Auke Kok (Haarlim, 27 oktober 1956) is in Nederlânske sjoernalist, skriuwer en skiedkundige.
Wurkpaad Kok studearre maatskippijskiednis oan de Erasmus Universiteit yn Rotterdam. Dêrnei wurke er as redakteur fan de Haagse Post en moanneblêd Quote. Tusken 1990 en 2000 wie Kok redakteur, adjunkt-haadredakteur en haadredakteur ad interim fan opinywykblêd HP/De Tijd. Dêrnei stapte er as redaksjesjef oer nei it Radio 1 Sjoernaal. Yn 2004 fêstige Kok him as selsstannich sjoernalist en boekeskriuwer. Oarloch, skiednis en sport binne weromkommende tema's yn syn wurk, dat him trochstrings ûnderskiede lit troch sterke aksinten op de tiidgeast en in ferheljende, empatyske skriuwstyl. Fanwegen syn sporthistoaryske kennis treedt Kok geregeldwei op yn radio- en telefyzjeprogramma's. Hy is ûnder oare meiwurker fan NRC Handelsblad, it wykblêd Vrij Nederland en de VARAgids. Syn fuotbalkollums yn HP/De Tijd binne yn 2000 bondele as boek ûnder de titel Balverliefd. De kollums dy't er skreau as stedskroniqueur fan Het Parool binne yn 2014 as boek ferskynd (De eenzaamste vrouw van Amsterdam).
Kok is troud mei Dido Michielsen en hat twa dochters.
Bibliografy (kar-út) 1995: De verrader. Leven en dood van Anton van der Waals (nominaasje Dr. L. de Jong-priis) 2000: Balverliefd 2004: 1974. Wij waren de besten (Nico Scheepmaker Beker foar it bêste sportboek fan 2004; nominaasje M.J. Brussepriis foar it bêste sjoernalistike boek) 2006: Onze jongens. De nieuwe helden van Oranje 2007: Dit was Veronica. Geschiedenis van een piraat 2008: 1988. Wij hielden van Oranje (nominaasje Nico Scheepmaker Beker foar it bêste sportboek fan 2008) 2009: Lisa & Lin. Vijf weken terug in China (mei Dido Michielsen) 2010: Oorlogsliefde. (oer de widdo Van der Waals) 2011: Holleeder. De jonge jaren (nominaasje M.J. Brussepriis foar it bêste sjoernalistike boek) 2013: Tussen Godenzonen. Een jaar lang Ajax 2014: De eenzaamste vrouw van Amsterdam 2015: De redding van de familie Van Cleeff (mei Dido Michielsen) 2016: 1936. Wij gingen naar Berlijn (Nico Scheepmaker Beker foar it bêste sportboek fan 2016; nominaasje M.J. Brussepriis foar it bêste sjoernalistike boek) 2019: Johan Cruijff. De biografie (nominaasje Nico Scheepmaker Beker foar it bêste sportboek fan 2019) 2026: Mussert (biografy)
Kategory:Nederlânsk sjoernalist Kategory:Nederlânsk sportsjoernalist Kategory:Nederlânsk tydskriftredakteur Kategory:Nederlânsk kollumnist Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk kommentator Kategory:Persoan berne yn 1956