It Wettersportbûn, folút it Keninklik Nederlânsk Wettersport Bûn (offisjeel Koninklijk Nederlands Watersport Verbond) is it bûn dat meer as 400 ferienings mei-inoar ferbynt dy't harren dwaande hâlde mei silen, wynsurfen, kanofarren en of motorboaten.
Oarsprong Ien fan de oarspronklike ferienings wie yn 1890 de Verbonden Zeilvereenigingen van Nederland en België, letter it Koninklijk Nederlands Watersport Verbond. Yn 1923 ûntstie it Noard-Nederlânske Wettersport-Bûn. Yn 2004 besleaten de twa organisaasjes te fusearjen ûnder de namme It Wettersportbûn.
Doel It doel fan it Wettersportbûn is it behertigjen fan it belang fan de wettersport. Dat kin gearwurkje mei oare wetterorganisaasjes wêze, mar it kin ek it stypjen fan de underlizzende ferienings wêze. Ek heart dêr it oplieden fan nij kader by. Nasjonal binne hja de behearders fan de ienheidklassen. It bûn is lykwols ek it oansprekpunt by de represintaasje fan Nederlân by ynternasjonale eveneminten.
Kategory:Nederlânsk sportbûn Kategory:Silen yn Nederlân Kategory:Kanofarren Kategory:Wynsurfen Kategory:Organisaasje oprjochte yn 2004