De koarnmosk (Emberiza calandra) is in sjongfûgel út de famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae), in groep dy't troch de measte moderne auteurs no skieden wurdt fan 'e finken (Fringillidae). Dit is in grutte goars mei in sterk streke, sânkleurich fearrekleed. De skaaien binne gelyk, mar it mantsje is wat grutter as it wyfke. It ferspriedingsgebiet rint fan West-Jeropa en Noard-Afrika oant noardwest Sina.

Skaaimerken thumb|left|Koarnmosk yn Turkije. Dizze goars kipet der yn 'e famylje wat út om't de fearren fan beide skaaien gelyk binne, al is it mantsje likernôch 20% grutter as it wyfke. De koarnmosk is 16 oant 19 sm lang mei in opfallend donker each en in gielige ûndersnaffel. Mantsjes hawwe gjin opfallende kleuren, benammen net op 'e kop, wat oars typysk is foar it skaai Emberiza. Beide skaaien lykje wat op ljurkfûgels; se binne fan boppen griisbrún streke mei in wite ûnderkant. De ûnderkant is streke op 'e siden en it boarst. Om 'e kiel foarmet de streking in soarte fan slabke. De lytse wjukdekfearren binne lykwols donker mei ljochte rânen. De sturt is brún.

De sang fan it mantsje is in wjerheljend metaallûd, dat meastentiids ferlike wurdt mei rinkeljende kaaien. Hy sjongt faak yn in lege strûk, op in hekkepeal of op in tillefoantried.

Taksonomy De koarnmosk waard foar it earst formeel beskreaun troch de Sweedske natuerkundige Carl Linnaeus yn 1758 yn 'e tsiende edysje fan syn "Systema Naturae" en behâldt syn oarspronklike binominale namme Emberiza calandra. De typelokaasje is Sweden. De skaainamme Emberiza komt fan it Alddútske Embritz, in goars. De soartnamme calandra komt fan it Aldgrykske kalandros, de kalanderljurk. De koarnmosk waard somtiden yn in eigen monotypysk skaai, Miliaria, yndield.

Der wurde twa ûndersoarten erkend:

E. c. calandra Linnaeus, 1758 – Noardwest Afrika, Kanaryske Eilannen en Jeropa oant Turkije, de Kaukasus en Noard-Iran. E. c. buturlini Johansen, HE, 1907 – Midden-Easten oant Noardwest-Sina.

Fersprieding De soarte briedt yn súdlik en sintraal Jeropa, Noard-Afrika en Aazje oant Kazachstan. It is benammen in stânfûgel, mar guon fûgels út kâldere regio's fan Sintraal-Jeropa en Aazje migrearje winterdeis nei it suden. De koarnmosk is in fûgel fan it iepen lânskip mei beammen en lichte hichteferskillen, lykas ikkers en lân mei in soad kjitten. De populaasje is yn Noardwest-Jeropa sterk tebekrûn troch yntinsive lânboupraktiken, wêrtroch't der minder sied fan túch en ynsekten binne; ynsekten binne tige wichtich by it fuorjen fan 'e jongen. Yn gebieten dêr't de soarte earder algemien wie, is de fûgel no útstoarn of, lykas yn Nederlân, hast útstoarn.

Gedrach en ekology It iten bestiet benammen út sied, mar ek ynsekten lykas imerkes, fral as se jongen ha. thumb|left|Aaien. Mantsjes ferdigenje territoaria yn it briedseizoen en binne somtiden polygaam mei maksimaal trije wyfkes tagelyk. Dat betsjut dat guon mantsjes in seizoen sûnder wyfke bliuwe. Se spylje mar in lytse rol by de soarch foar de jongen; se dogge net mei oan it bouwen fan it nêst of it brieden, en fuorje de jongen pas as se foar mear as de helte grutbrocht binne. It nêst wurdt makke fan gers, beklaaid mei hier of fyn gers, en wurdt meastentiids op 'e grûn boud. In lechsel bestiet yn 'e regel út fjouwer aaien, mar kin fariëarje fan trije oant fiif, bytiden seis aaien.

Status en beskerming Yn it noardwestlike ferspriedingsgebiet fan Jeropa is de fûgel útstoarn of hast útstoarn. Oant yn 'e jierren 1970 kaam de soarte yn Nederlân fral foar yn it easten en it rivieregebiet. Yn Fryslân wie it ferspriedingsgebiet beheind ta de meast eastlike en súdeastlike gebieten. Oan it begjin fan 2000 kamen der noch sa'n tûzen briedpearkes foar, mar as briedfûgel is de soarte út Nederlân ferdwûn. Winterdeis kin de fûgel somtiden noch waarnommen wurde mei de grutste kâns yn it easten fan Grinslân, Siuwsk-Flaanderen of it suden fan Limburch. Ek yn Flaanderen is de populaasje fan 'e fûgel dramatysk ôfnommen, al is dêr yn 2026 tynge dien fan in foarsichtich wersteld.VILT, Voorzichtig herstel voor bedreigde grauwe gors, 16 juny 2026.

It ferspriedingsgebiet fan 'e koarnmosk is lykwols grut en de oantallen yn it suden fan Jeropa binne grutter, mar de koarnmosk nimt yn oantal ôf. De populaasje waard yn 2012 op 180.000.000 oant 320.000.000 fûgels rûsd. De IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Goars Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Malta Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn San Marino Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan