It Ynternasjonaal Filmfestival fan Sjanghai (Mandarynsk: 上海国际电影节; pinyin-transliteraasje: Shànghǎi Guójì Diànyǐng Jié; ynternasjonaal bekend ûnder de Ingelske namme Shanghai International Film Festival, ôfkoarte ta SIFF) is in filmfestival yn 'e Sineeske stêd Sjanghai. Dit evenemint waard foar it earst holden yn 1993 en is it iennichste Sineeske filmfestival dat akkreditearre is troch de FIAPF. It Ynternasjonaal Filmfestival fan Sjanghai is teffens it grutste filmfesival fan Aazje. De prizen dy't op it festival útrikt wurde, binne de Golden Goblets.

Algemiene ynformaasje It Ynternasjonaal Filmfestival fan Sjanghai waard oprjochte yn oktober 1993. It is it langst besteande filmfestival fan Sina. It wurdt elts jier holden oer in perioade fan tsien dagen yn 'e moanne juny. De organisaasje is yn 'e hannen fan 'e China Film Aministration, in oerheidsynstânsje fan it nasjonale regear fan Sina, yn 'e mande mei de China Media Group, in filmstudio dy't liëarre is oan 'e Sineeske oerheid, en de provinsjale oerheid fan 'e stedsprovinsje Sjanghai. It Ynternasjonaal Filmfestival fan Sjanghai is it iennichste Sineeske filmfestival dat akkreditearre is troch de Ynternasjonale Federaasje fan Ferienings fan Filmprodusinten (FIAPF).

De ynstjoerings foar it Ynternasjonaal Filmfestival fan Sjanghai binne sawol langspylfilms as koarte films, en dêrnjonken ek dokumintêres en tekenfilms. Elts jier wurde der yn it ramt fan it festival mear as 2.000 films fertoand út mear as 100 lannen en territoaria yn likernôch 40 bioskopen ferspraat oer alle distrikten fan Sjanghai. It Ynternasjonaal Filmfestival fan Sjanghai is dêrmei it grutste filmfestival fan hiele Aazje.

Prizen De prizen dy't op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Sjanghai útrikt wurde, binne de Golden Goblets of Golden Goblet Awards (Ingelsk foar "Gouden Bekers" of "Gouden Bekerprizen"; Mandarynsk: 金爵; pinyin-transliteraasje: Jīn Jué). De Golden Goblets binne ferdield oer 5 haadkategoryen: Haadkompetysje (foar langspylfilms) Golden Goblet foar Bêste Lange Film Grutte Priis fan 'e Sjuery Golden Goblet foar Bêste Regisseur Golden Goblet foar Bêste Akteur Golden Goblet foar Bêste Aktrise Golden Goblet foar Bêste Senario Golden Goblet foar Bêste Kamerarezjy Golden Goblet foar Treflike Artistike Prestaasje (kin útrikt wurde foar bgl. filmmontaazje, filmmuzyk, produksje-ûntwerp, kostúmûntwerp, fisazjy, ensfh.)

Dokumintêrekompetysje Golden Goblet foar Bêste Dokumintêre

Animaasjekompetysje Golden Goblet foar Bêste Animaasjefilm

Koarte-filmkompetysje Golden Goblet foar Bêste Koarte Live-Actionfilm Golden Goblet foar Bêste Koarte Animaasjefilm

Prizen foar Aziatysk Nij Talint (Asian New Talent Awards) (foarbeholden oan persoanen mei de nasjonaliteit fan in Aziatysk lân) Golden Goblet Asian New Talent Award foar Bêste Film Golden Goblet Asian New Talent Award foar Bêste Regisseur Golden Goblet Asian New Talent Award foar Bêste Akteur Golden Goblet Asian New Talent Award foar Bêste Aktrise Golden Goblet Asian New Talent Award foar Bêste Senarioskriuwer Golden Goblet Asian New Talent Award foar Bêste Kameraregisseur

Njonken de Golden Goblets wurde op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Sjanghai ek noch beskate oare prizen útrikt. Dat binne de China Movie Channel Media Awards, dy't sûnt 2007 ferjûn wurde troch it China Movie Channel. De Jackie Chan Action Movie Awards, dy't fan 2015 oant en mei 2018 ek op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Sjanghai útrikt waarden, hawwe sûnt 2019 in eigen útrikkingsseremoanje, dy't los stiet fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Sjanghai.

Keppelings om utens Offisjele webside fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Sjanghai

Sjanghai Kategory:Evenemint yn Sjanghai Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 1993