De ape-earn, ek wol Filipynske ape-earn neamd (Pithecophaga jefferyi), is in grutte, krêftige rôffûgel dy't libbet yn 'e tropyske reinwâlden fan 'e Filipinen. De fûgel libbet foar it grutste part yn 'e kroanen fan 'e beammen en sweeft tusken de beamtoppen op syk nei syn proai. It is de nasjonale fûgel fan 'e Filipinen, dêr't er yn it Filipynsk Haring Ibon ('Kening fan 'e Fûgels') neamd wurdt. De soarte wurdt yn syn bestean earnstich bedrige. Dat de fûgel tige ferburchen libbet, docht wol bliken út it feit dat it alderearste nêst earst yn 1963 ûntdutsen waard.

Nammejouwing De soarte waard yn 1896 ûntdutsen troch de Britske ornitolooch John Whitehead. Hy stjoerde de fûgel mei in koarte beskriuwing nei it Natural History Museum mei it fersyk om de earn nei syn heit, Jeffery, te ferneamen (wat de soartnamme jefferyi ferklearret). De earste jildige wittenskiplike beskriuwing waard opsteld troch de Britske museumkonservator William Robert Ogilvie-Grant.

Beskriuwing thumb|left|Kop. De ape-earn is ien fan 'e grutste en machtichste earnen fan 'e wrâld. De fûgel kin, ynklusyf syn sturt, likernôch 1 meter lang wurde en in gewicht fan sa'n 6 kg helje. De spanwiidte is sawat 1,9 meter. Lykas by in soad oare rôffûgels binne wyfkes trochstrings in slach grutter en swierder as mantsjes.

It uterlik is tige karakteristyk: de kop is fersierd mei in opfallende túf fan lange, brune fearren. Oan 'e boppekant is de earn brún fan kleur, wylst syn ûnderkant hielendal wyt is.

Ferspriedingsgebiet en biotoop De ape-earn is in echte boskfûgel mei in beheind ferspriedingsgebiet. Hy komt allinnich noch foar op fjouwer Filipynske eilannen: Luzon, Leyte, Samar en Mindanao. Syn biotoop bestiet út it oarspronklike, ûnoantaaste reinwâld mei in soad plankwoartelbeammen (Dipterocarpaceae). De fûgel hâldt him sawol yn it leechlân as op steile hellings op, oant op in hichte fan wol 1800 meter boppe de seespegel.

Ekology en hâlden en dragen Hoewol't de namme oars tinken docht, libbet de fûgel net allinnich fan apen. Syn wichtichste fiedselboarne bestiet út hûdfleaners, lykas de Filipynske fleanende kat. Dêrnjonken jaget er op sivetkateftigen en apen, en pakt er bytiden ek slangen of grutte fûgels lykas noashoarnfûgels en krieën. Ofhinklik fan it oantal proaien yn in gebiet hat in pearke yn it wyld likernôch 4000-11000 hektare bosk nedich. thumb|left|Nêst. De ape-earn is monogaam; in pearke bliuwt harren hiele libben byinoar. Se briede mar ienris yn 'e twa jier, meastentiids yn septimber en oktober. It nêst wurdt heech yn in beamtop boud, likernôch 35 meter boppe de grûn. It wyfke briedt it iennichste aai yn 58 oant 60 dagen út. Dêrnjonken wurdt it jong noch fjouwer oant fiif moannen troch de âlden op it nêst fersoarge. Sels nei't it jong útflein is, kin it wol oant 17 moannen ôfhinklik bliuwe fan 'e âlden foardat it pearke oan in nij briedseizoen begjint. It duorret 5 oant 7 jier foardat in jonge fûgel geslachtsryp is.

Yn finzenskip kinne de fûgels tige âld wurde. Fan ien eksimplaar is bekend dat dy de âldens fan 42 jier helle.

Status en bedriging De earnen steane as krityk bedrige (Critically Endangered) op 'e Reade list fan 'e IUCN. De kâns op útstjerren is grut troch it beheinde ferspriedingsgebiet en de lytse populaasje. Yn 2013 rûsde BirdLife International it tal fûgels yn it wyld noch mar op 250 oant 750 yndividuen, en de oantallen rinne noch jimmeroan tebek.

Der binne gewoanwei te min fûgels oer om in sûne basis te foarmjen. It feit dat in pearke mar ien jong yn 'e twa jier grutbringt, makket werstel fan 'e populaasje tige dreech. De fruchtberens fan 'e fûgel wurdt mooglik noch fierder ferlege troch it brûken fan gemyske bestridingsmiddels dy't troch de proaidieren yn 'e earnen belânje, al is dêr noch gjin hurd wittenskiplik bewiis foar.

De wichtichste oarsaak fan 'e delgong is it habitatferlies. It tropysk reinwâld ferdwynt yn heech tempo troch de waaksjende Filipynske befolking en de dêrút folgjende houtkap en lânbou. Dêrnjonken wurde der ek in soad fûgels slachtoffer fan streuperij.

Op it eilân Leyte wie de soarte mooglik al hielendal útstoarn, mei't der gjin earnen mear sjoen wiene nei't de swiere orkaan Haiyan (Yolanda) yn 2013 de bosken dêr folslein ferrinnewearre hie. Om de populaasje op Leyte te rêden, hat de Philippine Eagle Foundation yn juny 2024 in projekt opset om nije earnen út te setten. Twa opfangfûgels fan it eilân Mindanao — in mantsje mei de namme "Uswag" en in wyfke mei de namme "Carlito" — waarden mei in stjoerzender útrist en op Leyte loslitten. It projekt krige in swiere tsjinslach doe't it mantsje letter dea yn see fûn waard; ûndersikers tinke dat er troch de wyn út de koers blaasd en ferdronken is. It wyfke Carlito wie letter dat jier (yn oktober 2024) noch wol yn libben en die it goed mei it jeien.

Finzenskip thumb|left|Fûgel yn Davao. Der is gjin grutte populaasje fan 'e ape-earn yn Europeeske dieretunen, mar Europeeske saakkundigen fan Zoo Liberec út Tsjechje (dy't bekend stiet om harren lange ûnderfining mei it fokken fan grutte rôffûgels) en fûgel-eksperts út Spanje wurkje nau gear mei de Philippine Eagle Foundation (PEF) yn Davao City, dêr't fûgels yn finzenskip fokt wurde. It sintrum besiket mei spesjale fokprogramma's nije piken grut te bringen foar weryntroduksje yn it wyld. It fokken fan 'e grutte ape-earn yn finzenskip is lykwols ekstreem dreech om't de fûgels mar ien aai yn 'e twa jier lizze en it sperma yn it hite, tropyske klimaat hiel fluch stjert. Mei help fan Tsjechyske en Spaanske eksperts, dy't workshops en trainingen organisearren foar it Filippynske personiel, is der begjin 2026 in wichtige trochbraak berikt. Foar it earst yn trettjin jier tiid is der troch keunstmjittige ynseminaasje in pyk (mei de namme Bayani) suksesfol út it aai krûpt en grutbrocht. Europeeske dieretunen leverje in krúsjale bydrage oan 'e medyske en biologyske kennis dy't nedich is om de soarte yn finzenskip te fermannichfâldigjen.Radio Prague International (2026): Czech experts help breed Philippine eagle chick for the first time in 13 years,

Keppeling om utens Phillipine Eagle Foundation

Kategory:Ape-earn Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen