Total Recall is in Amerikaanske dystopyske, post-apokalyptyske science fiction-aksjefilm út 2012 ûnder rezjy fan Len Wiseman, mei yn 'e haadrollen Colin Farrell, Kate Beckinsale en Jessica Biel. De titel betsjut safolle as dat men jin alles wer folslein tebinnenbringe kin. De film is loskes basearre op it koarte ferhaal We Can Remember It for You Whosesale, fan Philip K. Dick en is in remake fan 'e film Total Recall fan Paul Verhoeven út 1990. It ferhaal spilet yn in dystopyske takomst, dêr't fabryksarbeider Doug Quaid op in stuit ûntdekt dat syn libben neat oars is as in rige keunstmjittich ymplantearre oantinkens. It docht bliken dat it oan him is om in megalomane diktator tsjin te kearen en in genosidale oarloch foar te kommen, mar ûnderwilens wrakselet er oanhâldend mei syn ûnthâld. Total Recall krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes, mar wie yn 'e bioskopen in beskieden kommersjeel súkses.
Plot Oan 'e ein fan 'e ienentweintichste iuw is de Ierde troch gemyske oarlochfiering grutdiels ûnbewenber wurden. Der binne noch mar twa bewenbere lânmassa's oer: de Feriene Federaasje fan Brittanje (FFB), dy't de Britske Eilannen en it fêstelân fan Noardwest-Jeropa beslacht, en de Koloanje, dy't Austraalje omfettet. De ekonomyske macht leit by de FFB, wylst de Koloanje in ûnderhearrich gebiet is dat eksploitearre wurdt foar arbeidskrêften. Eltse dei reizgjen fabryksarbeiders út 'e Koloanje op en del nei harren wurk yn 'e FFB mei 'de Fal', in swiertekrêftslift dy't dwers troch de kearn fan 'e Ierde hinne giet en oer in inkele reis 17 minuten docht. It ferskil yn 'e libbensomstannichheden yn 'e rike FFB en de earmoedige Koloanje hat resultearre yn it ûntstean fan it Ferset, dat striidt foar selsstannigens fan 'e Koloanje en bestriding fan 'e earmoede dêre. It regear fan 'e FFB, dat ûnder lieding stiet fan 'e autoritêre kânselier Vilos Cohaagen, beskôget it Ferset as in binde terroristen, dy't te fjoer en te swurd bestriden wurde moatte. De mysterieuze fersetslieder Matthias is lykwols ûnfynber foar de feilichheidstsjinst fan 'e FFB.
Douglas Quaid, in fabryksarbeider út 'e Koloanje, hat de lêste tiid ûntrêstgjende dreamen hân wêryn't er in geheim agint is dy't mei in tsjeppe mar him ûnbekende jonge frou efterfolge wurdt troch gefaarlike fijannen. Dêrby wurde se beide mei deselde kûgel troch de hân sketten, trochdat se inoars hân beethâlde. De frou wit te ûntkommen, mar Quaid wurdt finzen nommen troch harren fijannen krekt foar't er wekker skrikt. Yn it echte libben is Quaid troud mei Lori, ek in tsjeppe frou, dy't by de plysje wurket. Se binne al fan 'e middelbere skoalle ôf byinoar. Quaid sjocht in reklameboadskip fan it bedriuw Rekall, dat keunstmjittige oantinkens yn it ûnthâld fan klanten ymplantearret, dy't krekt like goed binne as echte oantinkens. Om't er skjin syn nocht hat fan syn ferfeelsume fabrykswurk en syn deistige sleur, tinkt er deroer om sokke keunstmjittige oantinkens ymplantearje te litten. Wannear't er dat op 't aljemint bringt yn in petear mei syn bêste freon en kollega Harry, besiket dy it him te ûntpraten, mei't er heard hawwe soe dat minsken dêr wol sljochtsinnich fan wurde kinne. Marek, in nije kollega dy't troch Quaid ynwurke wurdt, seit letter lykwols tsjin him dat hysels al ferskate kearen by Rekall west hat foar in oantinkensymplantaasje en dat er it eltsenien oanrikkemandearje soe.
Dat op in dei dat er troch oerwurk let yn 'e Koloanje weromkeart en Lori al op bêd gien is, beslút Quaid nei Rekall te gean. Dêr wurdt him frege hokker oantinken oft er hawwe wol. Omreden fan 'e dreamen dy't er hat, beslút er dat it in oantinken wurde moat oer himsels as geheim agint. Syn behanneler by Rekall, in man dy't McClane hjit, leit him út dat it net mooglik is om in keunstmjittich oantinken te ymplantearjen as der al in fierhinne soartgelikens echt oantinken bestiet. Dus bygelyks immen dy't in oantinken oer in geheime relaasje mei in tsjeppe mêtresse hawwe wol, kin net al echt in geheime relaasje mei in mêtresse ûnderhâlde. Soks liedt ta ûnoerkomlike psychyske swierrichheden. Yn it gefal fan Quaid lykje der gjin beswieren te wêzen, want wa is no yn syn frije tiid echt geheim agint? Mar as McClane en syn assistinten Quaid op 'e masines oanslute en ree meitsje foar de ymplantaasje, docht bliken dat de keunstmjittige oantinkens dochs botse mei echte oantinkens. McClane set it proses halje-trawalje stop en begjint Quaid op hege toan te befreegjen oer syn ferline as geheim agint, wylst de ferhearde Quaid mar úthâldt dat er net wit wêr't de man it oer hat.
Op dat stuit kringt in swierbewapene arrestaasjeteam fan 'e plysje it gebou binnen en sjit McClane en syn assistinten dea. Quaid wurdt arrestearre, mar ûnbekende refleksen jouwe him it fermogen om handich mei de plysjes ôf te weven en alle leden fan it arrestaasjeteam om te bringen. In ferbjustere Quaid ûntkomt oan in twadde arrestaasjeteam en flechtet nei hûs, dêr't er oanfallen wurdt troch syn frou Lori. As er har ûnder it gefjocht freget wêrom't se him tenei komt, leit se him op smeulske wize út dat se in undercover-aginte is fan 'e feilichheidstsjinst fan 'e FFB en dat Quaid syn oantinkens oan harren sânjierrich houlik ymplantearre binne. Yn it echt binne se noch mar seis wiken byinoar en hie Lori him foartiid noch nea met. Sy is by him yn 'e hûs pleatst om him yn 'e rekken te hâlden, mar wa't er echt is, dat hawwe har bazen har net meidield. Nei't Quaid op 'e nij ûntkommen is, nimt immen mei him kontakt op fia in mobile tillefoan dy't as ymplantaat yn syn hânpalm ynbrocht is. It is in man dy't Hammond hjit. Hy seit dat er in âld-kollega fan Quaid is, hoewol't Quaid him net ken. Hammond liedt Quaid nei in bankklúske ta, nei't er hawwe wol nei oanlieding fan in earder fersyk fan Quaid sels. Yn it bankklúske fynt Quaid in fideoboadskip fan himsels oan himsels, mei it adres fan in appartemint yn 'e FFB.
Quaid reizget ynkognito nei de FFB, dêr't Lori en in team fan 'e feilichheidstsjinst him by de Fal opwachtsje. Hy wurdt rêden troch de tsjeppe frou út syn dreamen, dy't Melina blykt te hjitten. Tegearre ûntkomme se wer oan Lori-en-dy en sykje beskûl yn it appartemint út it fideoboadskip. Wylst se dêre wat bekomme, fertelt Melina dat sy en Quaid minners wiene, en se lit him de groede op har hân sjen dy't de wjergader is fan 'e groede fan in kûgelwûne op syn eigen hân. Quaid ûntdekt yn it appartemint in twadde ferburgen fideoboadskip, op 'e nij fan himsels oan himsels. Neffens himsels is er eins Carl Hauser, in heechpleatste geheim agint fan 'e feilichheidstsjinst fan 'e FFB. Nei't er op persoanlik befel fan kânselier Cohaagen undercover gien wie by it Ferset, rekke er fereale op 'e fersetsfrou Melina. Hy begûn yn te sjen dat it Ferset eins gelyk hie oer de sitewaasje yn 'e wrâld en besleat Cohaagen te ferrieden. De kânselier is in leger robots oan it bouwen, dat er brûke wol om 'e Koloanje te feroverjen en alle kolonialen út te rûgjen. It frijkommen lân kin dan brûkt wurde foar de fierdere ekonomyske ekspânsje fan 'e FFB. Krekt foar't er finzen nommen waard, ûntdiek Quaid in killcode wêrmei't it robotleger fan Cohaagen yn ien kear útset wurde kin. De falske oantinkens binne neitiid op befel fan Cohaagen by him ymplantearre om syn echte oantinkens te ûnderdrukken en him te manipulearjen. Fersetslieder Matthias hat der lykwols de middels foar om 'e killcode dochs noch út it ûnderbewuste fan Quaid op te djipjen.
Lang om let trasearret de feilichheidstsjinst Quaid en Melina en wurdt it appartemintekompleks besingele. Quaid en Melina besykje te ûntkommen, mar wurde yn 'e lobby steande holden troch Harry, dy't Quaid derfan besiket te oertsjûgjen dat er noch altyd yn 'e stoel leit by Rekall en dat der mei de oantinkensymplantaasje wat freeslik misbeteard is. Om wer ta himsels te kommen moat Quaid Melina deasjitte, mei't sy net echt bestiet mar wol it draaipunt fan 'e hiele geheim-agintefantasij is. Quaid rekket yn betizing en wifelet, en rjochtet syn wapen op Melina. Mar wannear't er in trien oer har wang rôljen sjocht, beslút er dat sa'n emosjonele ûnstjoer inkeld by echte minsken foarkomt. Dat ynstee fan har sjit er Harry dea. Efterfolge troch Lori, fan wa't Harry in kollega wie, ûntkomme Quaid en Melina fia in liftsysteem dat kabines sawol fertikaal as horizontaal troch it mânske gebou stjoert.
Neitiid nimt Melina Quaid mei nei in âld ferrinnewearre metrostasjon. Dêrwei nimme se de metro nei in gebiet dat troch gemyske oarlochfiering ûnbewenber wurden is. Dat is wêr't fersetslieder Matthias yn in luchtticht gebou syn haadkertier ynrjochte hat. Dat is ek de reden dat er ûnfynber is foar de feilichheidstsjinst, mei't it nea by Cohaagen opkommen is om him bûten de bewenbere gebieten te sykjen. Matthias trochsiket de ûnderdrukte oantinkens fan Quaid nei de killcode, mar ear't er dy opdjipje kin, wurdt it gebou binnenfallen troch Lori en in team fan 'e feilichheidstsjinst, mei kânselier Cohaagen by harren. De fersetslju wurde deade en Quaid, Melina en Matthias wurde finzen nommen. Cohaagen fertelt triomfantlik dat der hielendal gjin killcode bestiet: dat wie mar in trúkje dat er betocht hat om Quaid safier te krijen dat dy him nei Matthias liede soe. Dêrop sjit Cohaagen Matthias eigenhandich dea. Hy fertelt Quaid dat alles dat oant no ta bard is, troch himsels en Hauser (Quaid) pland wie. Hauser is bygelyks nea fereale rekke op Melina, dat wie inkeld spile om har fertrouwen te winnen. Cohaagen oarderet syn team om fan 'e fasiliteiten fan Matthias gebrûk te meitsjen om Quaid syn ymplantearre oantinkens te ferwiderjen, sadat er syn âlde maat Hauser wer wurdt. Hy en Lori sette ôf om 'e ynvaazje fan 'e Koloanje te beävensearjen, en Melina nimme se mei.
Mar dan docht him in komplikaasje foar dêr't Cohaagen gjin rekken mei holden hat: wat mear oft Quaid heart oer dy Hauser dy't hy foarhinne wie, wat minder oft er dy fint lije mei. Hy beslút dat er syn oarspronklike oantinkens net weromhawwe wol. Hy besiket te ûntsnappen, en dat wurdt mooglik makke trochdat Hammond in lid is fan it team dat mei him efterbliuwt yn it âlde fersetshaadkertier. By de konfrontaasje mei de oare leden fan dat team komt Hammond om. Quaid stelt in helikopter en keart werom nei bewenne gebiet. Dêr is Cohaagen ûnderwilens syn robotleger oan it ynladen yn de Fal om it nei de Koloanje te transportearjen foar de ynvaazje. Quaid glûpt as ferstekling oan board en pleatst op krúsjale punten eksplosiven, dy't er mei in timer ynsteld om ôf te gean krekt nei't de Fal yn 'e Koloanje arrivearre is. Yn it tuskenlizzende kertier siket, fynt en befrijt er Melina en befjochtsje se Lori en oare leden fan 'e feilichheidstsjinst. Nei de oankomst fan de Fal yn 'e Koloanje skeakelet Quaid Lori út, wêrnei't er it gefjocht oangiet mei Cohaagen, wylst Melina mei de swiere masinegewearen fan in helikopter it befeiligingsteam fan 'e kânselier deamakket. Wannear't de eksplosiven ôfgeane, witte Quaid en Melina krekt op 'e tiid de Fal te ferlitten, wylst de lift mei in ferwûne Cohaagen en syn hiele robotleger weromfalt yn 'e djippe liftskacht en eksplodearret.
Quaid wurdt wekker yn in ambulânse mei Melina by him. Mar wannear't er sjocht dat sy gjin groede op 'e hân hat, slacht er har del. Sa't er al fermoede, blykt it yndie Lori te wêzen, dy't in holografyske momkape fan Melina oannommen hat. Yn it gefjocht dat folget, wit Quaid har einlings en te'n lêsten te deadzjen, foar't er him wer by de echte Melina jout. No't Cohaagen en syn robotleger ferneatige binne, en de Fal foar de foarsjenbere takomst ûnbrûkber rekke is, wurdt yn 'e Koloanje de ûnôfhinklikens útroppen.
Rolferdieling haadrollen personaazje akteur/aktrise Douglas Quaid / Carl Hauser Colin Farrell Lori Quaid Kate Beckinsale Melina Jessica Biel
byrollen personaazje akteur/aktrise kânselier Vilos Cohaagen Bryan Cranston Matthias Bill Nighy Harry Bokeem Woodbine McClane John Cho Marek Will Yun Lee Hammond Dylan Smith
Produksje en distribúsje Produksje