De Alaskawylp (Numenius tahitiensis) is in middelgrutte steltrinner yn it skaai wylpen (Numenius) dy't yn Alaska briedt en oerwinteret op tropyske eilannen yn 'e Stille Oseaan.
Skaaimerken De lingte is likernôch 40–44 sm en de wjukspanwiidte sa'n 84 sm (wyfkes binne trochstrings grutter as mantsjes). De grutte en foarm binne itselde as dy fan de wetterwylp en it fearrekleed is ferlykber: brún spikkele op it boppelichem mei in ljochte búk en in rustkleurige of donkergiele sturt. De gruttere ljochtbrune plakken op it boppelichem, de effen ljochte búk en de hast net markearre siden, de kleur fan 'e sturt en de bleke, donkergiele stút ûnderskiede de soarte fan Amerikaanske wetterwylpen.
Taksonomy De Alaskawylp waard yn 1789 formeel beskreaun troch de Dútske biolooch Johann Friedrich Gmelin yn syn revisearre en útwreide edysje fan Carl Linnaeus syn "Systema Naturae". Hy sette de soarte yn it skaai Scolopax en joech him de binominale namme Scolopax tahitiensis. Gmelin basearre syn beskriuwing op 'e "Otaheite wylp" dy't yn 1785 beskreaun wie troch de Ingelske ornitolooch John Latham yn syn "A General Synopsis of Birds". "Otaheite" is in âlde namme foar Tahiti. It eksimplaar dat Latham brûkte, wie him jûn troch de biolooch Joseph Banks . Banks hie James Cook begelaat op syn earste reis nei de Súdlike Stille Oseaan, mar krige ek eksimplaren fan Cook syn lettere reizen. De Alaskawylp is no ien fan 'e njoggen soarten yn it skaai Numenius, dat yn 1760 oprjochte waard troch de Frânske wittenskipper Mathurin Jacques Brisson yn syn "Ornithologie". De namme Numenius komt fan it Aldgrykske noumenios, in fûgel dy't neamd wurdt troch de 6e-iuwske kronykskriuwer Hesychios fan Milet. De namme wurdt assosjearre mei wylpen om't er ôflaat liket te wêzen fan neos ("nij") en mene ("moanne"), wat ferwiist nei de sikelfoarmige snaffel. De soarte wurdt as monotypysk beskôge: der wurde gjin ûndersoarten erkend.
Fersprieding en habitat It winterhabitat is tropysk Oseaanje, ynklusyf de Federearre Steaten fan Mikroneezje, Fidzjy, Tûvalû, Tonga, de Hawaï-eilannen, Samoä, Frânsk-Polyneezje en Tongareva (Penrhyn-atol). Der binne soargen oer it ynkringen fan minsken en de yntroduksje fan rôfdieren yn harren winterhabitat.
Hoewol't de fûgel beskreaun waard nei de besites fan James Cook oan Tahiti yn 'e 18e iuw, waard it briedgebiet earst yn 1948 fûn. De nêstgebieten lizze yn 'e Yukon-Kuskokwimdelta en op it Sewardskiereilân, beide yn Alaska, wêrby't de fûgels in foarkar ha foar de leechlizzende toendra tichtby de kust. De fûgel wurdt komselden sjoen tichteby befolke gebieten; der binne mar in hantsjefol waarnimmings yn Kanada, Kalifornje en Oregon.
Gedrach en ekology Briedgedrach Nêsten wurde boud yn kûlen yn 'e grûn en beklaaid mei tûndramoas. De aaien binne grienich mei brune plakken; in lechsel bestiet út fjouwer aaien en der is ien lechsel yn it seizoen. It útbrieden duorret likernôch 24 dagen, wêrby't beide âlders foar it nêst soargje en de krekt útkommen piken beskermje.
Folwoeksen fûgels ferlitte harren piken as se likernôch fiif wiken âld binne om nei it suden te migrearjen. De piken bliuwe dêr oant se sels de reis meitsje kinne. It earste part fan 'e migraasje bestiet út in non-stop flecht fan 4.000 km fan Alaska nei Laysan. Se kinne flechten meitsje fan mear as 6.000 km sûnder te stopjen.
Iten Alaskawylpen ite in breed ferskaat oan fegetaasje, lykas blommen en beien, mar ek ynsekten, seelibben en de aaien fan oare fûgels, dy't se iepenbrekke mei stiennen De Alaskawylp is de iennige soarte fan 'e steltrinners dy't sa ark brûkt.
Status De grutte fan 'e populaasje waard yn 2019 op 10.000 folwoeksen fûgels rûsd. Op 'e Reade List klassifisearret de IUCN de fûgel as gefoelich (Vulnerable).
Kategory:Wylp Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn de Cookeilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Fidzjy Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Polyneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Gûam Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Kiribaty Kategory:Lânseigen fauna yn de Marshalleilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Mikroneezje (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Naurû Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Seelân Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardlike Marianen Kategory:Lânseigen fauna yn de Pitcairneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Samoä Kategory:Lânseigen fauna yn de Salomonseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Tonga Kategory:Lânseigen fauna yn Tûvalû Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn Hawaï