Johann Philipp Achilles Leisler (1 augustus 1771 of 1772 – 8 desimber 1813) wie in Dútske dokter (Obermedizinalrath) en natuerûndersiker.

Libben en wurk Hy waard bekend troch de foltôging fan de Naturgeschichte Deutschlands ('de natuerlike histoarje fan Dútslân') fan de natuerûndersiker en fûgelkundige Johann Matthäus Bechstein. Yn dit wurk wurde twa nije fûgelsoarten beskreaun: de lytse - en de Temmincks strânrinner. Nachträge zu Bechsteins Naturgeschichte Deutschlands s. 64. Argivearre op 31 july 2023. De lêste neamde soart is in earbetoan oan syn Nederlânske freon Coenraad Jacob Temminck. Yn in oare publikaasje makke er de earste jildige beskriuwing fan de Calandrella brachydactyla.

De ek yn Hanau berne dierkundige Heinrich Kuhl (letter wurksum yn Nederlân en yn Nederlânsk-Ynje) beskreau yn 1817 de boskflearmûs (Nyctalus leisleri) dy't er as earbetoan nei Leisler neamde.

Leisler wie mei-oprjochter fan it Wetterauischen Gesellschaft für die gesamte Naturkunde zu Hanau. Wetterau is in gea yn Hessen. Dit selskip is ien fan de earste natuerwittenskiplike genoatskippen fan Dútslân.

Leisler troude mei Sophie von Wedekind. Harren yn 1803 berne dochter, dy't fan har 14e ôf grutbrocht waard troch har pake en beppe fan memmekant, waard de bekende skriuwster Luise von Plönnies, dy't ek stúdzje makke fan de Nederlânske taal.

Wurken Populäres Naturrecht. Eichenberg, Frankfurt 1799–1806. Über medicinische Wahrheit und über die Mittel, sie zu erlangen. Eichenberg, Frankfurt 1802. Nachträge zu Bechsteins Naturgeschichte Deutschlands. Schameck, Hanau 1812.

Literatuer Antonia Kolb, Artur Hinkel: Johann Philipp Achilles Leisler (1772–1813). Mitbegründer der Wetterauischen Gesellschaft: Neues über seine Familie und den Werdegang seiner Kinder. Yn: Neues Magazin für Hanauische Geschichte 2015, s. 81–114. Antonia Kolb: Ein wiedergefundenes Portrait des Hanauer Arztes Johann Philipp Achilles Leisler. Yn: Neues Magazin für Hanauische Geschichte 2025, S. 148–151.

Kategory:Dútsk ornitolooch Kategory:Dútsk dokter Kategory:Dútsk publisist Kategory:Persoan berne yn 1772 Kategory:Persoan stoarn yn 1813