thumb|Flagge fan Opsterlân De flagge fan Opsterlân is de flagge fan de gemeente Opsterlân. De flagge is oannommen op 10 april 1963.

De flagge is ûntworpen omdat der in delegaasje komme soe fanút Raänana (Israel). It ûntwerp is fan de Fryske Rie foar Heraldyk.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

Fjouwer blokken: yn de broeking in read blok mei dêrûnder in wyt blok, neist it reade blok in wyt blok mei dêrûnder in grien blok.

Symbolyk Blokken: oernommen út de flagge fan Sânwâlden. Griene blok: ferwiist nei de lizzing fan de gemeente yn Sânwâlden Reade blok: ôfkomstich fan de hazzen en hûn dy op it wapen fan Opsterlân Wite blokken: oernommen út it wapen fan Opsterlân

Doarpsflaggen Alle 16 doarpen hawwe allegear in eigen flagge: Opsterlan Kategory:Opsterlân