De swart-wite túfearn of swart-wite toefearn (Spizaetus melanoleucus) is in Amerikaanske fûgel út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae) mei in brede fersprieding fan Meksiko oant Argentynje. De soarte rint yn oantallen tebek, mar de wrâldpopulaasje wurdt likegoed as net bedrige beskôge.
Beskriuwing De swart-wite túfearn is in frij lytse (51 oant 61 sentimeter) en stevich boude earn mei lange, rûne wjukken, in frij lange sturt, in opfallende túf en befearre poaten. De spanwiidte is 110 oant 135 sm. Hy is wyt oan 'e ûnderkant en op 'e kop, mar hy hat in swart eachmasker en in lytse swarte kroan. De boppekant is swart mei wat brunere wjukken en in griiseftige sturt mei trije oant fjouwer swarte bannen. Yn 'e flecht is er fan ûnder wyt mei fine bannen oer de slachpinnen.arre slachpinnen en de sturt. It skerpe lûd fan 'e fûgel wurdt yn ferliking mei oare Spizaetus-earnen, mar komselden heard.
Fersprieding en systematyk De fûgel komt foar yn 'e bosken fan súdlik Meksiko oant Brazylje en it noarden fan Argentynje. Earder waard er as ienige soarte yn it aparte skaai Spizastur pleatst, mar nei DNA-ûndersyk is er hjoed-de-dei by it skaai Spizaetus ûnderbrocht.
De wittenskiplike soartenamme melanoleucus komt út it Gryksk en betsjut letterlik "swart-wyt".
Libbenswize De swart-wite túfearn wurdt fûn yn ûnderskate typen boskomjouwings, lykas reinwâld, iepen plakken yn it bosk en boskrânen, meastentiids oant op in hichte fan 1700 meter en hiel inkeld oant 3000 meter. Under de proaidieren binne sawol sûchdieren, reptilen, podden as in ferskaat oan fûgelsoarten waarnommen. It earste beskreaune nêst, dat yn 1972 yn Panama fûn waard, lei op 40 meter hichte boppe de grûn yn 'e kroan fan in reuzebeam út it skaai Cavanillesia (Cavanillesia platanifolia).
Status en bedriging De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje. Hoewol't der oannommen wurdt dat de fûgel yn oantallen tebekrint, is dy delgong net hurd genôch om de soarte as bedrige te beskôgjen. De IUCN kategorisearret de swart-wite túfearn dêrom as net bedrige (Least Concern). De wrâldpopulaasje wurdt rûsd op minder as 50.000 folwoeksen fûgels.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Amerikaanske túfearn Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla