De azuermies (Cyanistes cyanus; synonym: Parus cyanus) is in sjongfûgel út de famylje fan 'e miesfûgels (Paridae).
Skaaimerken De azuermies is mei likernôch 13 sm like grut as de blokmies (Parus major), mar hat in wyt-blau fearrekleed. De boppekant fan 'e wjuk is helderblau mei brede wite wjukbannen en de boppekant fan 'e sturt is ek helderblau mei wyt op 'e bûtenste sturtfearren. Oer it each rint in donkere streek dy't oergiet yn in smelle donkere kraach yn 'e nekke.
Fersprieding en habitat It is in fûgel dy't benammen briedt yn leafbosken. De azuermies komt foaral foar yn Ruslân en Sintraal-Aazje.
De soarte telt acht ûndersoarten:
C. c. cyanus: Wyt-Ruslân, westlik en sintraal Jeropeesk Ruslân oant it sintrale Oeralberchtme. C. c. hyperrhiphaeus: it súdwestlike Oeralberchtme, súdwestlik Sibearje en noardlik Kazachstan. C. c. yenisseensis: fan it súdlike diel fan Sintraal- oant eastlik Sibearje, noardlik Mongoalje en noardeastlik Sina. C. c. tianschanicus: de bergen fan súdeastlik Kazachstan, Kirgyzje en noardwestlik Sina. C. c. koktalensis: de leechlannen fan súdeastlik Kazachstan. C. c. carruthersi: fan Kirgyzje oant noardlik Tadzjikistan. C. c. flavipectus: fan súdlik Kirgyzje oant noardlik Afganistan (de gielboarstmies; wurdt somtiden ek as in aparte soarte behannele). C. c. berezowskii: it noardlike diel fan Sintraal-Sina.
De azuermies is de eastlike tsjinhinger fan 'e Westjeropeeske blaumies (Cyanistes caeruleus). Yn West-Ruslân krúst dizze soarte mei de blaumies.
Taksonomy De earste formele beskriuwing fan 'e soarte wurdt oan 'e Dútske natuerûndersiker Peter Simon Pallas taskreaun. Hy beskreau de azuermies yn 1770 op in ekspedysje troch Sintraal-Ruslân nei de Baikalmar en joech de fûgel de wittenskiplike namme Parus cyanus. Pallas wie lykwols net de earste dy't de soarte beskreau. Daniel Gottlieb Messerschmidt ûntduts de soarte op in reis troch Sibearje fan 1720 oant 1727, mar syn ferslach waard earst tusken 1962 en 1977 publisearre.
De azuermies waard foarhinne yn it skaai Parus set, mar wurdt hjoed-de-dei faak tegearre mei de blaumies en de Afrikaanske blaumies yn it skaai Cyanistes yndield. Dat wurdt troch DNA-analyses fan mtDNA-cytochroom b ûnderstipe. Dêrút die bliken dat Cyanistes net allinnich in aparte soarte is, mar ek net nau besibbe is oan oare miessoarten.
Hybridisaasje Yn it westlike ferspriedingsgebiet fynt hybridisaasje plak mei de blaumies en de hybride wurdt pleskii neamd. De hybriden ha in soad fan 'e azuermies, mar lytse ferskillen yn 'e úteinen fan 'e tertialen en se ha minder wyt oan 'e sydkanten fan 'e sturtfearren. Yn it ferline waard de Pleskesmies as in aparte soarte beskôge.
Ekology thumb|left|Aai fan 'e azuermies. De azuermies briedt yn leaf- en mingd bosk en leit njoggen oant alve aaien yn in beamholte. It wyfke briedt de aaien yn 13 oant 14 dagen út.
Status en bedrigingen De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje, mar der wurdt oannommen dat de oantallen ôfnimme. De IUCN klassifisearret de fûgel lykwols as net bedrige (Least Concern). De grutte fan 'e wrâldpopulaasje wurdt neffens in rûzing fan 2021 tusken 33.000 en 105.000 fûgels rûsd.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Blaumies Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan