thumb|Hans Visser by de presintaasje fan'e Vestdijk-biografy, 14 novimber 1987 Hans Visser (Ljouwert, 27 novimber 1936 – Maassluis, 22 augustus 2001) wie in Nederlânsk biogemikus en Vestdijkkenner. Hy waard bekend as skriuwer fan de earste grutte biografy fan skriuwer Simon Vestdijk.
Vestdijkbiografy Under syn skoaltiid rekke er ûnder de yndruk fan dizze literator. Visser studearre skiekunde oan de Technyske Hegeskoalle Delft en promovearre yn 1973 yn Ingelân ta PhD. Hy wie samler fan Vestdijkiana en waard letter foarsitter fan de Vestdijkrûnte. Ynearsten soe er de biografy skriuwe foar ütjouwerij De Bezige Bij, tegearre mei auteur en letterkundige Anne Wadman. Nei it bekend wurden fan in proefhaadstik luts de widdo fan Vestdijk (Mieke Vestdijk-van der Hoeven, 1938-2018) lykwols har meiwurking yn, wêrtroch't in soad boarnemateriaal ûntagonklik bleau. Dit late ta in konflikt tusken Visser en Wadman oer de fraach oft it projekt wol mooglik wie. Visser gie allinnich fierder en yn 1987 ferskynde Simon Vestdijk, een schrijversleven by útjouwerij Kwadraat. Hoewol't de biografysk net betûfte Visser by de úteinlike publikaasje fan it boek, op útstel fan de útjouwer, begelaat waard troch literêr kritikus en biograaf Max Nord en musikolooch Emanuel Overbeeke, krige it wurkstik dochs yn it algemien minne kritiken. Se ferwieten Visser ûnder mear psychologisearjen, feitlike ûnkrektheden en breklike komposysje.
Yn 2005 ferskynde by de Bezige Bij dochs Vestdijk, een biografie, skreaun troch Wim Hazeu, in autorisearre biografy, mei folsleine meiwurking fan de widdo Vestdijk.
Publikaasjes Hans Visser, mei Max Nord: Simon Vestdijk, kinderjaren (voorpublicatie), Utj. Kwadraat, Utert, 1987 Hans Visser, mei Max Nord en Emanuel Overbeeke: Simon Vestdijk, een schrijversleven. Utj. Kwadraat, Utert, 1987, Hans Visser, Brieven rond de Vestdijk-Biografie. Utj. Sijthoff, Amsterdam, 1989,
Keppeling om utens Wurk fan Hans Visser yn de DBNL
Kategory:Nederlânsk skiekundige Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1936 Kategory:Persoan stoarn yn 2001