thumb|Top Withens yn 2016 Top Withens (of Top Withins) is in ruïne fan in pleats tichtby Haworth yn West-Yorkshire, Ingelân, dy't bekend is om de bân mei de roman Wuthering Heights fan Emily Brontë út 1847. It leit op in ôfhandich en oan 'e eleminten bleatsteld plak op Haworth Moor, op in hichte fan 420 meter (1.377 foet) boppe seenivo. De namme komt fan in dialektwurd dat "wylgen" betsjut.

Op in plaat dy't oan in muorre fêstmakke is, stiet:

This farmhouse has been associated with "Wuthering Heights", the Earnshaw home in Emily Brontë's novel. The buildings, even when complete, bore no resemblance to the house she described, but the situation may have been in her mind when she wrote of the moorland setting of the Heights. - Brontë Society 1964. This plaque has been placed here in response to many inquiries.

Yn't Frysk:

'Dizze pleats wurdt yn ferbân brocht mei "Wuthering Heights", it hûs fan de famylje Earnshaw út de roman fan Emily Brontë. De gebouwen lieken, ek doe't se noch folslein wiene, net op it hûs dat sy beskreau, mar de lokaasje hat mooglik yn har gedachten west doe't se skreau oer de omjouwing fan de heide dêr't "Wuthering Heights" stie. - Brontë Society 1964. Dizze plakette is hjir pleatst nei oanlieding fan in soad fragen.'

De populêre misfetting dat it hûs fan Earnshaw basearre wie op Top Withens, is mooglik ûntstien troch in rige brieven tusken útjouwer George Smith en Ellen Nussey, in freondinne fan Charlotte Brontë; hy wie nammentlik op 'e syk nei in list mei plakken dy't as ynspiraasje foar de romans tsjinne hiene.

De ruïne leit beëasten Withins Height, ûnder Delf Hill. Hy leit oan twa lange-ôfstânspaden: de Brontë Way en de Pennine Way. It is in populêre bestimming foar kuierders út it tichtby lizzende Haworth en Stanbury. De belangstelling fan Japanske literêre toeristen is sa grut, dat guon paadwizers yn de omkriten ek Japanske tekst hawwe.

Unwaar Op 18 maaie 1893 waard Top Withens by in tongerbui troch it wjerljocht rekke. Der ûnstiene gatten yn 'e muorre, it dak waard foar in part fuortskuord, flaggestangen brieken en sa'n tritich ruten waarden hast hielendal fuortblaasd. In stik laaisteen waard troch de wyn in hiel ein fan it hûs ôf smiten, en yn 'e keuken wie it blêd fan in mes troch de hjitte raant. In kom mei daai, taret troch de frou fan de boer, frou Sunderland, waard oan gruzeleminten slein, en har hûn en kat flechten yn panyk it gebou út. It barren waard de wike dêrop rapportearre troch de Todmorden & District News.

Eksterne keppelingen De Top Withens-side by "The Reader's Guide to Wuthering Heights"

Kategory:Toerisme yn Ingelân Kategory:Hûs yn West-Yorkshire