De grize gril (Calidris pusilla) is in fûgel út de famylje fan 'e snipfûgels (Scolopacidae).

Skaaimerken thumb|left|Grize grillen. De grize gril wurdt likernôch 13 oant 15 sintimeter grut, weaget tusken de 20 en 32 gram en hat in wjukspanwiidte fan 29 oant 30 sm. De snaffel is frij dik; de juvenyl hat de koartste snaffel en it folwoeksen wyfke de langste. Folwoeksen fûgels hawwe swarte poaten.

Yn it simmerkleed is de folwoeksen fûgel hast altiten griisbrún fan boppe. It boarst is streke en it fearrekleed mist de readbrune dielen. De búk en de flanken binne sawol simmerdeis as winterdeis effen wyt. Winterdeis is de fûgel grizer en tige dreech te ûnderskieden fan oare soarten.

Fersprieding en biotoop De soarte briedt yn it uterste noardeasten fan Sibearje, westlik en noardlik Alaska en noardlik Kanada. It is in trekfûgel dy't oerwinteret oan 'e kusten fan Súd-Amearika benoarden de evener. Guon fûgels migrearje lykwols net fierder as de súdlike Feriene Steaten. Se trekke mei hûnderten oant tûzenen nei harren oerwinteringsgebieten, wêrby't se tuskentiids foerazjearje yn 'e Baai fan Fundy en de Delaware Bay. Regelmjittich komme in pear fûgels foar yn West-Jeropa; yn Nederlân is dizze soarte ek út en troch as dwaalgast waarnommen.

Briedgedrach De fûgel briedt by wetter op 'e súdlike tûndra fan Kanada en Alaska. It nêst wurdt op 'e grûn makke. It mantsje makket meardere ûndjippe kûltsjes, wêrnei't it wyfke der ien útkiest foar it meitsjen fan it nêst. Sy makket it nêst fan gers en oare materialen. Der wurde fjouwer aaikes lein. It mantsje helpt mei by it útbrieden. Nei it útkommen fan 'e aaien lit it wyfke nei in pear dagen de jonge piken by it mantsje efter. De jongen soargje dan al foar harren eigen iten. De fûgels sykje harren iten yn it slyk.

Status De grutte fan 'e populaasje is yn 2024 op 9 miljoen oant 11 miljoen folwoeksen fûgels rûsd, mar der wurdt fan útgien dat dit tal sterk ôfnimt. Op 'e Reade List fan 'e IUCN hat dizze soarte dêrom de status gefoelich (Near Threatened).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Gril Kategory:Lânseigen fauna yn Anguilla Kategory:Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Arûba Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bermuda Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Bonêre Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Eustasius Kategory:Lânseigen fauna yn Saba Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Kurasau Kategory:Lânseigen fauna yn Dominika Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Grenada Kategory:Lânseigen fauna yn Gûadelûp Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Jamaika Kategory:Lânseigen fauna yn Martinyk Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Montserrat Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Marten Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Lusia Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska