Trossin is in plak en gemeente yn 'e Landkreis Noardsaksen yn Dútslân. De gemeente Trossin hat 1200 ynwenners (2024). Trossin leit sintraal yn it grutte beskerme Natuerpark Dübener Heide. It lânskip wurdt skaaimerke troch tichte bosken en beken.

De hjoeddeiske fúzjegemeente Trossin ûntstie op 1 jannewaris 1999 doe't de foarhinne selsstannige gemeenten Trossin, Dahlenberg en Falkenberg frijwillig fusearren. It bestjoer fan 'e tinbefolke gemeente sit yn it haadplak Trossin.

Gemeenteyndieling By de gemeente hearre de folgjende Ortsteile:

Dahlenberg Falkenberg mei Gniebitz en Hachemühle Roitzsch Trossin.

Kategory:Plak yn Saksen Kategory:Gemeente yn Saksen Kategory:Noardsaksen (Landkreis) Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1999