It bisdom Luik (Latyn: Episcopatus Leodiensis) is it âldste bisdom fan 'e acht Belgyske bisdommen. It fierde yn 1991 syn achthûndertste jubileum. Oant 1795 wie it in Dútsk bisdom, nei it konkordaat mei Napoleon wie it in skoft Frânsk. Earst nei de Belgyske Revolúsje fan 1830 waard de Belgyske tsjerkeprovinsje oprjochte.

De hjoeddeiske biskop fan it bisdom Luik is Jean-Pierre Delville. Hy is de 92e biskop. De katedraal fan it bisdom is de Sint-Pauluskatedraal.

Skiednis De iere skiednis fan it bisdom wurdt wei yn legindes, mar giet nei alle gedachten werom oant de 4e iuw. De oarspronklike biskopssit fan it saneamde "bisdom fan 'e Tungri" lei nei alle gedachten yn 'e civitas-haadstêd Tongeren, mar ferhûze neffens de oerlevering yn 384 nei Maastricht (it is wis dat sûnt it begjin fan 'e 6e iuw de biskoppen dêr residearren). De reliken fan 'e yn Luik fermoarde Maastrichtske biskop Lambertus waarden om 718 hinne troch Hubertus fan Maastricht nei Luik oerbrocht. De definitive ferhûzing fan 'e biskopssit fan Maastricht nei Luik fûn nei alle gedachten ein 8e of begjin 9e iuw plak.

Yn 980 krige de doetiidske biskop Notger fan keizer Otto II fan it Hillige Roomske Ryk de hearlike rjochten en dêrmei koe er njonken de geastlike macht ek de wrâldske macht útoefenje. Sûnt dat stuit waard in part fan it bisdom Luik in prinsbisdom en hie it ûnder beskerming fan 'e keizer ymmuniteit. It wie de facto in semy-selsstannich lân wurden. Yn 'e iuwen dêrnei waarden de Condroz, Entre-Sambre-et-Meuse, Haspengoa en de Kempen oan it prinsbisdom tafoege. It prinsbisdom omfieme dêrnjonken in soad enklaves bûten it eigenlike Luikske gebiet, lykas Heerewaarden, Deurne (Waalsk-Brabân), Bevekom en Luyksgestel yn Noard-Brabân en tydlik ek de hearlikheid Mechelen. Yn 1366 waard ek it greefskip Loan tafoege. By de oprjochting fan 'e Universiteit fan Leuven yn 1425 wie de biskop fan Luik net fuortendaliks optein. Yn Leuven, in úthoeke fan syn bisdom, ûntstie in universiteit troch pauslike ynstruksjes, los fan 'e jurisdiksje fan 'e Luikske biskop. Neffens guon skiedkundigen wie de Luikske biskop gewoanwei net op 'e hichte fan 'e tariedings foar de stifting fan 'e universiteit en hearde hy it pas neitiid.

It geastlike bisdom Luik wie oant 1559 folle grutter as it wrâldske gebiet en omfieme ûnder oaren it grutste part fan 'e hjoeddeiske provinsjes Luik, Belgysk Limburch, Nederlânsk Limburch, Noard-Brabân, dielen fan 'e provinsjes Lúksemboarch, Namen, Waalsk-Brabân, Flaamsk-Brabân, Antwerpen en it gebiet om de stêd Aken hinne. Dat besloech in oerflak fan likernôch 20.000 km². Yn 'e midsiuwen wie it bisdom Luik ferdield yn sân aartsdiakenaten, dy't foar in part harren oarsprong hiene yn Frankyske pagi:

Condroz (Hoei; Ciney) Ardinnen (Stavelot; St. Hubert; Bastogne) mar sûnder Aarlen en Lúksemboarch (bisdom Trier) Famenne (Rochefort; Chimay) Henegouwen (Namen; Thuin; Fleurus; Dinant) Brabân (Leuven; Tienen; Haacht) mar sûnder Brussel, Mechelen, Antwerpen (bisdom Kamerijk) Haspengoa (Tongeren; St. Truiden; Maastricht) Kempen (Maaseik; Roermond; Venlo; Cuijk; 's-Hertogenbosch; Breda; Tilburg; Bergen op Zoom).

De aartsdiakenen hiene de wichtige taak om de tsjerklike tsienden en oare fûnsen yn te sammeljen. thumb|left|Kaart fan bisdommen yn 'e Lege Lannen foar 1559. Yn 1559 waarden by de tsjerklike weryndieling fan 'e Lege Lannen mei de pauslike bul Super universas de bisdommen Roermond, De Bosk en dielen fan 'e bisdommen Namen, Antwerpen en it aartsbisdom Mechelen-Brussel fan Luik ôfskieden.

Yn 1795, by beslút fan 'e Frânske Nasjonale Konvinsje, hold it prinsbisdom Luik op te bestean en waard it grûngebiet by de Earste Frânske Republyk ynlive.

Weroprjochting bisdom Yn 1801 waard mei it konkordaat tusken Napoleon Bonaparte en paus Pius VII it bisdom Luik op 'e nij oprjochte, mar no sûnder wrâldske macht. Mei de weroprjochting fan it bisdom in 1801 foel it gebiet gear mei de Frânske departeminten Ourte en Nedermaas. It gebiet om Aken hinne waard ôfskieden as in nij bisdom Aken. Yn it nij oprjochte bisdom Luik waard de bân mei it Roomske-Dútske Ryk trochsnien: Luik waard in suffragaan bisdom fan 'e aartsbiskop fan Mechelen-Brussel (doe ûnder Frânsk tafersjoch) en net mear fan 'e aartsbiskop fan Keulen. It prinsbiskoplik paleis bleau konfiskearre troch de Frânske steat; dêrom keas de Frânske oerheid de eardere abdij fan Beaurepart as nij biskoplik paleis. thumb|left|De eardere abdij fan Beaurepart. Nei de Frânske tiid bestie it bisdom Luik út de provinsjes Luik en Limburch.

Mei de Belgyske ûnôfhinklikens waard yn 1840 it apostoalysk fikariaat Limburch yn 'e Nederlânske provinsje Limburch ôfskieden, wêrtroch't it gebiet fan it bisdom Luik beheind waard ta de Belgyske provinsjes Luik en Limburch. Nei de Earste Wrâldkriich waarden Eupen en Malmedy fan 'e Prusyske Rynprovinsje oan 'e provinsje Luik tafoege; it bisdom Luik droech fan 1921 oant 1925 de namme Bisdom fan Luik, Eupen en Malmedy.

Yn 1967 waard it Limburchske diel fan it bisdom ferselsstannige; dat foarmet sûnt dy tiid it bisdom Hasselt. Sûnt dy tiid falle de grinzen fan it bisdom Luik gear mei de provinsje Luik. Foar de Dútsktaligen yn Luik is in apart fikariaat oprjochte.

Sifers (2024) It bisdom telt sa'n 730.000 oant 741.000 doopte katoliken (sawat 66% fan 'e totale befolking). It bisdom telt 13 dekanaten (yn 2003 wiene dat noch 21). Fan dy 13 dekanaten leit der ien dekenaat yn it Dútsktalige gebiet (Dekanatsregion Eupen-Kelmis-St.Vith), dat it hiele Dútsktalige fikariaat beslacht. It bisdom telt 545 oant 549 parochys dy't tsjintwurdich organisearre binne yn 70 pastorale ienheden (unités pastorales). Yn it bisdom rint it oantal prysters rap tebek. Der binne hjoed-de-dei noch 209 prysters (yn ferliking mei 561 yn 2003)

Kategory:Luik (provinsje) Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1801