De stienpikker (Arenaria interpres) is in lytse steltrinner dy't oer de hiele wrâld foarkomt. It is ien fan 'e twa soarten yn it skaai stienpikkers (Arenaria). De soarte wurdt no yndield by de famylje fan 'e snipfûgels (Scolopacidae), mar waard foarhinne wolris ta de famylje fan 'e wilsterfûgels (Charadriidae) rekkene. It is in tige trekgefoelige fûgel dy't briedt yn noardlike dielen fan Euraazje en Noard-Amearika, en dy't nei it suden fleant om op 'e kusten fan hast de hiele wrâld te oerwinterjen.
Skaaimerken De stienpikker is in frij lytse en knobske fûgel fan 22 oant 24 sm lang mei in wjukspanwiidte fan 50 oant 57 sm en in gewicht fan 85–150 gram. De donkere, kylfoarmige snaffel is 2 oant 2,5 sm lang en wat nei boppe bûge. De poaten binne relatyf koart (3,5 sm) en hawwe in helder oranje kleur.
Yn alle seizoenen wurdt it fearrekleed dominearre troch in patroan fan brún, swart en wyt. Briedende fûgels hawwe readbrune boppekanten mei swarte tekeningen. De kop is foar it grutste part wyt mei swarte streken op 'e krún en in swart patroan op 'e kop. It boarst is benammen swart, útsein in wyt flak op 'e siden. De rest fan 'e ûnderkant is wyt. Yn 'e flecht binne wite wjukbalken, in wyt flak by de wjukbasis en in wite ûnderrêch, stút en sturt mei donkere bannen sichtber. It wyfke is wat fealer as it mantsje en hat in brunere kop mei mear streken.
Net-briedende fûgels ha minder sprekkende kleuren as briedende fûgels en hawwe donkergriisbrune boppekanten mei swarte plakken en in donkere kop mei in bytsje wyt. Juvenilen hawwe in ljochtbrune kop en ljochte rânen oan 'e fearren fan 'e boppekant, wat in skobbige yndruk jout. De ûndersoarte A. i. morinella is wat lytser, mei donkerdere boppekanten en minder streken op 'e krún.
Ofbylden Taksonomy De stienpikker waard yn 1758 formeel beskreaun troch de Sweedske biolooch Carl Linnaeus yn 'e tsiende edysje fan syn "Systema Naturae" ûnder de binominale namme Tringa interpres. De soarte wurdt no tegearre mei de swarte stienpikker yn it skaai Arenaria pleatst, dat yn 1760 troch de Frânske biolooch Mathurin Jacques Brisson yntrodusearre waard mei de stienpikker as typesoarte. De skaainamme arenaria komt fan it Latynske arenarius, "bewenner fan sân", ôflaat fan arena ("sân"). De soartnamme interpres betsjut "boade" of "tolk". Doe't Linnaeus yn 1741 Gotlân besocht, tocht er dat it Sweedske wurd tolk (tolk) op dizze soarte fan tapassing wie, mar yn it pleatslike dialekt betsjut dat wurd "poaten" en wurdt it brûkt foar de tsjirk.
Der wurde twa ûndersoarten erkend:
A. i. interpres (Linnaeus, 1758) – briedt yn noardeastlik Kanada, Grienlân, Noard-Jeropa oant noardeastlik Sibearje en westlik Alaska; oerwinteret yn westlik en súdlik Jeropa, Afrika, súd- en eastlik Aazje, Austraalje, Pasifyske eilannen, it westen fan 'e Feriene Steaten en westlik Meksiko. A. i. morinella (Linnaeus, 1766) – briedt yn noardeastlik Alaska en noardlik Kanada; oerwinteret fan 'e súdlike Feriene Steaten oant Súd-Amearika.
Fersprieding De stienpikker briedt op hege noardlike breedtegraden, meastentiids net fier fan see. A. i. morinella komt foar yn noardlik Alaska en arktysk Kanada oant Baffin Island. A. i. interpres briedt yn westlik Alaska, Ellesmere Island, Grienlân, Noarwegen, Sweden, Finlân, Estlân en noardlik Ruslân. Foarhinne briedde er ek oan de Baltyske kust fan Dútslân en mooglik yn Skotlân en op 'e Fêreu-eilannen. thumb|Oerwinterjende stienpikker yn Sily. Yn 'e Amearika's oerwinteret de soarte oan 'e kusten fan Washington en Massachusetts nei it suden ta oant de súdpunt fan Súd-Amearika. Yn Jeropa oerwinteret er yn westlike regio's fan Yslân, Noarwegen en Denemark nei it suden. Yn Afrika is er algemien oant yn Súd-Afrika. Yn Aazje is er wiidferspraat yn it suden. Hy komt foar oant Tasmaanje en Nij-Seelân en is oanwêzich op in protte Pasifyske eilannen. Guon net-briedende fûgels bliuwe it hiele jier troch yn in protte dielen fan it oerwinteringsgebiet.
