De swarkopmies (Poecile palustris, synonym: Parus palustris) is in sjongfûgel út de famylje fan 'e miesfûgels(Paridae).
Skaaimerken De fûgel hat likernôch it formaat fan in blaumies en liket wat uterlik oanbelanget in hiel soad op 'e reidmies (Poecile montanus), mar de sang is dúdlik oars. De twa soarten wurde dêrom as twillingsoarten beskôge. By de swartkopmies ûntbrekt de ljochte baan op de earmpinnen. Hy hat in glânzgjende kap en in lytsere swarte slabbe op 'e kiel. De ûnderkant is griiswyt. De fûgel hat in swarte snaffel en blaugrize poaten. Foar it ûnderskied mei de reidmies is it lûd belangryk.
Ferliking swartkopmies en reidmies.
Fersprieding en habitat De swartkopmies komt yn it grutste part fan Jeropa it hiele jier foar, útsein Ierlân, Yslân, Noard-Skandinaavje, Spanje en Portegal. Swartkopmiezen libje yn leafbosken en mingde bosken, parken en gruttere tunen mei genôch beammen en strûken. It tal briedpearkes yn Nederlân yn 'e perioade 2018-2020 bedroech 14.000-17.000, wylst it oantal oerwinterjende swartkopmiezen op 40.000 oant 50.000 rûsd wurdt. Sûnt 1984 is der yn Nederlân in groei fan 'e populaasje. Yn Fryslân briedt it fûgeltsje fral yn it súdeasten fan 'e provinsje en yn Gaasterlân.
De swartkopmies wurdt ferdield yn tsien ûndersoarten:
P. p. dresseri: Wales, sintraal en súdlik Ingelân en westlik Frankryk. P. p. palustris: fan Skandinaavje oant it noardlik Ibearysk Skiereilân, eastlik oant Poalen, de Balkan en Grikelân. P. p. italicus: Frânske Alpen, Itaalje en Sisylje. P. p. stagnatilis: fan eastlik Jeropa oant it súdlike Oeralgebiet en noardwestlik Turkije. P. p. kabardensis: de Kaukasus en noardeastlik Turkije. P. p. brevirostris: it súdlike diel fan Sintraal- en súdeastlik Sibearje, noardlik Mongoalje, Mantsjoerije, Liaoning en uterst noardlik Koreä. P. p. ernsti: Sachalin. P. p. hensoni: de súdlike Koerilen en noardlik Japan. P. p. jeholicus: noardlik Hebei en noardlik Koreä. P. p. hellmayri: eastlik Sina en súdlik Koreä.
Hâlden en dragen Yn 'e maitiid en iere simmer bestiet it iten benammen út ynsekten, ynsektelarven, spinnen en oare lytse bistkes. Yn 'e lette neisimmer stiet der ek sied op it menu. Se lizze somtiden sels in foarried sied oan tusken beamkoarsten. It is ek in regelmjittige besiker fan foertafels. thumb|left|Aaikes. De nêsten wurde boud yn beamholtes of oare natuerlike holtes of yn nêstkasten. It lechsel bestiet út seis oant njoggen wite aaien mei in pear brune plakjes. De briedtiid duorret likernôch 13 dagen.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje, mar der wurdt oannommen dat de oantallen ôfnimme, mar net sa slim dat de fûgel as bedrige wurdt beskôge. De Ynternasjonale Uny foar Natoerbeskerming (IUCN) kategorisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern). De wrâldpopulaasje wurdt rûsd op tusken de 13,6 en 24,2 miljoen folwoeksen fûgels.
De tebekgong fan 'e soarte wurdt ferklearre troch feroarings yn syn libbensomjouwing. De swartkopmies hat relatyf grutte territoaria, wat him kwetsber makket as it lânskip mear fragmintearre rekket. Om't de soarte sa honkfêst is, wurde lijerige populaasjes ek net oanfolle fanút oare gebieten.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Grize mies Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo