Liebschützberg is in gemeente yn 'e Landkreis Noardsaksen yn Dútslân. De gemeente Liebschützberg hat 2.844 ynwenners (2024).
De gemeente Liebschützberg waard offisjeel stifte op 1 jannewaris 1991. Doe holden de trije earder selsstannige gemeenten Borna, Ganzig en Liebschütz op te bestean as eigen politike ienheden en foarmen se de nije fúzjegemeente Liebschützberg. De oare plakken binne by lettere weryndielingen by de doe al besteande gemeente foege. It gemeentehûs en it bestjoerlike sintrum sitte yn it grutste doarp, Borna.
De gemeente is ferneamd nei de Liebschützberg dy't sintraal tusken de doarpen yn leit. Op 'e Liebschützberg stiet it symboal fan 'e gemeente: in histoaryske houten standermûne, dy't yn 1828 boud waard.
Gemeenteyndieling Borna Bornitz Clanzschwitz Ganzig Gaunitz Kleinragewitz Klötitz Laas Leckwitz Leisnitz Liebschütz Sahlassan Schönnewitz Terpitz Wadewitz Wellerswalde Zaußwitz
Ofbylden
Kategory:Gemeente yn Saksen Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1991 Kategory:Noardsaksen (Landkreis)