De bûnte stirns (Onychoprion fuscatus, earder Sterna fuscata), is in fûgel út de famylje fan 'e seefûgels (Laridae) en de groep fan 'e stirnzen (Sternini).
Skaaimerken It is in middelgrutte stirns, kwa formaat te ferlykjen mei de klikstirns; 33-36 cm lang, 150 oant 250 gram swier en mei in spanwiidte fan 82-94 cm. De wjukken en de djip foarke sturt binne lang en de fûgel hat swartbrune boppedielen en wite ûnderdielen. De snaffel en poaten binne swart. De bûnte stirns kin dreech mei in oare stirns betiizge wurde, útsein mei de lytsere brilstirns. De rêch fan 'e bûnte stirns is lykwols donkerder, it wyt op 'e foarholle is breder en de wite nekkebân fan 'e brilstirns ûntbrekt. It fearrekleed is by beide skaaien allyk. De bûnte stirns kin oant tritich jier âld wurde. thumb|left|Juvenyl. Juvenilen binne foar it grutste part griisswart mei boppe smelle, ljochte rântsjes oan 'e fearren, sadat it patroan wat skobbich liket. Allinnich de ûnderbúk is wyt.
Fersprieding It is in fûgel fan 'e tropyske oseanen en de briedgebieten lizze op 'e eilannen om de evener hinne. De bûnte stirns is in trekfûgel mei in grut ferspriedingsgebiet, dy't meastentiids boppe de tropyske oseanen oerwinteret. Yn ferliking mei oare stirnzen wurdt in folle grutter part fan de tiid op folle see trochbrocht.
De soarte telt seis ûndersoarten:
O. f. fuscatus: de Golf fan Meksiko en West-Ynje, de Golf fan Guinee en de súdlike Atlantyske Oseaan. O. f. nubilosus: fan 'e Reade See en de Yndyske Oseaan oant de Rjûkjû-eilannen, de Filipinen en de Grutte Sûnda-eilannen. O. f. serratus: fan westlik en noardlik Austraalje en Nij-Guineä] fia de súdlike Grutte Oseaan oant Peaske-eilân. O. f. oahuensis: fan 'e Bonin-eilannen (Japan) oant Hawaï en súdlik oant Kiritimati (Line-eilannen). O. f. crissalis: fan 'e eilannen tichteby westlik Meksiko oant de Galapagoseilannen. O. f. luctuosus: Juan Fernández-arsjipel (Sily).
De soarte is in seldsume doarmer yn West-Europa mei yn Nederlân ien waarnimming (yn 2012).
Hâlden en dragen thumb|left|Fûgel op aaien. It fretten fan bûnte stirnzen bestiet út fisken, garnalen en inketfisk. Om de proai te fangen fleant de fûgel leech oer it wetter wylst er it fearrekleed drûch hâldt. Se foerazjearje yn grutte groepen en pikke de fisk op fan it wetteroerflak. Se komme allinnich op lân om te brieden.
Bûnte stirnzen brieden yn koloanjes fan bytiden wol 1 miljoen pearen op rots- of koraaleilannen. It briedpear nestelet op 'e grûn yn in kûltsje en leit ien oant trije aaien. It pear bringt lykwols mar ien piken grut, dat troch beide âlden fuorre wurdt. Nei twa moannen kin it jong fleane. It fljocht dan út oer see en komt pas nei fiif oant seis jier werom nei it lân, as it geslachtsryp is.
Status De bûnte stirns hat in ûnbidich grut ferspriedingsgebiet en dêrtroch allinnich al is de kâns op útstjerren tige lyts. De grutte fan 'e populaasje wurdt rûsd op 23 miljoen fûgels. Oer trends yn oantallen is neat bekend. Dêrom stiet dizze stirns as 'net bedrige' op 'e Reade list fan 'e IUCN.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Swartbûnte stirns Kategory:Lânseigen fauna yn Amerikaansk-Samoä Kategory:Lânseigen fauna yn Anguilla Kategory:Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Arûba Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bermuda Kategory:Lânseigen fauna yn Bonêre Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Eustasius Kategory:Lânseigen fauna yn Saba Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn de Kokoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn de Komoaren Kategory:Lânseigen fauna yn de Cookeilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Kurasau Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Dominika Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Fidzjy Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Polyneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Grenada Kategory:Lânseigen fauna yn Gûadelûp Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Jamaika Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kiribaty Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Madagaskar Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn de Maldiven Kategory:Lânseigen fauna yn de Marshalleilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Martinyk Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mauritsius Kategory:Lânseigen fauna yn Majot Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Mikroneezje (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Montserrat Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Naurû Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Kaledoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Seelân Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Norfolk (eilân) Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardlike Marianen Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Palau Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn de Pitcairneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Reünion Kategory:Lânseigen fauna yn Samoä Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn de Seysjellen Kategory:Lânseigen fauna yn de Salomonseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Helena Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Lusia Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Marten Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Tonga Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Tûvalû Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Fanûatû Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Yndyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Golf fan Kalifornje Kategory:Lânseigen fauna yn de Golf fan Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn de Karibyske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Súdsineeske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Eastsineeske See