De Sint-Martinustsjerke is in oan Sint-Marten wijde tsjerke yn 'e Belgyske stêd Gint. De tsjerke stiet yn 'e wyk Ekkergem en is ien fan 'e âldste parochytsjerken fan Gint. De tsjerke wurdt foar it earst neamd yn in oarkonde fan Lotarius út 966.

Bouwskiednis De hjoeddeiske Sint-Martinustsjerke is in goatyske halletsjerke mei in dwersskip út de sechstjinde iuw. De foargonger wie in romaanske tsjerke. Resten fan 'e âlde romaanske tsjerke binne noch werom te finen yn 'e basis fan 'e tsjerke, fan it dwersskip yn Doarnikske kalkstien en it ûnderste part fan 'e krusingstoer. It boppeste part fan 'e toer, boud fan Balegemske stien, en de spits stamme út de jierren 1502–1509.

thumb|left|Ynterieur. Lykas oare Gintske tsjerken hat ek de Martinustsjerke swier te lijen hân fan 'e Byldestoarm. Tusken 1577 en 1578 waard de tsjerke slim skeind. Yn 'e 17e iuw waard it gebou wer opboud. It haadalter is fersierd mei it skilderij De Opstanning fan Kristus fan Gaspar de Crayer. Der hingje noch fjouwer oare wurken fan 'e selde skilder yn 'e tsjerke.

In houten spitsferwulft oerdekt it stiennen ferwulft fan it haadskip en stamt út 1875. Fan 1903 oant 1907 waard de tsjerke yngreven restaurearre troch de Gintske arsjitekt Modeste de Noyette.

De skeve toerspits Minsken dy't wat oer dizze tsjerke witte, fertelle faak it ferhaal dat de arsjitekt himsels tekoart die troch him fan 'e toer te smiten, om't it him net slagge de toer rjocht te krijen. Nei alle gedachten is dat in leginde, lykas dy ek ûntstien is by de tsjerke fan Verchin yn Frankryk om dizze nuverichheid te ferklearjen.

In oar ferhaal dat de skeve toerspits ferklearje moat, is dat de abt fan 'e Sint-Bavo-abdij yn Gint balken levere hie dy't net genôch drûge wiene. Dy waarden foar it opknappen fan 'e toer brûkt, wêrtroch't de houten konstruksje by it drûgjen krom lutsen ûnder druk fan 'e meastentiids westewyn. In oar ferhaal ferklearret de skeve spits troch swier waar en it ynslaan fan 'e bliksem op 'e toer.

Oargel Yn 1843 bouden Pierre van Peteghem (jr.) en syn soan út Gint in nij ynstrumint yn in besteande, âlde oargelkas. Yn 'e jierren 1886–1888 waard in nij oargel boud troch Jacobus-Philippus Forrest út Roeselare yn in nije oargelkas, mar mei it behâld fan in grutte hoemannichte fan it âlde Van Peteghem-piipwurk.

Yn 1904 waard it oargel opknapt troch J. Deprez út Gint, en yn 1913 folge in ferbouwing en restauraasje troch it Doarnikske oargelbedriuw Delmotte. Sûnt 1926 waarden it ûnderhâld en de reparaasjes útfierd troch de firma J. Anneessens út Menen; dat bedriuw sette yn 1927 in elektro-fentilator en ûnderhold it ynstrumint oant de Twadde Wrâldkriich.

Yn 1984 waarden in pear registers út it oargel helle en troch J. Bruggeman út Marke by Kortrijk ferwurke yn in nij koeroargel. Sûnt dy tiid is it oargel op 'e kreake bûten gebrûk.

Sjoch ek Sint-Baafskatedraal (Gint) Sint-Niklaastsjerke (Gint) Sint-Michaeltsjerke (Gint)

Kategory:Bouwurk yn Gint Kategory:Tsjerkegebou yn it bisdom Gint Kategory:Roomsk-katolyk tsjerkegebou yn Belgje Kategory:Bouwurk út de 16e iuw