Nederlân Yn Nederlân binne stienpikkers it grutste part fan it jier te sjen. De oantallen wurde it grutst as se trekke yn 'e maitiid en hjerst. De bêste lokaasjes binne Seelân en oan 'e Waadkust. Ek komme se drok skarreljend by havens foar, lykas Lauwersmar. Der binne gjin briedgefallen fêststeld. De tichtstbylizzende, mar net ticht besette, briedgebieten binne it noarden fan 'e Waadsee yn Dútslân en Denemark. Yn it lêste fearn fan 'e 20e iuw sakken de oantallen stienpikkers yn Nederlân, mar sûnt 2010 folge in rap werstel.
Hâlden en dragen Iten De stienpikker hat in ferskaat dieet, ynklusyf ies, aaien, fiskjes en plantemateriaal, mar yt benammen wringeleaze dieren. Yn 'e briedtiid binne ynsekten en larven tige wichtich. Oars yt er ek skaaldieren, spinnen, wjirmeftigen en wjirms. Hy draait faak stiennen en oare objekten om om by iten te kommen dat dêrûnder sit; dat gedrach is de oarsprong fan 'e namme "stienpikker".
It is ek waarnommen dat se aaien fan oare fûgels lykas miuwen, stirnzen, einen en sels oare stienpikkers ite, al is dat gedrach seldsum. Se trochboarje de doppen mei harren snaffel om by de ynhâld te kommen.
Ferdigening By it sykjen nei iten nimme stienpikkers ferskillende posysjes oan dy't harren dominânsjenivo oanjouwe. In ferlege sturt en in krûme hâlding wize op aggresje. Dominânsje is ôfhinklik fan âldens, wêrby't juvenilen meastentiids de ûndergeskikte rol hawwe.
Stienpikkers brûke harren unike fearrekleedpatroanen om yndividuen te werkennen en ynkringers te ûnderskieden fan buorlju.
Ekology Stienpikkers kinne oerlibje yn in breed skala oan habitats, fan arktysk oant tropysk. It typyske briedhabitat is de iepen tûndra mei wetter yn de buert. Bûten de briedtiid binne se te finen oan kusten, benammen op rotsige of stiennige iggen, mar ek op troch de minske makke struktueren lykas dammen en pieren.
Stienpikkers binne tige trou oan spesifike winterplakken; 95% fan 'e fûgels komt it folgjende jier werom op itselde plak. Se binne ien fan 'e langst libjende steltrinner-soarten, mei in trochsneed libbensdoer fan 9 jier en in rekôr fan 20 jier.
Briedgedrach thumb|left|Aaike. De soarte is monogaam. It nêst is in ûndjippe kûle, faak mei in wat blêden, en kin boud wurde tusken begroeiïng of op 'e stiennige grûn. Der wurde twa oant fiif aaikes lein, wêrby't fjouwer it meast foarkomt. De aaien binne glêd, wat glânzjend en ovaal oant parfoarmich. De briedtiid duorret likernôch 22 oant 24 dagen. Piken binne nêstflechters en ferlitte it nêst gaueftich nei it útkommen. Se wurde troch de âlden beskerme en kinne nei 19 oant 21 dagen fleane.
Status en beskerming Neffens de IUCN is de populaasje op it stuit tige stabyl. Undersiken fan Environment Canada wize op in delgong yn ferliking mei de jierren 1970, mar de soarte is noch hieltyd tige algemien en wiidferspraat. De wrâldpopulaasje waard yn 2023 op likernôch 750.000 oant 1.750.000 fûgels rûsd en dat wie mear as eardere rûzings. Dochs wurdt der fanút gien dat de fûgel yn oantal ôfnimt. De IUCN klassifisearret de soarte dêrom sûnt 2024 as gefoelich (Near Threatened). Bedrigingen binne it ferlies en de degradaasje fan leefgebiet, de yllegale jacht, fersteuring en in minder briedsúkses troch klimaatferoaring. Europa telt neffens rûzing in populaasje fan 35.900 oant 77.100 briedpearkes.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Stienpikker Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Samoä Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Anguilla Kategory:Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Arûba Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Bermuda Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Bonêre Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Eustasius Kategory:Lânseigen fauna yn Saba Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Kaapverdje Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Krysteilân Kategory:Lânseigen fauna yn de Kokoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn de Komoaren Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn de Cookeilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Kurasau Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Dominika Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn de Falklâneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Fidzjy Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Polyneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Grienlân Kategory:Lânseigen fauna yn Grenada Kategory:Lânseigen fauna yn Gûadelûp Kategory:Lânseigen fauna yn Gûam Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Yslân Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jamaika Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Madagaskar Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn de Maldiven Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Malta Kategory:Lânseigen fauna yn de Marshalleilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Martinyk Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mauritsius Kategory:Lânseigen fauna yn Majot