thumb|Flagge fan Noardeast-Fryslân De Flagge fan Noardeast-Fryslân is de flagge fan de gemeente Noardeast-Fryslân.

De flagge is by in riedsbeslút op 1 september 2021 oannommen as flagge fan de gemeente.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

Fiif banen blau, giel, grien, giel, blau wêrfan de hichten jin ferhâlde as 1:1:6:1:1, de beide blauwe banen weagjend, mei yn de broeking in giele seispuntige stjer like op'e hichte fan 1/3 fan de flaggehichte.

Earder ûntwerp thumb|Eardere flagge fan de gemeente Noardeast-Fryslân Op 4 maart 2021 naam de gemeenteried in earder ûntwerp fan de flagge oan. It riedsbeslút fan 4 maart waard ynlutsen en der waard fersocht in nij ûntwerp te meitsjen. Dit omdat der kontroverse ûntstien wie oer de stjer op de flagge, de stjer soe assosjaasjes oproppe mei de Joadestjer.

Beskriuwing De beskriuwing fan de eardere flagge is:

Trije banen dy jin ferhâlde ta de hichte fan de flagge as 1:1:4. blau - giel - grien, de beide boppeste banen weagjend trochsnien, en yn de griene baan in giele stjer.

Symbolyk By de ûntwerpen hat de Hege Ried fan Adel in advisearende rol hân. De symbolyk is foar beide flaggen itselde. De kleuren binne oernommen út it wapen fan Noardeast-Fryslân.

Blauwe en giele banen: ferwiize nei de lizzing fan de gemeente oan de Waadsee. Griene baan: ferwiist nei it agraryske karakter fan de gemeente. Giele stjer: de seispuntige stjer is in symboal dat yn de trije eardere gemeenten brûkt wurde.

Sjoch ek

Noardeast-Frislan Kategory:Noardeast-Fryslân Kategory:Yntroduksje út 2021