De dwerchwylp (Numenius minutus) is in fûgel út de famylje fan 'e snipfûgels (Scolopacidae).
Beskriuwing De dwerchwylp is, sa't de namme al seit, in hiel lytse wylp dy't mar 29 oant 32 sm mjit. De soarte hat in smelle hals en in lytse kop. Hy hat in foar wylpen koarte snaffel dy't nei ûnder bûge is. De fearren op de rêch en wjukken fan 'e dwerchwylp binne donker mei ljochte, bêzje seamen. De búk is ljocht en de koptekening liket op dy fan 'e wetterwylp, mar de sintrale ljochte streek oer de fierders donkere krún fan 'e wetterwylp is folle minder dúdlike oanwêzich by de dwerchwylp.
Fersprieding en leefgebiet De soarte komt foar yn it noardlike diel fan Sintraal- en noardeastlik Sibearje en oerwinteret op 'e Filipinen, yn Yndoneezje en it noarden fan Austraalje.
Nederlân De dwerchwylp is in tige seldsume dwaalgast yn West-Jeropa. Yn Nederlân hat der in yn 2019 in skoft yn 'e Kop fan Noard-Hollân omflein.
Systematyk De dwerchwylp is sustersoarte fan 'e nei alle gedachten útstoarne lytse wylp (Numenius tenuirostris). Tegearre foarmje se in sustergroep fan 'e oare wylpen yn Numenius. De soarte wurdt as monotypysk behannele, wat betsjut dat er net ferdield is yn ûndersoarten.
Status De soarte hat in breed ferspriedingsgebiet, mar der wurdt tocht dat er yn oantal ôfnimt, lykwols net sa slim dat de fûgel bedrige wurdt. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan de Natuer klassifisearret de soarte as net bedrige (LC) op 'e Reade List. De wrâldpopulaasje wurdt rûsd op 73.300 folwoeksen fûgels (2023).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wylp Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Gûam Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Mikroneezje (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardlike Marianen Kategory:Lânseigen fauna yn Palau Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn East-Timor