De Kanaryske swarte strânljip (Haematopus meadewaldoi) is in útstoarne fûgel út de famylje fan 'e strânljipfûgels (Haematopodidae), dy't endemysk wie op 'e Kanaryske Eilannen.
Beskriuwing De Kanaryske swarte strânljip wie hielendal swart en hie allinnich in pear wite plakjes oan 'e ûnderkant fan 'e wjukken. Hy like in soad op syn nauwe sibbe, de Afrikaanske swarte strânljip (Haematopus moquini), en wie sels yn 'e hân dreech te ûnderskieden. De snaffel wie lykwols langer en de wjukken wiene koarter. De Afrikaanske swarte strânljip komt lykwols net noardlik fan Lobito yn Angoala foar.
Fersprieding De fûgel wie endemysk foar de eastlike Kanaryske Eilannen: Fuerteventura, Lanzarote en de omlizzende eilannen (Isla de Lobos en de Chinijo-arsjipel). It wie in stânfûgel en dy't nea bûten de eastlike Kanaryske Eilannen sjoen waard. De lokale befolking wie goed mei de fûgel bekend en neamde him cuervo marino ("seekrie") op Fuerteventura, en grajo of corvino (lytse raven) op La Graciosa.
De Kanaryske swarte strânljip libbe nei alle gedachten oan 'e rotsige kusten ynstee fan op sânstrannen.
Hâlden end dragen Hy iet lytse skulpdieren en skaaldieren, foaral komskelpen (patellidae) en de moksel Perna perna.
Lykas oare strânljippen boude er gjin echt nêst, mar lei er de aaien fuort op 'e grûn. Wittenskippers hawwe lykwols nea aaien of nêsten sjoen. It pearingsritueel wie nei alle gedachten bysûnder, mei twa of trije mantsjes dy't in dûns foar in wyfke útfierden. As it wyfke ien kear in mantsjes útsocht hie, bleaune se nei alle gedachten har hiele libben by inoar. Nei alle gedachten lei de fûgel mar ienris yn 't jier in aai. It briedseizoen begûn nei alle gedachten yn april; yn juny waarden de fûgels wer sjoen yn mear befolke gebieten. De soarte waard nei alle gedachten relatyf âld, oant 20 of sels mear as 30 jier.
Systematyk Foarhinne waard de Kanaryske swarte strânljip as ûndersoarte fan 'e Afrikaanske swarte strânljip kategorisearre. Phil Hockey (1982) toande lykwols oan dat it in folslein selsstannige soarte wie. Yn 2019 hat in ynternasjonaal wittenskiplik team (ûnder lieding fan 'e Universiteit fan Aberdeen) lykwols DNA-ûndersyk dien nei museumeksimplaren. Dat ûndersyk wiist út dat de fûgel genetysk folle nauwer besibbe is oan 'e Jeropeeske strânljip dan oan 'e Afrikaanske swarte strânljip. Dat soe betsjutte dat de taksonomyske status as selsstannige soarte op 'e nij besjoen wurde moat en dat er mooglik as in útstoarne ûndersoarte (H. ostralegus meadewaldoi) klassifisearre wurde moat.BirdGuides: Canary Islands Oystercatcher was not a distinct species, 16 septimber 2019.
Utstjerren De lêste fûgel waard yn 1913 fongen. Lokale fiskers en fjoertoerwachters seine dat de soarte om 1940 hinne net mear sjoen waard. It liket der op dat de soarte earste fan Lanzarote ferdwûn. Yn it begjin fan 'e 20e iuw waard de soarte net mear sjoen bûten de Chinijo-eilannen en Islote de Lobos. As jier fan útstjerren wurdt 1950 oanholden. Wiidweidige sykaksjes tusken 1956 en de jierren 1980 leveren gjin bewiis dat de fûgel noch libbe. Yn 1994 waard de soarte troch de IUCN as útstoarn klassifisearre.
Yn Senegal binne yn 1970 en 1975 noch trije meldingen dien, mar dy betroffen mooglik oerwinterjende melanistyske foarmen fan 'e gewoane strânljip, om't de Kanaryske swarte strânljip noch nea bûten de Kanaryske eilannen sjoen binne. Twa relatyf oertsjûgjende waarnimmingen op Tenerife yn 1968 en 1981 soene der op wize dat de soarte yn alle gefallen noch op in pear ûnbewenne eilannen oant it begjin fan 'e jierren 1980 oerlibbe hat.
Ferskillende faktoaren ha bydroegen oan it ferdwinen fan 'e soarte. Mooglik spile ek de predaasje troch katten en rotten in rol. Net duorsume lânboupraktyk en ûntbosking brochten yn 'e 19e iuw woastynfoarming yn it ferspriedingsgebiet, wat ek it tijgebiet beynfloede. Om de fermindere opbringst fan 'e rispinge te kompinsearjen sochten de minsken nei de aaien fan 'e fûgels en kokkels, de fiedselboarne fan 'e Kanaryske swarte strânljip. Mooglik hat it sammeljen fan 'e soarte foar museä de fûgel, werfan't de delgong doe al yn gong set wie, ien fan 'e genedeklappen west.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Strânljip Kategory:Utstoarne fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn de Kanaryske Eilannen Kategory:Bist útstoarn yn 1950