De koartsnútkrokkedileftigen (wittenskiplike namme: Brevirostres; letterlik: "koartsnutigen", fan it Latynske brevis, "koart", en rostrum, "snút") is in ferâldere taksonomyske klade fan it skift fan 'e krokkedileftigen, dy't yn ûnbrûk rekke is troch nijere ynsichten. Dizze klade waard yn 1890 yntrodusearre troch de Dútske paleöntolooch en taksonoom Karl Alfred von Zittel.

De koartsnútkrokkedileftigen wiene in rangleaze klade wêryn't de boppefamyljes fan 'e alligatoreftigen (Alligatoroidea) en de echte krokkedileftigen (Crocodyloidea) ûnderbrocht wiene. Dizze yndieling wie basearre op morfologyske ûndersiken oangeande de skaaimerken fan it skelet fan sawol libbene as útstoarne krokkedileftigen. Der waard ornearre dat de snút by de alligatoreftigen en de echte krokkedileftigen safolle opinoar liek, dat dy beide groepen wol nau oaninoar besibbe wêze moasten. De trêde boppefamylje fan 'e krokkedileftigen, de gaviaaleftigen (Gavialoidea), dy't in tige lange en smelle snút hawwe, waarden as in morfologysk ôfwikende en dêrom minder nau besibbe kloft sjoen.

Doe't yn 'e ienentweintichste iuw ûndersyk dien waard nei it DNA fan krokkedileftigen wiisden de útkomsten lykwols unanym op in folslein tsjinstelde yndieling. Ynstee dat de gaviaaleftigen de ôfwikende groep foarmen, die bliken dat sy krekt nau besibbe wiene oan 'e echte krokkedileftigen, wylst de alligatoreftigen dêr folle fierder fanôf stiene. De klade fan 'e koartsnútkrokkedileftigen waard doe ôftanke en yn it plak dêrfoar kaam de klade fan 'e langsnútkrokkedileftigen (Longirostres Harshman et al., 2003), dêr't de gaviaaleftigen en de echte krokkedileftigen yn gearbrocht binne.

Sjoch ek langsnútkrokkedileftigen

Kategory:Krokkedileftige