Dreiheide is in gemeente yn 'e Dútske dielsteat Saksen en makket diel út fan 'e Landkreis Noardsaksen. Dreiheide hat 2.049 ynwenners. De gemeente wurket mei de stêd Torgau gear yn 'e ferbânsgemeente Torgau/Dreiheide.

Gemeente De gemeente Dreiheide ûntstie yn it ramt fan 'e weryndieling yn 1994 troch de earder selsstannige gemeenten Großwig, Süptitz en Weidenhain ta in gruttere gemeente gear te foegjen. De gemeente bestiet út trije Ortsteile:

Süptitz Großwig Weidenhain

Ofbylden

Kategory:Plak yn Saksen Kategory:Gemeente yn Saksen Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1994 Kategory:Noardsaksen (Landkreis)