De Trouwgroep wie yn de Twadde Wrâldoarloch ien fan de gruttere yllegale organisaasjes yn Nederlân. Neist it meitsjen fan de krante Trouw dy't prinsipieel ferset preke, diene se ek oare yllegale aktiviteiten, lykas help oan ûnderdûkers.

It tal minsken dat by de groep behelle wie, soe neffens in rûge skatting seker sa'n twatûzen west ha; op de webside fan Nasjonaal Monumint Kamp Vught wurdt sels in oantal fan fjouwertûzen neamd.

Skiednis Doe't der troch de spoarweistaking fan septimber 1944 ôf gjin treinen mear rieden, sette Wim Speelman, ien fan de oprjochters fan Trouw, in koerierstsjinst fan ‘famkes’ op. Sy ûnderholden estafettetsjinsten op 'e fyts, wêrtroch't fersetsminsken troch hiel Nederlân mei-inoar yn kontakt bliuwe koene. Dy koeriersters spilen in wichtige rol by it ûnderdûken fan Joadske bern. Yn totaal hawwe sy sa'n tachtich Joadske bern fuortsmokkele en ûnderbrocht yn eigen rûnte.

Fan septimber 1943 ôf slagge it de SD hieltyd mear Trouw-meiwurkers te arrestearjen. Yn juny 1944 liet Rauter in grut tal Trouw-meiwurkers oppakke. Yn Kamp Haaren waard op 5 augustus foar it Polizeistandgericht in strafproses tsjin de Trouwgroep fierd, dat útrûn op 23 deafûnnissen. De feroardielden waarden fanút Haaren oerbrocht nei de bunker fan Kamp Vught en binne op 9 en 10 augustus op it fusilladeplak by Kamp Vught fusillearre.

Mei-inoar stoaren sawat twahûndert meiwurkers fanwegen harren fersetsaktiviteiten foar de krante. Dat wiene hast allinne manlju, dy't in skoft de herinneringskultuer oan it ferset bepaalden.

Froulike leden Under de leden fan de Trouwgroep wiene sawat trijehûndert froulju. Oant 2023 wiene mar in pear frouljusnammen bekend by it grutte publyk. Skiedkundigen beskôgen it wapene ferset faak as it echte ferset, wylst in soad froulju aktyf wiene yn it mear fersoargjende ferset, lykas it smokkeljen en yn eigen rûnte ûnderbringen fan Joadske bern.

Nei de oarloch waarden allinne foltiids fersetsminsken talitten ta de Trouw-ferieniging, dy't it oantinken oan de yllegale krante bepaalde. Op de twahûndert leden koene mar sa'n tritich koeriersters oanslute. Froulju dy't fungearren as kontaktadres, ûnderdûkers húsfestten of op waans souder Trouw drukt waard, waarden min of mear útsletten. De 'froulju fan Trouw' stiene ek net foaroan om harren ûnderfiningen mei it fersetswurk te dielen. Wat se dien hiene yn de oarloch, die der yn it froubyld fan doe ienfâldich minder ta as de mjitte wêryn't se manlju stipe hiene.

Omdat der net folle bekend wie oer de froulike leden fan de Trouwgroep, sette de krante yn 2023 útein mei in projekt om harren ferhalen op te spoaren. It oarlochsargyf fan de krante, dat 78 mappen beslacht, waard mei ynset fan frijwilligers better tagonklik makke. Sadwaande hawwe hûndert fersetsfroulju dy't belutsen wiene by de Trouwgroep noch in namme krigen: sawat ien tredde fan it tal froulju yn it oarlochsargyf.

In pear leden fan de Trouwgroep fan wa't it fersetswurk rekonstruearre wurde koe, wiene Willemiena Bouwman, Henny Fokkens, Nel Meijer, Loulou Oderkerk en Tankie Roelofs-Leppink.

Kategory:Nederlânsk ferset yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1943 Kategory:Organisaasje opheft yn 1945