wurk mei it stedslibben yn Rotterdam as tema.

Libben en wurk Van Voorden wie de soan fan in ferver, dy't him de basiskennis fan ferve en skilderjen bybrocht. Hy studearre fan 1893 oant 1897 oan de Rotterdamske Keunstakademy en letter by Alexander van Maasdijk (1856-1931) en Jan de Jong (1864-1901). Hy wenne en wurke hast syn hiele libben yn Rotterdam, dêr't er syn atelier hie yn in filla op it terrein fan de oarspronklike bûtenpleats Woudensteijn. Allinnich yn 1908 wie er in skoftke yn Kortenhoef en fan 1912 oant 1913 wenne er yn Nieuw-Loosdrecht.

Van Voorden wie ynearsten dekoraasjeskilder mar fan 1903 ôf keas er definityf foar it keunstskilderjen. Hy wurke sawol yn oalje as yn wetterferve. As ûnderwerp keas er faak foar it strjitlibben yn Rotterdam, mei tsjinstfamkes, fuormannen en karrehynders. Dêrby is dúdlik de ynfloed fan George Hendrik Breitner te fernimmen, de Rotterdamske ympresjonist dy't wurke yn Parys en Amsterdam. Hy waard dêrom ek wol 'de Breitner fan Rotterdam' neamd.

Van Voorden makke ek in soad steds- en havengesichten, mei grutte heiwurken dy't doe yn de him útwreidzjende stêd oeral te sjen wiene. Hy wurke yn in krêftige ympresjonistyske toets, wêrby't de heldere kleuren in fyn tsjinwicht foarmje foar de Hollânske grize atmosfear. Dêrneist skildere er lânskippen, ûnder oare yn de buert fan Kortenhoef en Laren, dêr't er wurke mei skilders fan de Haachske Skoalle. Ek makke er ek portretten, neakten en blomstillibbens.

Van Voorden troude yn 1909 mei Geertje van den Broeck, dy't er yn Koartehoef kennen leard hie, en mei wa't er twa bern krige. Hy wie lid fan Arti et Amicitiae en waard ûnderskieden mei sulveren medaljes by in ynternasjonale tentoanstelling yn Barcelona (1908) en yn Amsterdam (1912). Yn 1921 ferstoar er, noch gjin fjirtich jier âld. Ferskate fan syn wurken binne te sjen it Museum Boijmans Van Beuningen en it Stedhûs fan Rotterdam.

Galery

Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Persoan berne yn 1881 Kategory:Persoan stoarn yn 1921