Road House is in Amerikaanske aksjefilm út 2024 ûnder rezjy fan Doug Liman, mei yn 'e haadrollen Jake Gyllenhaal, Conor McGregor en Daniela Melchior. De titel ferwiist nei in roadhouse (letterlik "weihûs" of "dykhûs"), in mingde horekagelegenheid oan in trochgeande wei. De film is in remake fan Road House út 1989, mei Patrick Swayze yn 'e haadrol. It ferhaal folget de âld-koaifjochter Elwood Dalton, in tramtearre man dy't efterfolge wurdt troch syn ferline. Hy wurdt as útsmiter ynhierd troch de eigneresse fan in roadhouse yn 'e Florida Keys dat lêst hat fan rûch folk en fandalen. It liket in ienfâldich baantsje, mar der blykt mear efter te sitten. Road House waard foar it earst fertoand op it filmfestival South by Southwest. Fan 'e filmkritisy krige de film oer it algemien positive resinsjes. Road House waard net yn 'e bioskopen útbrocht, mar útslutend foar streaming fia Prime Video. Anno 2026 is der in ferfolchfilm yn produksje.
Plot Elwood Dalton, in koaifjochter dy't ienris boppe-oan de kompetysje stie yn it Ultimate Fighting Championship (UFC), is no oan legerwâl rekke. Hy fertsjinnet syn jild yn in yllegaal sirkwy fan ûndergrûnsk organisearre fjochtpartijen wêrby't leafhawwers fan sokke dingen gokke kinne op 'e útkomst. Nei in gefjocht wêrby't er gjin klap hoegde út te dielen om't syn tsjinstanner nei ien blik op him de handoek yn 'e ring goaide, wurdt er op in nachtlik parkearterrein benei kommen troch in swarte frou. Sy stelt har foar as Frankie en seit dat se in nachtklub yn 'e Florida Keys hat dêr't omreden fan oanhâldend geweld driuwend ferlet is fan in feardige útsmiter. Oft Dalton dy taak ek op him nimme wol. Dalton slacht har oanbod beleefd ôf, mar Frankie stiet derop om him har kontaktgegevens te jaan foar it gefal dat er fan gedachten feroaret. Letter dy nachts beslút Dalton by it oerstekken fan in spoarline syn auto oerdwers op 'e rails te parkearjen wannear't der in trein oankomt. Op it lêste momint betinkt er him en by de dea om 't ôf wit er libben fuort te kommen. Neitiid sjocht er it bryfke fan Frankie op it dashboard fan syn total loss rekke auto lizzen en beslút er dochs mar ôf te reizgjen nei Floarida.
Dalton nimt de bus nei Glass Key, in eilân foar de súdkust fan it Floaridaskiereilân. Nei it útstappen wurdt er daliks oansprutsen troch Charlie, in ekstrovert swart teenagefamke dat foar neat en nimmen bang is en yn 'e mande mei har heit Stephen fuort by de bushalte in boekhannel runt. Sy wize Dalton de wei nei Frankie har nachtklub, in âld roadhouse dat ienfâldich wei It Road House hjit. Dy jûns weeft er dêr handich ôf mei in fiifkoppige motorbinde ûnder lieding fan 'e bretale mar neat te snuggere Dell, dy't by de konfontaasje in harsenskodding oprint. Syn maten hawwe in ferskaat oan ferwûnings, wêrûnder in brutsen earm en kniesde ribben, dat Dalton, dy't de slaanderij net persoanlik opfettet, lient Frankie har auto om 'e hiele ploech nei it pleatslike sikehûs te riden. Dêr komt er yn 'e kunde mei de dokter Ellie, dy't net botte entûsjast is oer Dalton syn manear om har oan klandyzje te helpen.
Werom yn 'e nachtklub praat Dalton mei Frankie ôf dat er fergees yn in âld boat yn 'e pleatslike jachthaven ferbliuwe kin. De boat hat Frankie, krekt as de nachtklub, urven fan har omke, en it ding hat sadwaande krekt sa'n orizjinele namme: De Boat. Frankie warskôget Dalton om op te passen foar in skerpsnútkrokkedil dy't de jachthaven ûnfeilich meitsje soe, mar Dalton hâldt dat foar in grap. Dy nachts hat Dalton in nachtmerje yn 'e foarm fan in flashback nei it barren dat in ein makke oan syn koaifjochterskarriêre.
Yn 'e folgjende dagen traint Dalton de fêste útsmiter Billy en teffens nimt er in kollega foar Billy oan, dy't Reef hjit. (Sels is er mar foar fjouwer wiken oannommen troch Frankie, foar $5.000 de wike.) Op in jûn as Dalton nei slutingstiid weromrint nei syn wenboat, besiket Dell him op in brêge dea te riden mei in pick-uptruck. Dalton rint dêr inkeld in wiet pak en wat blauwe plakken fan op, mar as er neitiid by syn boat arrivearret, wachtet Dell him dêr op mei in jachtgewear. De suffert lit him lykwols op 'e ûnnoazelste manear ôfliede, dat Dalton ûntwapenet him. Dêrnei folget in fjochtpartij wêrby't Dalton Dell op in stuit oerboard slacht. Dat liedt ta in ympasse, mei't Dalton him wol wer út 'e jachthaven wei opfiskje wol, mar net as er noch fierder fjochtsje wol. Dell, oan 'e oare kant, wol Dalton noch altyd fermoardzje, mar om dat doel te berikken moat er earst wer oan board sjen te kommen. Ear't de beide mannen in útwei út dy sitewaasje betocht hawwe, dûkt de krokkedil op dêr't Dalton foar wârskôge hie en skuort Dell mei nei in ûnderwettergrêf.
Neitiid bliuwt Dalton mei wat fragen sitten. Under it gefjocht hat Dell glûpe litten dat it him net om Dalton persoanlik te dwaan is, mar om It Road House. Op basis dêrfan begjint Dalton te fermoedzjen dat it by de swierrichheden mei de nachtklub net giet om sinleas geweld en fandalisme troch dronkene klanten en in pleatslike motorbinde dy't him jilde litte wol, sa't him troch Frankie foarspegele is. De oare deis besiket er Frankie dêroer út te hearren, mar sy hâldt út dat se net wit wêr't er it oer hat. Letter wurdt Dalton opwachte troch in pear poatige keardels dy't him hjitte om by har yn 'e auto te stappen om't harren baas Ben Brandt him sprekke wol. Dalton betanket dêr freonlik foar, en as ien fan harren in pistoal lûkt om him mei te bedrigen, lit er sjen dat in pistoal inkeld in funksjoneel wapen is as men gjin brutsen tomme en wiisfinger hat. Nei dy lytse demonstraasje beslút de oare keardel dat it om him sa wol takin.
De folgjende deis ferskynt Ellie by de âld boat fan Dalton mei in speedboat dy't se liend hat fan in âlde frijer fan harrens mei wa't se befreone bleaun is. Se nimt Dalton mei nei in rif yn see dêr't minder as in meter wetter stiet en set dêr in pear klapstuoltsjes en in parasol op. Troch Ellie har dwaan en litten ûntdekt Dalton ynienen dat se op in ôfspraakje binne. Hy warskôget har dat se dit net wol, dat der dingen binne dy't se net oer him wit, en freget har him wer thús te bringen. Mar Ellie seit dat se op 'e Florida Keys ek ynternet hawwe, en dat se wit wa't hy is en wat er dien hat. Dêrnei begjint se him te tútsjen.
Nei't er oan 'e ein fan 'e middei wer thúsbrocht is, wurdt Dalton opwachte troch in pear helpsheriffs, dy't sizze dat de pleatslike sheriff him te wurd wol. In fuortfarrende Ellie sjocht hoe't er by de mannen yn 'e auto stapt. De sheriff fan Monroe County, dy't himsels foarstelt as "Big Dick", freget Dalton om syn amtsgebiet te ferlitten om't er hjir net wolkom is. Dalton lit him lykwols net sa maklik ferjeie. Dêrop wurdt er tsjin 'e grûn wurke en begjinne in pear helpsheriffs op him yn te wâdzjen, mar hy wurdt rêden troch in mei gillende bannen arrivearjende Ellie, dy't de sheriff in klap yn it gesicht jout en mei Dalton yn har auto wer fuortriidt. Op 'e weromweis nei de jachthaven leit se út dat de sheriff har fan har ferfrjemde heit is. De reden fan harren ferfrjemding is dat er korrupt is en yn it ferline wurke foar in pleatslike sakeman dy't Brandt hjit. Dyselde hie syn rykdom en ynfloed te tankjen oan syn hannel yn drugs. Op it stuit sit er lykwols in lange finzenisstraf út yn it tichthús. Syn saaklike belangen, sawol legaal as yllegaal, binne op 't heden yn 'e hannen fan syn soan, Ben Brandt, foar wa't har heit no blykber yn 't spier is.
Underwilens skillet Brandt sr. út it tichthús wei de psychopatyske fjochtersbaas Knox op, dy't er freget om nei Glass Key te gean en dêr regaad te meitsjen, om't syn soan der in potsje fan makket. Dy jûns komt Ben Brandt nei It Road House ta, dêr't er Dalton narret mei syn ferline. Einlings en te'n lêsten komt oan it ljocht wat der no eins bard is om in ein oan syn karriêre as koaifjochter te meitsjen. Yn in ôfladen fol stadion naam er it op tsjin in maat fan sines. Syn maat liek te winnen, mar op 't lêst ferlear Dalton syn selsbehearsking en sloech er syn maat dea. Dy trageedzje efterfolget him oant hjoed de dei ta en hat him foar it libben tekene. Foar Brandt oer hâldt Dalton himsels lykwols goed yn 'e hân. Dêrop jout Brandt oan syn mannen, no fuortsterke troch Knox, it frij om har út te libjen op 'e nachtklub. De hiele boel wurdt koart en klien slein en Billy bedarret yn it sikehûs. Dalton fjochtet mei Knox, yn wa't er immen moetet dy't him belykje kin of mooglik sels in bettere fjochter is as hy. De slaanderij einiget as Knox him út 'e nachtklub slacht en in bûnt en blau sleine Dalton geandefoets fuort giet.
Frankie komt him efternei en jout dan einlik ta dat der yndie mear efter it geweld yn har nachtklub sit as dat se him ferteld hat. Ben Brandt wol op Glass Key in grut hotel-resort bouwe en sy is de iennichste fan 'e pleatslike ûndernimmers dy't him de grûn net ferkeapje wol dêr't er syn each op falle litten hat. Dalton fertelt har dat er syn nocht hat en dat se mar in oar sykje moat om it smoarge wurk foar har op te knappen. Sy freget him oft er som benaud is, dat er him fuortjeie lit, en hy antwurdet dat er yndie benaud is, spûkbenaud. Pas letter docht bliken dat er net benaud is foar Brandt en Knox-en-dy, mar om't er wit dat er op 'e nij folslein syn selsbehearsking ferlieze kin as er ta it uterste dreaun wurdt.
Mei syn bagaazje by him bejout Dalton him nei de bushalte, dêr't er sjocht dat it boekhanneltsje fan Charlie en har heit útbaarnd is. Earder hiene in pear trewanten fan Brandt him dêr sjoen, dat Dalton begrypt fuortendaliks dat Charlie en har heit it slachtoffer wurden binne fan ferjilding tsjin him. Fan 'e brânwacht, dy't noch by it pân oanwêzich is, heart er dat Charlie en har heit yn it sikehûs behannele wurde foar lichte ferwûnings. It is net maklik om Dalton echt lulk te krijen, mar no is it Brandt-en-dy dochs slagge. Hy lit de bus sûnder him ôfsette en giet nei de filla fan Brandt ta om ferhaal te heljen. Dêr treft er Vince, dy't nei de dea fan Dell de lieding oer Brandt syn trewanten oernommen hat. Dyselde freget oft er no einlings en te'n lêsten begrypt dat er hjir net winske is no't de boekhannel fan 'syn lytse freondintsje' platbaarnd is. Dalton slacht him op 'e kiel, dat syn tongbonke brekt en syn luchtpiip platteart, mei as gefolch dat er stikt. Moe, in oare trewant fan Brandt, dy't al dwaande is syn spul gear te fandeljen om earnewêr oars in feiliger baan te sykjen, fertelt Dalton dat Brandt de moarns om fiif oere in lading kontant jild ferwachtet dat er foar syn kontakten yn 'e ûnderwrâld wytwaskje sil fia de bou fan syn hotel.
Dat, de oare moarns om fiif oere is Dalton op it ôfsprutsen plak foar de oerdracht, dêr't er de helpsheriff dy't it jild yn ûntfangst nimt bewusteleas slacht en it lykje lit as is dy man dejinge dy't Vince deamakke hat. Sels pykt Dalton út mei it jild. Hy kriget op syn boat al rillegau de sheriff op besite, dy't him smeekt om him te helpen. Ben Brandt hat nammentlik Ellie gizele, en driget har te deadzjen as de sheriff der net foar soarget dat er syn koffer mei jild weromkriget. Dalton stelt de speedboat fan Ellie har eks, dy't er follaadt mei eksplosiven út 'e filla fan Brandt. Hy fart dêrmei nei it lúkse katamaranjacht op iepen see dêr't Brandt ornaris tahâldt. De sheriff is dêr ek en dy fertelt him smeulsk dat er der moai ynrûn is: Brandt hat Ellie hielendal net gizele. Brandt sels seit lykwols dat hy dat bûten it meiwitten fan 'e sheriff om wol deeglik dien hat, ta konsternaasje fan 'e sheriff. Dalton seit dat it eins neat útmakket, want hy hat it jild dochs net by him.