De readkielgril (Calidris ruficollis) is in lytse trekfûgel ûnder de steltrinners. De fûgel briedt yn it noardeasten fan Ruslân en is bûten de briedtiid oan 'e kusten fan Súdeast-Aazje en Austraalje te finen.
Skaaimerken Dizze fûgels hearre ta de lytste steltrinners en lykje tige op it griltsje (Calidris minuta), dêr't earder fan tocht waard se ta deselde soarte hearden. It lytse formaat, de fine donkere snaffel, de donkere poaten en de fluggere bewegings ûnderskiede dizze soarte fan alle oare steltrinners, mei útsûndering fan 'e oare soarten mei donkere poaten. De fûgel is 13–17 sm lang, hat in wjukspanwiidte fan 28–37 sm en in gewicht fan 21–51 gram. Yn alle kleden kin de soarte ûnderskieden wurde fan 'e Alaskagril (Calidris mauri) en de grize gril (Calidris pusilla) troch de kombinaasje fan in fine snaffelpunt, teannen sûnder swimfluezen en in langere wjukpunt-projeksje.
Yn it briedkleed hat de folwoeksen fûgel in net-streke oranje boarst, nei ûnderen ta ôfgrinzge mei donkere markearingen, en in wite V op 'e rêch. It fêststellen fan 'e fûgel yn it winterkleed is lestich, al hat er koartere poaten en langere wjukken as it griltsje. Juvenilen hawwe in kontrastrikere mantel en minder dúdlike wite streken oer de rêch as harren sibben.
Ofbylden
Taksonomy De readkielgril waard yn 1776 foar it earst formeel beskreaun troch de Dútske biolooch Peter Simon Pallas ûnder de namme Trynga ruficollis. De soartnamme ruficollis is modern Latyn foar "readhals", gearstald út it Latynske rufus (read of koperkleurich) en -collis (-hals). De typelokaasje is Súd-Transbaikal yn East-Sibearje. De readkielgril wurdt no tegearre mei 23 oare soarten yndield yn it skaai Calidris, dat yn 1804 yntrodusearre waard troch de Dútske biolooch Blasius Merrem. De soarte is monotypysk, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten erkend wurde. Binnen it skaai Calidris is de readkielgril it naust besibbe oan 'e leppelbekgril (Calidris pygmaea).
Fersprieding en biotoop Readkielgrillen binne sterke trekfûgels dy't briede oan 'e Arktyske kust fan eastlik Jeraazje en it net-briedseizoen trochbringe yn Súdeast-Aazje en Austraalje, oant sa fier súdlik as Tasmaanje en Nij-Seelân. Se binne seldsume dwaalgasten yn West-Jeropa, mei waarnimmings út Belgje, Denemark, Grut-Brittanje, Dútslân, Ierlân, Nederlân en Sweden. Se wurde faak sjoen yn westlik Alaska en soms op oare plakken yn Amearika.
Gedrach Readkielgrillen binne tige sosjaal en foarmje faak groepen mei oare lytse Calidris-steltrinners yn harren net-briedgebieten.
Brieden It briedgebiet bestiet út tûndra op lege hichte, meastal op drûge, ferhege terreinen. De fûgels binne net tige trou oan harren briedplak. De aaien wurde yn juny lein. It nêst is in ûndjippe kûle, beklaaid mei blêd en gers. It nêst mei 3 oant 4 aaien wurdt 20-22 dagen troch beide âlden útbret. It wyfke ferlit it nêst koart nei it útkommen fan 'e aaien, wylst it mantsje foar de piken soarget oant se nei 16-17 dagen fleane kinne. Der wurdt alle jierren mar ien nêst grutbrocht.
Iten en foerazjearjen thumb|Oerwinterjende readkielgrillen yn Austraalje. Se sykje iten yn wiete greiden en op sêfte modder, wêrby't se harren iten benammen op it each sykje. Bûten harren briedgebiet foerazjearje se op tijplaten en oan 'e dridzige iggen fan swietwettermarren. Se ite benammen ynsekten en oare lytse wringeleaze bisten.
Status Oannommen wurdt dat de oantallen fan 'e wrâldpopulaasje ôfnimme. De IUCN klassifisearret de soarte as gefoelich (Near Threatened) op 'e Reade List.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Gril Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Krysteilân Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Seelân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn de Salomonseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn East-Timor Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren