De Sint-Michaeltsjerke (Nederlânsk: Sint-Michielskerk) is in tsjerke yn 'e Belgyske stêd Gint, de haadstêd fan 'e provinsje East-Flaanderen. De tsjerke is de dekenale tsjerke fan it dekenaat Gint-stêd.

Bouwskiednis Al yn 1105 stie op itselde plak oan 'e Leie in kapel, dy't stifte wie troch de Sint-Bavo-abdij. Dizze abdij meunstere yn dy tiid mei de Sint-Pitersabdij, de oare Gintske abdij dy't yn it stedssintrum de doetiidske Sint-Jânstsjerke (no de Sint-Baafskatedraal) en de Sint-Niklaastsjerke bouwe litten hie. De kapel wie yn 't earstoan ferbûn oan 'e Sint-Martinustsjerke yn Ekkergem (in wyk fan Gint), mar waard yn 1147 in selsstannige parochytsjerke. thumb|left|De tsjerke yn 'e earste helte fan 'e 17e iuw. Fan 'e romaanske tsjerke, dy't hjir oan 'e ein fan 'e 11e iuw ûntstie, binne gjin dúdlike oerbliuwsels mear te finen. De 13e iuw wie tige jammerdearlik mei ferskate brannen, wêrtroch't de tsjerke meardere kearen ferboud wurde moast. Yn 1440 waard besletten om in folslein nije, letgoatyske tsjerke te bouwen. De bou fan 'e hjoeddeiske tsjerke einige yn feite pas yn 1825.

Yn it begjin fan 'e 16e iuw wiene it haadskip en it dwersskip foltôge. Yn 1623 waard it iergoatyske koer ferfongen troch in Brabânsk-goatysk koer mei in koeromgong en in krâns fan fiif kapellen. Skaaimerkend foar de Brabânske letgotyk is it gebrûk fan kalksânstien, de fantasyrike krúsrib-, net- en stjerferwulften en de hege, brede spitsbôgeramen. Opmerklik oan 'e tsjerke is hoe't de goatyske boukeunst trochlibbe yn in tiidrek fan renêssânse en barok.

Goatyske westtoer Yn 1566 ûnderbriek de Byldestoarm de bou fan 'e westlike toer. Earst yn 1658 waard it wurk oan 'e toer wer oppakt. It ûntwerp út 1662 fan Livinus Cruyl hie in 134 meter hege en tige ryk fersierde toer yn Brabânske gotyk foar eagen (om te ferlykjen: de toer fan Us-Leaffrouwekatedraal yn Antwerpen is 123 meter, dy fan 'e Sint-Baafskatedraal mar 89 meter). Om finansjele redenen waard dy tige ambisjeuze toer nea ôfmakke. Yn 1909 waard de westkant restaurearre ûnder lieding fan Modeste de Noyette. Hy foege ek de neobarokke sakristy ta. By de oanlis fan 'e Sint-Michielsbrug (om-en-de-by 1905) moast in part fan 'e âlde sakristy ôfbrutsen wurde.

Ynterieur thumb|left|Ynterieur. It ynterieur is ferrike mei ferskate monumintale alterstikken fan Flaamske masters, wêrûnder in doek fan Antoon van Dyck, Kristus oan it krús, út 1628–1630. De tsjerke hat in rike samling roubuorden fan Gintske pommeranten.

Oargel It oargel giet werom op in ynstrumint dat yn 1817 boud waard troch oargelbouwer Pierre Jean De Volder. De styl fan it front is hielendal yn neogoatyske styl útfierd. Yn 1951 waard it ynstrumint ferboud en útwreide troch oargelbouwer Paul Anneessens. It oargel hat 47 registers op trije manualen en in pedaal. Der binne ferskate registers dy't net set binne, mar dêr't wol romte foar is op 'e wynlade.

Tsjerkeskat ûnder de wichtige samling reliken is de Hillige Toarne (in stikje toarne fan 'e toarnekroan fan Kristus) en in stikje fan it Wiere Krús. de âlde samling liturgyske paraminten datearret út de 16e oant 19e iuw. It neamen wurdich is in grut paramint dat skonken is troch jonkfrou Amelie Borluut. in koperen antependium fan Frans Pilsen út 1729.

Oars Yn 1648 waard hjir in bruorskip fan 'e hillige Dorothea oprjochte.

Sjoch ek Sint-Baafskatedraal (Gint) Sint-Niklaastsjerke (Gint)

Kategory:Bouwurk yn Gint Kategory:Tsjerkegebou yn it bisdom Gint Kategory:Roomsk-katolyk tsjerkegebou yn Belgje Kategory:Bouwurk út de 15e iuw