De swarte túfearn of swarte toefearn (Spizaetus tyrannus) is in Amerikaanske fûgel út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae) mei in brede fersprieding fan Meksiko oant Argentynje. It is in middelgrutte en foar it grutste part swarte earn mei in túf op 'e kop. De soarte rint yn oantallen tebek, mar de wrâldpopulaasje wurdt likegoed as net bedrige beskôge.

Beskriuwing De swarte túfearn is in slanke en middelgrutte (58 oant 71 sentimeter) earn mei brede wjukken, in lange sturt, in koarte, brede túf en befearre poaten. Yn 'e flecht sweeft er op platte wjukken dy't nei foaren hâlden wurde.

Sawol it wyfke as it mantsje hawwe in swart fearrekleed. It wyfke hat in wite ynslach yn 'e túf, wite dwersbannen op 'e "broek" (de befearring op 'e poaten) en somtiden wite plakken op 'e kiel en de búk. Op 'e sturt binne trije brede, grize dwersbannen te sjen. It mantsje hat dúdliker wite bannen op 'e poaten en hat faak mear wite plakken op 'e kiel en de búk. Yn 'e flecht binne ek wite plakken op 'e ûnderwjukdekfearren te sjen. It lûd wurdt yn 'e Ingelsktalige literatuer omskreaun as "whit, whit-whit wheeeear".

Fersprieding en systematyk De swarte túfearn wurdt ûnderferdield yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding: Spizaetus tyrannus serus: de bosken fan súdlik Meksiko oant it noardeasten fan Argentynje en Brazylje, en ek op Trinidad. Spizaetus tyrannus tyrannus: it easten en suden fan Brazylje en it uterste noardeasten fan Argentynje (Misiones).

De swarte túfearn is ien fan 'e fjouwer soarten dy't hjoed-de-dei it skaai Spizaetus foarmje.

Libbenswize De swarte túfearn wurdt fûn yn bosklânskippen, meastentiids oant op hichtes fan 1500 meter, mar bytiden ek oant 3000 meter. De fûgel liedt in ferburgen libben wylst er djip yn 'e beamkroanen sit en wurdt dêrom net faak sjoen. Hy jaget fan in sitplak op fûgels oant de grutte fan in sjatsjalaka (Ortalis) en op sûchdieren sa grut as in gielboarstkapusynaap (Sapajus xanthosternos). Yn Panama binne krekt útkommen piken waarnommen yn febrewaris, dy't yn july yn 'e fearren sieten en yn augustus útfleagen.

Status en bedriging De wrâldpopulaasje wurdt earne tusken de 50.000 en 500.000 folwoeksen fûgels rûsd. Der wurdt oannommen dat de soarte yn oantallen tebekrint, mar net hurd genôch om as bedrige beskôge te wurden. De IUCN kategorisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Amerikaanske túfearn Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla