Thor: Love and Thunder is in Amerikaanske superheldefilm út 2022 ûnder rezjy fan Taika Waititi, mei yn 'e haadrollen Chris Hemsworth en Natalie Portman. De titel betsjut: "Thor: Leafde en Tonger". It ferhaal folget de god Thor wannear't er de striid oanbynt mei Gorr de Goadeslachter, dy't alle goaden yn it hielal deadzje wol. Dêrby komt er syn âlde leafde Jane Foster wer tsjin, dy't no sels ek bejeftige is mei superkrêften. Thor: Love and Thunder makket diel út fan 'e Marvel Cinematic Universe-filmsearje. De film folget as sadanich op Doctor Strange in the Multiverse of Madness en giet foarôf oan Black Panther: Wakanda Forever, beide ek út 2022. De film pakt it ferhaal fan Thor wer op nei de foarfallen út Avengers: Endgame út 2019. Thor: Love and Thunder krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie in reuseftich kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.
Plot Gorr en syn jonge dochter Love, de lêsten fan harren ras, sykje yn in ûnherberchsume woastyn nei in manear om te oerlibjen. Nettsjinsteande Gorr syn gebedens oan syn god Rapu om syn dochter te rêden, komt it famke te ferstjerren fan honger, toarst en útputting. Neitiid wurdt in wanhopige Gorr nei in wielderige oäze ta laat trochdat dêr wat is dat him ropt. De oäze blykt it wenstee te wêzen fan Rapu, dy't feestfiert om syn oerwinning op 'e Goadeslachter, de drager fan it Nekroswurd dêr't sels goaden mei deade wurde kinne. Rapu blykt neat om syn eigen ferearders te jaan. Hy driuwt de spot mei Gorr om syn naïve leauwe en om it lot fan Love. Dêrop swart Gorr Rapu ôf. Hy makket de god dêrmei sa lulk dat dy him begjint te smoaren. It Nekroswurd, dat itjinge blykt te wêzen dat Gorr nei de oäze ta roppen hat, biedt himsels oan Gorr oan. Hy nimt it swurd op, deadet Rapu en docht in eed dat er alle goaden yn it hielal om hals bringe sil. Sa wurdt er Gorr de Goadeslachter. It Nekroswurd bejeftiget him mei it fermogen om skaden ta libben te bringen as reuseftige en ôfgryslike meunsters, mar it taast tagelyk Gorr syn persoanlikheid oan en fret him stadichoan fan binnenút op.
Underwilens hat de god Thor him nei de oerwinning op 'e Thanos (sjoch: Avengers: Endgame) by de Beskermers fan it Stjerrestelsel jûn. Hy hâldt him lykwols altyd wat op in distânsje fan syn selskipslju. Peter Quill, dy't syn grutte leafde Gamora kwytrekke is (sjoch: Avengers: Infinity War), jout Thor goerie troch him foar te hâlden dat it better is om leafde kend te hawwen en jin troch it ferlies alderaaklikst te fielen, as om leafde út 'e wei te gean en hielendal neat te fielen. Thor nimt dat foar kennisjouwing oan. Wannear't de Beskermers ferskate berjochten tagelyk krije oer goaden dy't fermoarde binne, ken Thor yn ien fan 'e ferslaggen de Asgardske kriichster Sif werom. Hy en de Beskermers beslute útinoar te gean om op ferskillende plakken tagelyk regaad te meitsjen. Thor en syn maat Korg reizgje mei in pear reuseftige, earferdôvjend gillende geiten dy't Thor earder kado krigen hat oer de Bifrǫst (de Reinbôgebrêge) dy't foarme wurdt troch Thor syn striidbile Stoarmbrekker. Se fine op in planeet mei in deade god in swierferwûne Sif werom, dy't de lofterearm ôfhoud is. Sy warskôget harren dat Gorr de Goadeslachter de god fan dy wrâld om hals brocht hat, en dat syn folgjende doelwyt Nij-Asgard is, de delsetting dy't de Asgardske flechtlingen op 'e Ierde stifte hawwe, oan 'e kust fan Noarwegen.
Underwilens leit Thor syn eardere freondinne, de Ierdske natuerkundige Jane Foster, yn it sikehûs mei terminale kanker. Wannear't de genêskunde har sykte net tsjinkeare kin, nimt Jane har taflecht ta de Noardske myten. Yn in boek lêst se dat Mjǫlnir, de striidhammer fan Thor, sûnens en in lang libben jout. Mjǫlnir wie oan gruzeleminten slein troch Thor syn boasaardige healsuster Hela (sjoch: Thor: Ragnarok), mar de stâle en de brokstikken fan 'e kop wurde yn Nij-Asgard as in museumstik bewarre. Yn 'e hoop dat Mjǫlnir har genêze kin, reizget Jane ôf nei Nij-Asgard, dêr't Mjǫlnir yn har oanwêzigens ta libben komt, wer hiel wurdt en in bân mei har foarmet. Jane mient dat de myten gelyk hawwe, mar eins is der wat folslein oars oan 'e hân. Yn 'e tiid dat Thor en sy in relaasje hiene, sei Thor op in kear by wize fan grap tsjin Mjǫlnir dat de hammer tenei altyd it libben fan Jane beskermje moast. Hy hie it sels net troch, mar dêrmei leid er Mjǫlnir in betsjoening op, dy't no yn wurking trêdet.
Thor arrivearret mei Korg, de ferwûne Sif en syn geiten yn Nij-Asgard, krekt as de oanfal fan Gorr en syn skaadmeunsters dêre begjint. Dat Jane in wer hiel makke Mjǫlnir brûkt en har ûnder ynfloed fan 'e striidhammer ûntjûn hat ta in soartemint froulike wjergader fan Thor komt Thor raar oer it mad. It wersjen is dochs al ûnnoflik, mei't Thor en Jane útinoar gien binne om't se allebeide safolle ominoar joegen dat se deabenaud rekken ominoar te ferliezen. Dat betsjut dat alle âlde gefoelens dy't se foarinoar hiene, noch springlibben binne. Nettsjinsteande de skok fan it wersjen mei Jane jouwe Thor en Korg harren by har en de Walkuere (dy't as keninginne oer Nij-Asgard hearsket), en mei feriene krêften witte se Gorr werom te driuwen. Mar by syn ûntsnapping ûntfiert Gorr alle bern fan Nij-Asgard, dy't er neitiid finzen set yn it Skaderyk.
Yn Nij-Asgard beslute Thor-en-dy dat de oare goaden, dy't foar it meastepart tahâlde yn 'e Stêd fan Almacht, warskôge wurde moatte foar Gorr. Ek hopet Thor yn 'e Stêd fan Almacht bûnsmaten te winnen om 'e bern fan Nij-Asgard te befrijen. De beide reuseftige geiten (Tanngrisnir en Tanngnjóstr) wurde foar in fleanend langskip út Nij-Asgard spand sadat Thor, Jane, Korg en de Walkuere yn komfôr oer de Bifrǫst reizgje kinne. Ienris op har bestimming oankommen, docht lykwols bliken dat de oare goaden net steane te springen om harren de helpende hân te rikken. Seus, de kening fan 'e goaden, is fan miening dat se feilich wêze sille foar Gorr salang't se har yn 'e Stêd fan Almacht ferskûlje, in plak wêrfan't de lokaasje strang geheim holden wurdt foar eltsenien dy't gjin god is. Dat betsjut lykwols al dat Thor-en-dy no net mear fuort meie, want dan soe Gorr fan Thor ûntdekke kinne wêr't de Stêd fan Almacht is.
Fierdersoan is Seus fan miening dat Gorr syn doel om it Ryk fan 'e Ivichheid besykjen, dat de kearn fan it hielal foarmet, net folbringe kinne sil, om't er de kaai net hat om dêr te kommen. (Gorr wol dêrhinne om't er dan ien winsk dwaan mei, nei't men oannimme mei dat alle goaden ferneatige wurde meie.) Mei't Gorr stjerlik is, hoege de goaden inkeld ôf te wachtsjen oant er úteinlik deagean sil. Thor-en-dy wegerje lykwols mei te wurkjen oan it plan fan Seus, om't sy de bern fan Nij-Asgard befrije moatte. Dêrop besiket Seus harren finzen sette te litten, wat liedt ta in gefjocht. Korg wurdt troch Seus ferwûne, wêrnei't Thor Seus deadet mei syn eigen wjerljochtslach. Dat mytyske wapen wurdt neitiid stellen troch de Walkuere ear't Thor-en-dy yn harren fleanend langskip oer de Bifrǫst ûntkomme.
Ynstee fan fersterke is de groep ferswakke út 'e Stêd fan Almacht kommen, mei't Korg troch syn ferwûnings bûten gefjocht steld is. Nettsjinsteande dat hawwe Thor-en-dy gjin oare kar as om troch te setten. Underweis nei it Skaderyk ûntdekt Thor dat Jane kanker hat. Hy beslút de rie fan Peter Quill op te folgjen en foar de leafde te kiezen, ek al sil dat no hast wis liede ta ferlies en pine. Thor tutet Jane en sy tutet him werom. Wannear't de groep yn it Skaderyk arrivearret, dêr't kleuren net besteane, slagget it net en fyn de bern werom. It docht bliken dat Gorr de bern ûnderwilens nei in oar sideplak brocht hat. Jane fynt oerâlde tekenings fan Stoarmbrekker werom en beseft dat se yn in mûklaach rûn binne: de Bifrǫst dy't fan Stoarmbrekker útgiet, is de kaai om it Ryk fan 'e Ivichheid te berikken, en de bern wiene it lokies dat Gorr brûkt hat om Thor (en Stoarmbrekker) te krijen wêr't er se hawwe woe. Want yn it Skaderyk binne syn skaadmeunsters nammenste sterker as yn 'e echte wrâld. Gorr falt de groep oan, mar Jane smyt Stoarmbrekker mei de goadekrêft dy't Mjǫlnir har jout fuort, de romte yn. Gorr oermasteret lykwols Thor, Jane en de Walkuere en easket fan Thor dat dy Stoarmbrekker weromropt as er net hawwe wol dat hy (Gorr) Jane fermoardet. Dêrmei hat er Thor syn swakke plak fûn. Thor ropt Stoarmbrekker werom en Gorr ûntkomt mei de striidbile nei't er de Walkuere ferwûne hat.
Thor-en-dy reizgje werom nei Nij-Asgard om it libben fan 'e Walkuere te rêden. As se dêr oankomme, stoart in ferswakke Jane yn. De dokter yn it sikehûs seit dat der wat is dat tsjinkeart dat har lichem de kanker bestride kin. Thor en Jane begripe dat it Mjǫlnir wêze moat. As Jane har troch de hammer bejeftige Thor-foarm oannimt, fielt se har sterk, mar dy krêft komt mar foar in diel út 'e hammer. De rest wurdt as enerzjy út harsels sûgd, wêrmei't se rôfbou begiet op har troch sykte teheistere lichem. Thor lit Jane ûnthjitte dat se Mjǫlnir net wer opnimme sil, mei't dat har dea wurde soe. Om't de Walkuere troch har ferwûnings ek útskeakele is, giet er allinnich efter Gorr oan.
Thor reizget nei it Ryk fan 'e Ivichheid, dêr't er de bern fan Nij-Asgard weromfynt. Troch gebrûk te meitsjen fan 'e wjerljochtslach fan Seus, skinkt er oan 'e bern tydlik syn eigen godlike krêften, sadat sy Gorr syn skaadmeunsters befjochtsje kinne. Sels giet Thor de striid mei Gorr oan, mar dat giet net goed. Wannear't Gorr op it punt stiet om Thor te deadzjen, fielt Jane dat yn har sikehûsbêd op 'e Ierde. Mjǫlnir komt njonken it bêd te sweven en biedt himsels dêrmei oan. Jane brekt har ûnthjit en nimt op 'e nij de striidhammer op. Se reizget yn in eachwink nei it Ryk fan 'e Ivichheid en arrivearret dêr krekt op 'e tiid om it libben fan Thor te rêden. Tegearre witte Thor en Jane Gorr yn it nau te driuwen. Se ferneatigje it Nekroswurd en befrije Gorr sa fan 'e ynfloed fan dat boasaardige wapen. Mar Gorr hat ûnderwilens mei Stoarmbrekker de wei nei de Ivichheid iepene en stiet op it punt om syn winsk te dwaan. Thor pleitet mei him om mei dy winsk syn dochter Love wer ta libben te wekjen ynstee fan 'e goaden te ferneatigjen. Nei't er syn sechje dien hat, jout er him by Jane, dy't yn it gefjocht mei Gorr alles jûn hat en no oan har sykte beswykt. Hy hâldt har fêst wylst se yn syn earms ferstjert. As Gorr sjocht hoe't Thor foar de leafde kiest, ek al liedt dat ta pine en fertriet, winsket er syn dochter wer yn libben. It famke ferskynt, en wylst Gorr ferstjert oan 'e flok fan it Nekroswurd, freget er Thor om foar syn dochter te soargjen, wat Thor taseit te dwaan.
Neitiid bringt Thor de bern fan Nij-Asgard wer thús, dêr't se weriene wurde mei harren âldelju. Fan dat stuit ôf krije alle bern dêr gefjochtstraining fan 'e Walkuere en in no ienearmige Sif, dy't allebeide wer opbetterje fan harren ferwûnings. In reuseftich stânbyld fan Jane as in froulike Thor wurdt oprjochte op in klif by Nij-Asgard. Thor nimt Love oan as syn eigen dochter, en it fanke beselskippet him tenei by al syn heldedieden, wêrby't Thor Mjǫlnir hantearret en Love Stoarmbrekker.
Yn in sêne dy't healwei de ôftiteling folget, blykt Seus dochs net deade te wêzen troch Thor, mar stadichoan op te betterjen yn 'e Stêd fan 'e Almacht. Mar hy is poerlulk en jout út wraak syn soan, de healgod Herkules, opdracht om Thor om hals te bringen. Yn in sêne oan 'e ein fan 'e ôftiteling arrivearret Jane Foster by de poarten fan it Walhalla, dêr't Thor syn freon Heimdall har ferwolkommet. Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise Thor Chris Hemsworth Jane Foster Natalie Portman
byrollen