De Amerikaanske wetterwylp (Numenius hudsonicus) is in wylp dy't briedt yn Noard-Amearika. Hy wurdt tradisjoneel behannele as ûndersoarte fan 'e (Jeropeeske) wetterwylp (Numenius phaeopus), mar is resint, nei genetysk ûndersyk, as in aparte soarte ôfspjalte.
Skaaimerken De fûgel is 37–47 sm lang, hat in wjukspanwiidte fan 75–90 sm en weaget tusken de 270 en 493 gram. De soarte is foaral griiseftich brún, mei in stút dy't deselde kleur hat as de boppekant fan it lichem en in lange bûge snaffel (it langst by it folwoeksen wyfke).
Fersprieding en systematyk De Amerikaanske wetterwylp briedt yn Alaska en Kanada. De fûgel wurdt ferdield yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:
Numenius hudsonicus rufiventris – Alaska en noardwestlik Kanada Numenius hudsonicus hudsonicus – it gebiet om de Hudsonbaai hinne oant noardeastlik Kanada
De soarte wurdt tafallich yn Jeropa waarnommen, mei in 50-tal fynsten op de Azoaren, mar ek yn Grut-Brittanje, Ierlân, Madeara, Noarwegen, Yslân en Spanje.
Tradisjoneel wurdt de Amerikaanske wetterwylp as in ûndersoarte fan 'e reinwylp beskôge, mar hy wykt uterlik en ek genetysk ôf. Dêrom wurdt er hieltyd faker as in selsstannige soarte behannele.
Ekology Dizze soarte siket syn iten troch yn sêfte modder te sykjen nei lytse wringeleazen en troch lytse krabben en soartgelikense proaien fan it oerflak te pikken. Foar de trek wurde beien in wichtich ûnderdiel fan harren dieet.
It nêst is in keal kûltsje op 'e tûndra of it Arktysk heidefjild. Der wurde trije oant fiif aaien lein. Folwoeksen fûgels ferdigenje it briedgebiet tige fûl en sille sels minsken oanfalle as dy tichteby komme.
Tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw easke de jacht op harren trekrûtes in swiere tol fan it tal fan dizze fûgels; de populaasje is sûnt dy tiid wersteld, hoewol't se yn Noard-Amearika noch hieltyd klassifisearre wurde as soarte dy't grutte soarch nedich hat op it mêd fan natoerbeskerming.
Status en bedrigings De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) erkent de fûgel noch net as in eigen soarte, dêrom is de bedrigingsstatus noch net beoardiele.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wylp Kategory:Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Arûba Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Bonêre Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Eustasius Kategory:Lânseigen fauna yn Saba Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Kurasau Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Jamaika Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Marten Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska