300px|thumb|De Nije Tsjerke yn Emden, gearkomsteplak fan 'e Coetus fan 'e grifformearde predikanten fan Eastfryslân De Coetus (Latyn foar gearkomste, moeting) fan 'e grifformearde predikanten fan Eastfryslân is de gearkomste fan predikanten. It wurdt beskôge as de âldste predikanteferiening yn 'e Evangelyske Tsjerke yn Dútslân (EKD). Op it stuit hat er tusken de 60 en 70 leden.Emder Zeitung fan 11 maaie 2009: Bibliothek lehnt Referenten ab: Tagung muss umziehen It gearkomsteplak is de Nije Tsjerke yn Emden.
Skiednis De Coetis fan 'e grifformearde predikanten fan Eastfryslân waard yn 1544 oprjochte troch teolooch Jehannes a Lasco. Lasco wie sûnt 1542 superyntindint yn Eastfryslân. It lân wie ferparte yn in kalvinistysk westlik part en in luthersk eastlik part, dat oant doe foar it grutste part sûnder politike lieding wie.
Boppedat wie der justjes nei de Reformaasje noch gjin regele oplieding foar protestantske teologen, dy't benammen út katolike preesters bestiene dy't harren ta it nije leauwe bekeard hiene. Dêrnjonken wiene dêr ek selsbeneamde predikanten dy't oanrekomandaasjebrieven fan oare gemeenten foarlizze koene.
Lasco sette útein mei it útfieren fan fisitaasjes en gean nei as de predikanten werklik wier it goede leauwe oanhongen. Dêrta stifte er yn 1544 de Coetus as gearkomste fan alle predikanten fan de hiele tsjerke. Oant 1590 hearden ek de lutheranen ta de Coetus. Dêr moast de ienheid fan 'e lear wiermakke wurde, benammen wat it nachtmiel oanbelange.www.archiv-heinze.de/parochie/holte/coetus/coetus.html Dat slagge lykwols net op 'e lange termyn. Sûnt 1590 waard de Coetus in gearkomste fan allinnich grifformearde predikanten, dochs it hie gjin jurisdiksje. As soksoarte organisaasje bestiet er oant hjoed-de-dei ta.www.reformiert-info.de/260-0-37-5.html
Ynearsten wiene de wyklikse gearkomsten op ferskate lokaasjes, oant it Emder Gasthauskammer yn it eardere Fransiskaner kleaster in fêste gearkomstelokaasje waard, en letter de Nije Tsjerke yn Emden. De byienkomsten wiene fan de earste tiisdei nei Peaske ôf, troch de simmer hinne oant de tiisdeis nei de hjeldei fan Sint-Michael. Under Menso Alting joech de Coetus himsels yn 1576 in nije oarder, dy't de Coetus as tsjerklik bestjoersorgaan op presbyteriaansk-synodale basis foarseach. Ferskate lutherske predikanten en greve Edzard II ûndertekenen de nije oarder lykwols net, itjinge de ûntwikkeling fan twa konfesjonele tsjerken yn ien gebiet befoardere.Smid: Ostfriesische Kirchengeschichte. 1974, siden 213. Op 3 juny 1583 ferbea greve Edzard de Coetus, dy't ûnder syn grifformeard gesinde broer Jehan II lykwols fuortset waard yn syn amten Lier en Stickhausen en yn it amt Greetsiel. Nei it ferstjerren fan Jehan II yn 1591 skafte Edzard de Grutte de Coetus yn gâns Eastfryslân ôf en besocht er syn gebiet foar de lutherske tsjerke te winnen, dat lykwols allinnich ta fierdere polarisaasje fan de twa konfesjes late. Yn de konkordaten fan Emden fan 1599 waarden de grifformearde en de lutherske leauwensbelidenis as lykweardich erkend.Smid: Ostfriesische Kirchengeschichte. 1974, siden 255–268.
Literatuer Ernst Kochs, Diddo Wiarda: Erbe und Auftrag – 450 Jahre Coetus der evangelisch-reformierten Prediger und Predigerinnen Ostfrieslands. Sollermann, Lier 1994, ISBN 3-928612-15-8. Menno Smid: Ostfriesische Kirchengeschichte (= Ostfriesland im Schutze des Deiches; 6). Selbstverlag, Pewsum 1974.
Kategory:Emden Kategory:Eastfryske organisaasje Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1544