It bartramgriltsje of Bartrams griltsje (Bartramia longicauda) is in grutte Noard-Amerikaanske steltrinner binnen de famylje fan 'e snipfûgels (Scolopacidae). De soarte is nau besibbe oan 'e wylpen yn it skaai Numenius en wurdt as iennige soarte yn syn eigen skaai Bartramia pleatst.
Skaaimerken In folwoeksen fûgel mjit tusken de 28 en 32 sintimeter en hat in wjukspanwiidte fan 50–55 sintimeter. De fûgel hat lange giele poaten, in lange hals en in lange sturt. De kop en de hals binne ljocht mei brune streken en de eachring is wyt. De rêch en de boppekant fan 'e wjukken binne donker en brún spikkele en de búk is wyt. De fûgel hat gjin dúdlik winterkleed.
Fersprieding It bartramgriltsje is in lange-ôfstânstrekker dy't briedt yn sintraal Noard-Amearika en Alaska en oerwinteret yn Súd-Amearika. It is in seldsume gast yn West-Jeropa, mei in 50-tal waarnimmings yn Grut-Brittanje. De fûgel is ek sjoen yn Skandinaavje (útsein Yslân), yn Ierlân, Spanje, Frankryk, Portugal, Itaalje en Grikelân.
Ekology It bartramgriltsje komt foar op iepen greidlân en fjild, en wurdt faak op stekken of tillefoanpeallen sjoen. Soms is de fûgel te finen yn lytse, losse kloften. Hy siket foaral iten op it each; it dieet bestiet út ynsekten, slakken, wjirms en oare lytse wringeleaze dieren. Wat minder yt er ek sied.
Brieden thumb|left|Nêst. De briedtiid falt tusken de iere en lette simmer. It nêst wurdt op 'e grûn boud yn ticht gers. It wyfke leit fjouwer aaien en de jongen wurde troch beide âlden fersoarge. Se kinne ôfliedingsmaneuvers útfiere om rôfdieren by it nêst en de piken wei te lokjen.
Status en bedrigings De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje en der wurdt sels tocht dat it tal fûgels tanimt. Dêrfandinne kategorisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern).
Namme De wittenskiplike skaainamme Bartramia is ôflaat fan 'e Amerikaanske biolooch William Bartram.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Bartramgriltsje Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Dominika Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Gûadelûp Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Montserrat Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska