De wylpen (Numenius) foarmje in skaai fan fûgels yn 'e famylje fan 'e snipfûgels (Scolopacidae). It skaai bestiet út in tal grutte oant middelgrutte steltrinners dy't bekend steane om harren tige lange, nei ûnderen bûge snaffels.
Beskriuwing Wylpen hawwe oer it generaal in brún, spikkelich fearrekleed, wat de fûgels in goede skutkleur jout yn harren briedgebieten (faak tûndra's of feangebieten). De opfallendste eigenskip is de lange snaffel, dy't brûkt wurdt om djipper yn it slyk of grûn nei wringeleazen te sykjen. De fûgels ite ek krabben en oare skaaldieren.
De ferskate soarten wylpen ferskille benammen yn grutte en yn 'e lingte en kromming fan 'e snaffel. Guon soarten binne trekfûgels dy't grutte ôfstannen ôflizze tusken harren briedgebieten op it noardlik healrûn en de oerwinteringsgebieten yn 'e tropen of op it súdlik healrûn.
Taksonomy It skaai Numenius bestiet út in oantal bekende soarten, lykas de grutte wylp (Numenius arquata) en de wetterwylp (Numenius phaeopus). Hast alle soarten ha te meitsjen mei delgong en guon binne al útstoarn of steane op 'e râne fan útstjerren.
Soarten Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Briedgebiet Status 120pxAlaskawylp Numenius tahitiensis Alaska 200px Numenius tahitiensis op BirdLife 120pxAmerikaanske wetterwylp Numenius hudsonicus Noard-Amearika net beoardieleNumenius hudsonicus op Birds of the World 120pxdwerchwylp Numenius minutus Sibearje 200pxNumenius minutus op BirdLife 120pxEskimowylp Numenius borealis Noard-Kanada en Alaska 200pxNumenius borealis op BirdLife 120px langsnaffelwylp Numenius americanus Noard-Amearika 200px Numenius americanus op BirdLife 120px † lytse wylp Numenius tenuirostris Sibearje en Kazachstan 200pxNumenius tenuirostris op BirdLife 120pxSibearyske wylp Numenius madagascariensis Sibearje en Mongoalje 200pxNumenius madagascariensis op BirdLife 120pxwetterwylp Numenius phaeopus Noarden fan Euraazje en Noard-Amearika 200pxNumenius phaeopus op BirdLife 120px wylp Numenius arquata Euraazje 200pxNumenius arquata op BirdLife
Kategory:Fûgelskaai Kategory:Snipfûgel