It dwerchgriltsje (Calidris minutilla) is in steltrinner en de lytste soarte yn 'e famylje fan 'e snipfûgels (Scolopacidae). De fûgel briedt yn it noarden fan Noard-Amearika en oerwinteret fan it suden fan 'e Feriene Steaten oant yn it suden fan Súd-Amearika. Yn Jeropa wurdt de fûgel mar komselden waarnommen, al binne der waarnimmings bekend. De soarte nimt yn oantal ôf, mar de populaasje wurdt noch altyd as 'net bedrige' beskôge.

Skaaimerken It dwerchgriltsje is, sa't de namme al seit, in tige lytse gril. De fûgel is mar 13 oant 14,5 sm lang en hat in rûn lichem, relatyf koarte wjukken, middelgrutte poaten en in licht nei ûnderen bûge snaffel mei in tinne punt. De soarte is fan alle oare tige lytse steltrinners (útsein it Eastaziatyske langteangriltsje) te ûnderskieden troch de ljochte poaten (grien- of gieleftich) en it ûntbrekken fan in wjukpunt-projeksje (de wjuk komt net foarby de sturt). Oars as by it langteangriltsje is de boarsttekening tichter, diziger en bruner, binne de teannen koarter, is de foarholle ljochter, binne de snaffel en de team donker en is de eachstreek minder ûntwikkele.

Yn it simmerkleed hat it dwerchgriltsje in rêch mei readbrune rânen; winterdeis is de fûgel griis mei in skobbich uterlik. Jonge fûgels binne dúdliker en mear rustbrún tekene. Yn 'e flecht is de foar in soad lytse steltrinners typyske wite stút mei in swarte middenstreek te sjen. Ofbylden

Fersprieding en systematyk It dwerchgriltsje is in trekfûgel dy't briedt op de eastlike Aleoeten, yn Alaska, arktysk Kanada en Nij-Fûnlân. De fûgel oerwinteret fan 'e kustgebieten yn it suden fan 'e Feriene Steaten oant yn it suden fan Súd-Amearika. Eastlike briedfûgels fleane nei alle gedachten yn ien kear troch fan Nij-Ingelân nei de oerwinteringsgebieten yn it noardeasten fan Súd-Amearika, in ôfstân fan 3.000 oant 4.000 kilometer.

De fûgel is in dwaalgast yn Jeropa, mei bygelyks mear as 40 waarnimmings yn Grut-Brittanje. De meast besibbe soarten binne – nettsjinsteande de oerienkomst mei it langteangriltsje – de readkielgril (Calidris ruficollis) en de bonapartegril (Calidris fuscicollis) .

Ekology thumb|left|Pykje. It dwerchgriltsje briedt op 'e tûndra en yn boreale bosken oer de noardlikste dielen fan Noard-Amearika, yn kustgebieten, sompen en greiden. Yn it súdlikste diel fan it ferspriedingsgebiet, yn Nova Scotia en Britsk-Kolumbia, briede se ek yn dunen. Op 'e trek hâldt de fûgel him op by de kust, sawol op waadflakten as rotsige stikken, mar ek yn it binnenlân by fochtige greiden, oan iggen fa marren en sleatten. Yn 'e oerwinteringsgebieten wurde se yn mangrovebosken, sompen, tijgebieten, lagunen en by marren, dammen en rivieren sjoen.

De fûgel yt benammen ynsekten en oare wringeleaze bisten, lykas kreefteftigen, seeluzen, slakken, wetterflieën, miggen en krobben. It mantsje begjint mei it bouwen fan it nêst troch in flak plakje op 'e grûn te meitsjen. It wyfke beklaait it nêst mei wat deade begroeiïng en hja leit dêr trije oant fjouwer aaien yn, dy't troch beide âlden yn 19 oant 23 dagen útbret wurde; it wyfke sit nachts te brieden en it mantsje it grutste part fan 'e dei.

Status en bedrigingen It dwerchgriltsje is in tige algemiene steltrinner mei in populaasje dy't rûsd wurdt op fiif oant 15 miljoen folwoeksen fûgels. De oantallen rinne lykwols tebek, sa bot dat de soarte sûnt 2024 troch de IUCN as "gefoelich" (Near Threatened) klassifisearre wurdt.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Gril Kategory:Lânseigen fauna yn Anguilla Kategory:Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen fauna yn Arûba Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bermuda Kategory:Lânseigen fauna yn Bonêre Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Eustasius Kategory:Lânseigen fauna yn Saba Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Kurasau Kategory:Lânseigen fauna yn Dominika Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Grenada Kategory:Lânseigen fauna yn Gûadelûp Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Jamaika Kategory:Lânseigen fauna yn Martinyk Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Montserrat Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Marten Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Lusia Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Galapagoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska