De Noardereilânreuzemoä (Dinornis novaezealandiae) is in útstoarne moä út it skaai reuzemoä's (Dinornis), yn it Maoary bekend ûnder de namme kuranui. It wie in grutte, herbivoare fûgel dy't hearde ta it skift Dinornithiformes, en de soarte hie in sterke seksuele dimorfy, wêrby't mantsjes tusken de 55 en 88 kilo woegen en wyfkes tusken de 78 en 249 kilo. It wie ien fan 'e heechste fûgels dy't ea bestien hat, mei de mooglikheid om syn kop oant sawat 3 meter út te strekken.

De Noardereilânreuzemoä libbe op it Noardereilân fan Nij-Seelân en hie syn habitat yn it leechlân, lykas strûkgebieten, gerslannen en bosken en spile as ien fan 'e grutste herbivoare lânbisten in tige grutte rol yn it ekosysteem fan Nij-Seelân. Se leinen grutte, kwetsbere aaien dy't troch de mantsjes útbret waarden, hoewol't it krekte briedgedrach net bekend is.

Tegearre mei in grut part fan 'e oare lânseigen fauna ferdwûn de soarte om de 15e iuw hinne neidat in pear iuwen earder de Maoary foar it earst op 'e eilannen ferskynden. Der wurdt tocht dat in tal faktoaren bydroegen hat oan harren útstjerren, wêrfan de jacht op 'e fûgel de wichtichste reden is.

Beskriuwing thumb|left|De beskriuwer Richard Owen njonken in rekonstruearre skelet. Noardereilânreuzemoä's hiene lange, rûge, hier-eftige fearren fan wol 18 sm lang. Bewarre fearren en hûdfragminten tsjutte derop dat de fûgel útsein de poaten folslein yn 'e fearren siet en dat de wjukken fan 'e soarte net te sjen wiene. Harren fearren wiene brún, soms mei ljochte rânen.

Ut resten fan 'e fûgel docht bliken dat wyfkes in stik grutter wiene as de mantsjes; der wurdt rûsd dat se hast dûbel sa swier wiene. It gewicht fan in folwoeksen mantsje wurdt tusken de 55 en 88 kilo rûsd, wylst de wyfkes op in gewicht tusken de 78 en 249 kilo rûsd wurde. Ek al rûn de fûgel mooglik faak foaroer, as er rjochtop stie wie it nei de besibbe Sudereilânreuzemoä de heechste fûgelsoarte dy't ea bestien hat. As de fûgel syn kop nei boppe ta útstruts helle er in hichte fan wol trije meter.

Fersprieding De soarte kaam rûnom foar op it Noardereilân fan Nij-Seelân. Om't de fûgel foar in part net fleane koe bleau it habitat hûnderttûzenen jierren relatyf itselde, al binne der wol ferskowings opmurken yn tiden fan klimaatferoarings en ferskowende fegetaasjesônes en ek as reaksje op 'e komst fan 'e Maoary, dy't de Polynezyske rôt (Rattus exulans) en de Polynezyske hûn (Canis familiaris) yntrodusearren. Ek troch Maoary oanstutsen brannen brochten feroaringen yn it habitat fan 'e fûgel.

Op basis fan resinte kennis wie it Kahikatea-Pukatea-tawabosk yn Waikato in bolwurk fan 'e populaasje. Ut fynsten fan bonken is it ek wis dat de fûgel yn gebieten lykas Opito by Auckland libbe.

Ekology De Nij-Seelânske floara en de moä evoluëarren tegearre en der is fêststeld dat moä's de groei fan planten beynfloeden. De planten ûntwikkelen eigenskippen lykas stikels, bledferlies of brânhier as ferwar tsjin moä's. Troch syn lange terms hie de moä de mooglikheid it foer te fermentearjen. De fûgel droech by oan it fersprieden fan planten nei oare plakken fan it eilân. Mei harren gewicht trapen de fûgels brede en fêste paden troch it lânskippen fan harren nêstplakken ûnder rotsen nei wetterboarnen. Dy paden waarden letter troch minsken brûkt om wetter te finen. thumb|left|Foarstelling fan Noardereilânmoä op wei nei in wetterboarne.

In farsk aai woech mear as 3 kilo en wie likernôch 15 sm heech. DNA-ûndersyk op de bûtenkant fan 'e skaal wiisde út dat de mantsjes de aaien útbrieden, wylst DNA fan wyfkes allinnich oan 'e binnenkant fûn is. Om't de aaien hiel kwetsber wiene, bouden de swiere mantsjes nei alle gedachten in spesjale nêststruktuer dy't harren lichemsgewicht opfong om te foarkommen dat de boel brutsen waard. thumb|260px|Aai. Foar de minsken foarmen de moä's in wichtige boarne fan fleis en fan 'e sterke bonken makken de Maoary's fiskheakken. Yn 'e Maoary-kultuer wurdt de fûgel neamd yn âlde siswizen, mar ek as metafoar foar it útstjerren en ferdwinen fan 'e eigen kultuer troch de Europeeske kolonisaasje. Tsjintwurdich binne bonken fan dizze soarte hiel seldsum, om't in grut part fan it bonkemateriaal yn 'e 19e en 20e iuw ferlern gie troch it platbrânen en omploegjen fan lân foar de lânbou.

Utstjerren It ferdwinen fan de moä barde om de 15e iuw hinne, 200 jier nei't de earste minsken Nij-Seelân kolonisearren. Foardat de minsken kamen hie de fûgel mar in pear fijannen, mar nei de komst fan 'e Maoary waarden dy al gau in bedriging foar alle moäsoarten, ynklusyf de reuzemoä's

It Noardereilân hat in grut ferskaat oan habitats dêr't de moä yn oerlibje koe. Dêrmei wurde teoryen dat it útstjerren in gefolch west hawwe kin fan habitatferlies wjerlein. Underwilens litte radiokoalstofgegevens sjen dat de grutte fersprieding fan 'e tige mobile Maoary oer it lân sterk oerienkomt mei de tiid dat de moäpopulaasjes ynstoarten. Dit wie it gefal yn alle geografyske gebieten; net allinnich yn 'e gebieten dy't ûntboske waarden, mar ek yn oare gebieten dêr't minsklike aktiviteiten lykas jacht in rol spile. De yntroduksje fan Polynezyske ha ek in rol spile, dy frieten de piken op sadat de populaasje him net rap genôch werstelle koe.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Reuzemoä Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Seelân Kategory:Utstoarne fûgel Kategory:Bist útstoarn yn de 15e iuw