De Maorywaaiersturt (Rhipidura fuliginosa) is in sjongfûgel út de famylje fan 'e waaiersturten (Rhipiduridae). It is in endemyske fûgelsoarte fan Nij-Seelân. De Maory-namme is Pīwakawaka.
Taksonomy Dizze soarte is ôfsplitst fan 'e grize waaiersturt. Neffens de regels fan de soölogyske nomenklatuer behâldt dizze soarte de wittenskiplike namme Rhipidura fuliginosa. Dêrtroch liket it as is de grize waaiersturt – dy't no de wittenskiplike namme Rhipidura albiscapa kriget – derfan ôfsplitst. De grize waaiersturt komt foar yn Austraalje en op Nij-Kaledoanje.
Skaaimerken De fûgel hat in grize oant griisbrune rêch en it boarst en de búk binne gieloranje fan kleur mei in swarte bân oer it boarst ûnder de wite hals. De fûgel hat wite streekjes boppe de eagen en - ôfhinklik fan 'e ûndersoarte - folslein wite sturtfearren of sturtfearren mei wite bûtenkanten,. thumb|left|In swarte morf De fûgel is 14 oant 17 sm lang, wêrfan't de helte út de sturtfearren bestiet. De bûtenste sturtfearren binne ljocht en de binnenste binne donker fan kleur, wat goed te sjen is as de fûgel syn sturt útteard as in waaier. Der is ek in swarte morf, dy't 4% fan 'e Maorywaaiersturten op it Sudereilân útmakket en minder as 1% op it Noardereilân, mar net foarkomt op 'e Chathameilannen. De swarte morf is folslein donker fan kleur en hat gjin wite markearrings, útsein in wyt plakje efter de eagen.
Jonge fûgels misse dúdlike kleurmarkearings en ha in mear bruneftich liche.
Fersprieding en ûndersoarten Oarspronklik libbe de foar Nij-Seelân endemyske fûgel yn in lânskip mei iepen bosk en strûken, mar hjoed-de-dei komt de fûgel ek by minsken foar yn parken, op ikkers en yn tunen. De soarte is te finen fan leechlân oant de sniegrins.
De Maorywaaiersturt telt fjouwer ûndersoarten, wêrfan't ien útstoarn is:
R. f. fuliginosa: Stewarteilân en Sudereilân. R. f. placabilis: Noardereilân. R. f. penita: Chathameilannen. † R. f. cervina Lord Howe-eilân (útstoarn).
R. f. cervina Yn juny 1918 rûn 'e SS Makambo, in Britsk hannelsskip, oan 'e grûn by Lord Howe-eilân. It skip waard reparearre mar ûndertusken wienen der swarte rotten (Rattus rattus) fan skip gien. Yn in pear jier tiid eksplodearre de rottepopulaasje op it lytse eilân. Om't de fûgels dêr tûzenen jierren sûnder lânsûchdieren libbe hienen, kenden se it gefaar fan rotten net. De rotten frieten de briedende fûgels, de aaien en de piken. Tagelyk mei de R. f. cervina stoaren noch fjouwer oare unike fûgelsoarten op it eilân út.
Iten De Maorywaaiersturt yt in breed skala oan ynsekten. De fûgel brûkt syn brede sturtfearren om fluch yn 'e loft te manûvrearjen as er op ynsekten jaget. Soms hingje se op 'e kop oan tûken om by ynsekten oan 'e ûnderkant fan blêden te kommen.
Status De grutte fan de populaasje is net kwantifisearre, mar de soarte wurdt beskreaun as algemien oant lokaal tige talryk. Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat dizze soarte de status net bedrige.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Echte waaiersturt Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Seelân