De Sint-Jânstsjerke (Nederlânsk: Sint-Janskerk) is in goatysk tsjerkegebou yn it sintrum fan Maastricht. De protestantske tsjerke stiet njonken de roomsk-katolike Sint-Servaasbasilyk oan it Vrijthof en foarmet mei dy tsjerke in foar Nederlân unyk tsjerkekompleks.

Skiednis thumb|left|De Sint-Jâns- en de Sint-Servaastsjerke. De Sint-Jânstsjerke wie yn 'e midsiuwen ien fan 'e fjouwer parochytsjerken fan Maastricht.De oare trije wienen de Sint-Matthiastsjerke, de Sint-Nicolaastsjerke en de Us-Leaffrouwetsjerke. De tsjerke ûntlient de namme oan Jehannes de Doper en waard om 1200 hinne stifte troch it kapittel fan Sint-Servaas om as doop- en parochytsjerke foar de Sint-Servaasparochy te tsjinjen, sadat de Sint-Servaastsjerke allinnich noch as kapittel- en beafeartstsjerke funksjonearje koe. Op 'e sneonen foar Peaske en Pinkster teagen de koarhearen fan Sint-Servaas yn prosesje nei de Sint-Jan om dêr it doopwetter te wijen. Dêrby song it tsjerkekoar de koarhearen fanôf de earste toarnomgong fan 'e Sint-Jan ta.

De Sint-Jânstsjerke waard yn 1218 foar it earst neamd. De hjoeddeiske tsjerke stammet út de 14e en it begjin fan 'e 15e iuw. Yn 1414 waard de goatyske doopkapel tafoege. De oarspronklike toer stoarte op 8 juny 1366 yn nei in swiere stoarm. De hjoeddeiske toer waard nei in lang werstel yn 'e twadde helte fan 'e fyftjinde iuw foltôge mei de bou fan 'e hege lantearne.

Nei de ynname fan Maastricht troch Freark Hindrik yn 1632, gie de tsjerke definityf oer yn protestantske hannen, nei't dy al earder in hoart troch de protestanten opeaske wie. Sûnt 1633 wie it de haadtsjerke fan 'e Nederdúsk-grifformearden yn Maastricht. De eardere sakristy waard tenei as de konsistoarjekeamer brûkt. De muorreskilderingen mei katolike foarstellingen ferdwûnen ûnder in laach wite kalk en kamen pas by in restauraasje yn it begjin fan 'e 20e iuw wer foar it ljocht. De Sint-Servaastsjerke bleau nei 1632 wol katolyk.

thumb|left|Grêfmonumint foar Margarita Elisabet Cabeliaeu-de Gryse. De ferhâlding tusken de protestantske en katolike buorlju wie net altyd like goed. Yn 'e 17e iuw klage de tsjerkeried fan 'e Sint-Jan oer it saneamde "wolvedûnsjen", it wyld lieden fan 'e klokken fan 'e Sint-Servaas om de preek yn 'e Sint-Jan te fersteuren. Yn 1659 ûntstie der spul tusken de tsjerkeried en de byldhouwer en ivoarfiker Johannes Boissier oer it moarmeren grêfmonumint dat er makke hie foar Margarita Elisabet Cabeliaeu-de Gryse, de frou fan Jacob Cabeliaeu. De tsjerkeried fûn it monumint, dêr't it echtpear op ôfbylde wurde soe, te roomsk. Yn stee dêrfan toant it grêfmonumint heraldyske tekens en in skelet as memento mori.

De toer hat net altiten de markante reade kleur hân; yn âlde geskriften wurdt melding dien fan 'e kleuren giel (iere 18e iuw) en wyt (iere 19e iuw). De tsjerke is ferskate kearen restaurearre: yn 1713 (troch stedsarsjitekt Gilles Doyen), dêrnei yn 1774 (toer wersteld en read skildere), omtrint 1800 (ynterieur wite), yn 1822 (woer wersteld en read skildere) en yn 1843-44 (ynterieur middenskip). Yn 1877-1885 folge in grutte restauraasje ûnder lieding fan Pierre Cuypers (ûnder oare it toardak hersteld), folge yn 1909-1912 troch in restauraasje ûnder lieding fan Willem Sprenger (de Vrijthof-yngong tichtmitsele, doopkapel hersteld). Yn 1967 en yn 'e jierren 1981-1985 waard de tsjerke hielendal op 'e nij restaurearre ûnder lieding fan Waalko Dingemans (yn 1967 it ynterieur; letter de toer, foar in bedrag fan 4,3 miljoen gûne). Under dizze lêste restauraasje waard de toer yn 1983 op 'e nij read ferve.

