Johannes Gerardus Maria (Gerard) Daandels (Heeswijk-Dinther, 27 april 1946 - Helmond, 4 july 2026) wie Nederlânsk politikus foar de CDA.
Daandels begûn syn bestjoerlike karriêre as wethâlder yn de gemeente Heeswijk-Dinther. Daandels waard yn 1987 boargemaster fan de gemeente Liempde as opfolger fan Piet Smits. Yn 1992 ferruile er syn funksje yn Liempde foar it boargemasterskip fan Mill en Sint Hubert. Yn 2000] waard him dêr earfol ûntslach jûn, wêrnei't er Jan Smeets opfolge as boargemaster fan de gemeente Deurne, dêr't er yn funksje bleau oant syn pensjoen.
Pop hie fotografy as leafhawwerij, yn desimber 2005 kaam it fotoboek "Vrouwen van Haarlem" út, mei portretten fan froulju út alle lagen fan de befolking. Ta gelegenheid fan syn pensjonearring ferskynde yn 2006 it fotoboek "Door het oog van de burgemeester".
Yn 2013] die út ûnôfhinklik ûndersyk bliken dat der troch Daandels flaters makke binne oangeande de ferkeap fan in perseel oan de dyk nei Helmond, bekend as it MOB-kompleks. Daandels stjoerde ûnder oare út syn privee e-mailadres wei in ôfkeap-foarstel (mei publyk jild) oan in beswiermakker. Dêroer binne Keamerfragen steld. Ek de finansjele situaasje fan de gemeente Deurne stie sûnt it fuortgean fan Daandels ûnder druk, mei troch it aktive grûnbelied dat ûnder, mar benammen ek troch Daandels fierd waard.
Op 4 july 2026 kaam Daandels yn 'e âldens fan 80 jier om it libben by in auto-ûngemak op de N279 by Helmond.NOS, 4-7-2026, Automobilist overleden na aanrijding met vrachtwagen bij Helmond rieplachte op 5-7-2026
Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:CDA-politikus Kategory:Nederlânsk boargemaster Kategory:Nederlânsk konservatyf Kategory:Persoan berne yn 1946 Kategory:Persoan stoarn yn 2026