It bisdom Namen (Latyn: Dioecesis Namurcensis) is it grutste (± 8100 km²), mar mei 801.356 ynwenners (01.01.2025) it tinstbefolke bisdom fan Belgje. It beslacht twa provinsjes: Namen en Lúksemboarch. It hjoeddeiske territoarium makke oarspronklik diel út fan it bisdom Tongeren, letter it bisdom Luik, dat ûnder it aartsbisdom Keulen foel. It bisdom Namen waard yn 1559 oprjochte mei de pauslike bul Super Universas. Yn 1559 fûn der in grutte reorganisaasje plak fan 'e bisdommen yn 'e Nederlannen.

De earste biskop wie Antoine Havet (1513-1578). De hjoeddeiske biskop is sûnt 6 oktober 2025 Fabien Lejeusne.

Skiednis Fan 1559 oant 1801 besloech it grûngebiet fan it bisdom Namen Waalsk-Brabân, in part fan it greefskip Henegouwen en sawat it hiele greefskip Namen. It bisdom Namen wie doe in suffragaan bisdom fan it aartsbisdom Reims. As gefolch fan it Konkordaat fan 1801 waard it bisdom reorganisearre en waard it suffragaan oan it aartsbisdom Mechelen. It territoarium kaam doe oerien mei it departemint Samber en Maas, dat yn 1815 de Nederlânske provinsje Namen waard. Yn 1823 waard hiel Lúksemboarch, dus sawol de hjoeddeistige provinsje as it gruthartogdom, by it bisdom Namen foege. Tsien jier nei de Belgyske ôfskieding waard yn 1840 it part fan it gruthartogdom dat Nederlânsk bleaun wie in selsstannich apostoalysk fikariaat. Nei in útwikseling fan in pear parochys mei it bisdom Luik, krige it trije jier letter frijwol syn hjoeddeiske grinzen.

Yn 'e resinte skiednis droegen de stiftingen fan 'e abdijen en kleasters fan Maredsous (1872), Maredret (1891), Clairefontaine, Ermeton (1936), Hurtebise (1938) en Chevetogne (1939) by oan 'e geastlike útstrieling fan it bisdom. De oprjochting yn 1831 fan 'e Facultés Universitaires Notre-Dame de la Paix troch de jezuïten droech dan wer by oan 'e kulturele útstrieling.

Sûnt 1991 waarden ferskate nije bewegings lykas Emmanuel, Béatitudes, Frères de Saint-Jean en Marie-Jeunesse útnûge om harren út Frankryk of Kanada wei yn it bisdom te fêstigjen.

Katedraal thumb|left|Sint-Albinuskatedraal. De katedraal fan it bisdom Namen is de Sint-Albinuskatedraal (yn it Frânsk: Cathédrale Saint-Aubain), dy't yn 'e stêd Namen stiet.

Sifers It bisdom telt likernôch 529.000 oant 535.000 doopte katoliken. Dat betsjut dat likernôch 71% to 72% fan 'e befolking yn it bisdom as katolyk registrearre stiet. It bisdom telt 9 dekanaten en 742 parochys, dy't gearfoege binne yn 55 gruttere pastorale ienheden (unités pastorales) It bisdom hat twa seminaarjes: it seminaarje Notre-Dame en it seminaarje Redemptoris Mater foar prysterkandidaten fan 'e Neokatechumenale Wei.

Provinsje Dekanaten (Doyennés) Namen Dinant Gembloux Namen (Namur) Philippeville Lúksemboarch Aarlen (Arlon) Bastenaken (Bastogne) Libramont Marche-en-Famenne Virton

Kategory:Namen (provinsje) Kategory:Lúksemboarch (provinsje) Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1559