Hjoeddeisk gebrûk thumb|left|De protestantske yndieling fan it ynterieur. De Sint-Jânstsjerke is yn gebrûk as tsjerkegebou fan 'e Protestantske Gemeente Maastricht-Heuvelland, in tsjerkemienskip fan 'e Protestantske Tsjerke yn Nederlân (PKN). De PKN ûntstie yn 2004 troch in fúzje fan 'e Nederlânske Herfoarme Tsjerke en de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân. Dit lêste tsjerkegenoatskip hie oant 1990 in eigen tsjerkegebou yn Maastricht (de Sterrepleintsjerke), mar de fan oarsprong Herfoarme Sint-Jânstsjerke waard de haadtsjerke fan 'e 'Samen op Weg'- en lettere PKN-gemeente.

Yn 'e tsjerke wurde regelmjittich konserten organisearre, ûnder oare by it festival foar religieuze muzyk Musica Sacra, dat alle jierren organisearre wurdt. Om 9 jannewaris hinne fynt dêr de Dies-fiering fan 'e Universiteit Maastricht plak. Yn maart, by de ynternasjonale keunstbeurs TEFAF, wurdt der in beurs foar antike boeken en prenten holden.

De tsjerke is simmerdeis (fan Peaske oant de ein fan 'e herfstfakânsje) alle dagen te besichtigjen, útsein op sneinen, om't der dan tsjerketsjinsten holden wurde. Yn 'e simmer kin ek de hast 80 meter hege toer (de heechste fan Maastricht) beklommen wurde. De haadyngong fan 'e tsjerke leit oan it Henric van Veldekeplein.

Beskriuwing Eksterieur Tsjerke De Sint-Jânstsjerke is ien fan 'e sân Maasgoatyske tsjerken en kapellen yn it sintrum fan Maastricht. De tsjerke is boud fan mergelstien op in ûnderbou fan koalstofhâldende sânstien en hurdstien. It gebou bestiet út in trijeskippige basilikale tsjerke út it begjin fan 'e 14e iuw en in koer út de lette 14e iuw. De doopkapel en konsistoarje datearje út de 15e iuw.

Toer It skaaimerk foar de tsjerke is de 79 meter hege, readskildere toer, wêrfan de boppebou ynfloeden sjen lit fan 'e Domtoer yn Utert. De ûnderbou datearret út it begjin fan 'e 14e iuw; de rest fan 'e toer en de slanke, achtkante lantearne is healwei 15e-iuwsk. De mergelstienen kroan en spits datearje út de tiid fan 'e restauraasjes troch Cuypers (1877). Yn 'e toer is in 15e-iuwske houten klokkestoel mei in klok út 1687, getten troch Johannes en Josephus Plumere út Hoei. In lytse klok, de saneamde poarteklok, waard foarhinne alle dagen let foar it iepenjen en sluten fan 'e stedspoarten, mar yn 1943 troch de Dútske besetter foardere. Yn 1997 krige de tsjerketoer in nij oerwurk. De waarhoanne is yn 1984 ûntwurpen troch Frans Gast.

Ynterieur Arsjitektuer, byldhouwurk en skilderingen thumb|left|Muorreskildering fan it Laam Gods súdlike koermuorre. It ynterieur hat in krúsribferwulft. De acht rûne, hurdstienen pylders hawwe kapitelen mei stilearre blêdmotiven. Opfallend binne de polychromearre kraachstiennen mei ôfbyldings fan 'e tolve apostels, biskoppen en ingels. In pear muorreskilderingen, dy't yn it begjin fan 'e 20e iuw ûnder de wite kalk wei kamen, betinke it roomske ferline fan 'e tsjerke, wêrûnder in "Laam Gods" mei krúsfindel yn it koer en in foarstelling fan Kristus as Salvator Mundi op in pylder. Fierder binne der yn 'e tsjerke in pear byldhoude grêfmonuminten yn swart en wyt moarmer, en likernôch 90 hurdstienen grêfsarken, wêrfan de âldste út 1354 datearret.

Tsjerkemeubilêr de lessener is 17e-iuwsk. de preekstoel yn Loadewyk XVI-styl is út 1779. yn 'e in pear 18e-iuwske stuollen yn 'e toarnkeamer. in kast yn 'e konsistoarjekeamer yn Luiksk-Aakske styl. in 19e-iuwsk moarmeren doopfont.

Oargel It hjoeddeiske oargel waard yn 1992 troch de firma Verschueren boud efter de oargelkas fan 1780. thumb|center|600px|Oersjoch ynterieur.

Kategory:Bouwurk yn Maastricht Kategory:Tsjerkegebou yn Limburch (Nederlân) Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Nederlân Kategory:Ryksmonumint yn Limburch (Nederlân) Kategory:Bouwurk út de 14e iuw Kategory:Bouwurk út de 15e iuw